BY IN FOTO FAN 1925, DOE’T SLAUERHOFF

BY IN FOTO FAN 1925, DOE’T SLAUERHOFF SYN
EARSTE GRUTTE REIS MEITSJE SOE
 
Al Leechlâns jong poëtendom is dit,
Feriene yn in wûnder sprekkend byld.
– Foarenoan de haadpersoan, in nuver bern,
Noch ûnbedimme, grut fan mooglikheid:
De oseaan foar ’t waad; Sina en ’t East
Foar Hollâns efterlân en smel bestean.
Dan Holst, in wizere mei djip ferstean,
As wa? In jonge heit, in freon; mei him
Hjir each yn each, it midden fan de ring.
Dan Marsman as op springen, flits en flam
Troch nacht en wacht. Dochs Hollân nei as ien;
Mar, o ‘de frezen binne sûnder tal’.
Dan Bloem, in stiller gast; Sint Nikelsgea
En Dapperstraat, bliuwt it it selde net?
Deselde wolken skowe ’t loftrom oer,
Om d’ iens’me giet it selde wyngeroft.
De oaren binn’ sa nei my net; ik neam
De seeman noch, op Grinzer koaster thús,
Mar sjonger ek fan Spaanske Maria.
De broer is út it Fryske noarden komd;
In heit dêr jinsen dreamt Napoleon.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *