AL MYN LICHTE FREUGDEN

AL MYN LICHTE FREUGDEN

 
Al myn lichte freugden trilje
Yn de greide’ weevjend blomt’,
En op bloeisels swiete roke
Alle lok en langstme komt.
 
Blanke freugden, fiere langsten,
Wente is net as alear,
En myn leaven mei’ net komme
As nei eigen djip begear.
 
O, myn sielkes, ’t moed is sonken,
’t Hert fan tidene neden swier,
En de flinters, tear bewjokke,
Hawwe yn ’t neare hûs gjin tier.
 
En de bûnte, blide rige
Wurdt as blommeweevjen wei,
Mar yn ’t hert bliuwt fan har skynsel
Glim fan swiete mimer nei.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *