Tankwurd Obe Postma foar Gysbert Japicxpriis

Utrikking Gysbert Japicxpriis 10 okt. 1947

Deputearre Steaten fan Fryslân stelden yn 1947 foar literatuer de Gysbert Japicxpriis yn. De earste dy’t him krige, wie Obe Postma. De priis waard him útrikt op 10 oktober 1947 yn it stêdhûs te Boalsert. It tankwurdsje fan Postma is bewarre bleaun en falt hjir te hearren. Hy seit dêr oer de poëzy dit:

 

“Ja, wat is de wearde fan de poëzij? De poëzij, en dan yn it bysûnder de lyryske, soe men neame kinne de keunst om yn in koart bestek op in wize dy’t meinimt de essinsje fan it minsklik gefoelslibben by elkoar te bringen.”

Mei tank oan Tresoar, dat de oarspronklike opname hat.

(Klik op de startknop om de taspraak te beharkjen)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *