Postma oer Jolm fan G.N. Visser

Yn it lûdsargyf op Tresoar sit in stikje fan Postma oer de fersebondel Jolm fan G.N. Visser. It sil makke wêze op 27 febrewaris 1949, doe’t de RON opnamen makke fan it symposion dat De Tsjerne dy middeis yn kafee-restaurant De Griene Weide te Ljouwert hold. Neffens de oankondiging yn de Ljouwerter Krante soenen in stik of sân literatuerleafhawwers it petear ynliede. Ien fan har hat dus Postma west. Hy hie him frij kritysk útlitten oer de bondel. Op fersyk fan de redaksje fan De Tsjerne hie er nammentlik syn betinken oer de jongere Fryske dichters jûn en ferlykjend mei Ta de moarn fan R.P. Sybesma behalve Jolm ek Lunchroom fan J.D. de Jong behannele. Dat wie of waard publisearre yn De Tsjerne 1949, 65-70. Wat er dêr skriuwt, fettet er yn dit lûdsfragmint sa’n bytsje gear. Blykber krige elk de gelegenheid om yn ien minút syn miening te jaan. Oerjefte, wat er hjir by Visser synjalearret, sprekt er yn syn gedichten ek wol fan. Mear as ien kear hjit it dat him eat jûn is of hopet er dat it him jûn wurde mei. De kombinaasje hjir mei frommens hat er ek yn it gedicht: Doe’t ik in lêste dicht oangean woe (SF 277), dat fan 1941 is:
En alles komt: âld’ ieuwene libbensstream,
– Eat oars as ’t spreukespul wêrmei de rinders gean;
Allinne fromme oerjeft’ komt har nei;
Is fier ferrûn, mar sil as wy bestean.
En ek tinkt men oan de bekende rigels: O, en faaks is it eat fan de dream fan de fromme/ As er de ingels har blanke wjokken iepen tearen sjocht (SF 376; 1951).

Postma seit dit:

Ien minút foar Jolm
En dat is no krekt de Fryske fersebondel dy’t it lestichst te beoardieljen is.
Foar in grut part is it ultramodern, alles oandoarend en it ûnsjogge net mijend. 
Mar yn inkelde fersen is der ek frommens en oerjefte.
Sa binne der ek mar inkelde moaie fersen yn it gedicht, mar mear knappe.
Mar der binne ek fersen tusken, dy’t net moai binne en ek net knap.
Dêrta rekkenje ik bygelyks De learaar en It nudisteliet.
Ik kin dan ek net meigean mei wat ik earne lies dat Jolm in magistrale fersebondel wêze soe.
Der binne wol magistrale fersen by, en dat seit ek hiel wat, mar ek prullaria.

Beharkje hjir it fragmint troch op it startknopke te klikken.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Jolm.mp3{/play}

Beharkje ek de reportaazje oer G.N. Visser, mei Douwe Annes Tamminga, Fokke Sierksma, Obe Postma, Ypk fan der Fear en Jan Wybenga, makke troch Geart de Vries yn 1988 foar Omrop Fryslân.

PHB (mei tank oan Tsjisse Hettema fan Tresoar foar it attindearjen)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *