Muzyk en sang Joop Verbeke

Joop VerbekeUnder de komposysjes op gedichten fan Postma rinne dy fan Joop Verbeke derút. Verbeke (Ljouwert 1930-1997) wie fan syn fak learaar Dútsk en skei- en natuerkunde, mar hat dêrneist ek altyd jazz-pianist west en sels muzyk makke. Nei de HBS hat er earst in skoft rûnom yn it noarden spile, mar ek wol foar de Amerikaanske soldaten yn Garmisch-Partenkirchen. Ear’t er in eigen kombo foarme, wie er pianist by it Dûnsorkest Martin Vijver en pianist en komponist by it Selskip fan Rients Gratama en it Selskip Leo en Leny Dykstra. Ek hat er pianist en letter ek noch in pear jier dirigint fan de ‘Big Band Leeuwarden 1973’ fan Jelle Buising west. Stadichoan hie er ûntdutsen dat syn hert útgong nei it komponearjen op gedichten. Dy gedichten socht er sels út, soms mei syn freon Jan Bylsma. Dizzen fan Postma hat er yn de jierren santich op muzyk set. Behalve Dit folk binne fan him ek ferskynd Poezie-album en Where I am going, dat lêste mei sang fan de jazz-sjongeres Elly May.

Op Dit folk steane neist lieten op gedichten fan oaren fiif fan Postma. Wy hawwe twa útsocht. Verbeke sjongt se sels. Hy spilet piano, syn broer Harry Verbeke as gast tenoarsaksofoan, Jan van Batenburg drums, Karst de Groot gitaar en Sjoerd van der Wal basgitaar. Opnametechnyk en miksaasje binne respektivelik fan Toine Mertens en Cees Bylstra. Dit folk hat de iennichste plaat west dy’t Lykle Jansma útbrocht hat.

Wy tankje Sjoerd Osinga foar de tip en foar it omsetten fan de plaat. En wy binne der bliid mei dat Wiep Verbeke en Foppe Jansma ús tastimming jûn hawwe om de lieten op it webstee fan it Obe Postma Selskip te setten.


In hjerstdei (SF 24)

De skippen sile oer ‘e blauwe see,
Har freon, de westewyn, bringt har te stee;
De hele kloft set op it suden ta,
De blanke seilen bolje en lûke sa.

It wetter weag’t him op en jout him yn
En dûnset yn ‘e kleare sinneskyn;
De weagen komme en batskje tsjin it haad,
De skippen geane stil har gledde paad.

De gânzen sjonge fan ‘e waad har liet,
In sang fan mannich dei, dy’t net fergiet;
De fiere himmel striel’t fan sulv’ren ljocht:
De hjerst hat hjoed syn moaiste jefte brocht!

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtV-01.mp3{/play}


 

It wie in dei fan reinen (SF 25)

It wie in dei fan reinen
De loft egaal en skier;
En ticht hong op ‘e ierde
It swurk fan wetter swier.

Wy sieten smûk en fredich
Op ’t stalhout by-inoar
En tochten net oan boartsjen
En fleanen bûtendoar.

It wienen moaie teltsjes
Dy’t Auk ferhelje koe!
Dêr’t folts mei nuv’re gongen
Syn dream yn stâle woe.

De mûskeblom foar ’t finster,
My tinkt ik rûk him noch,
En d’ âlde teltsjes geane
My wer de holle troch.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtV-02.mp3{/play}

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *