Lieten

Der binne yn de rin fan ‘e tiid nochal wat gedichten fan Postma op muzyk set. Wy wolle dêr graach in kar út meitsje en op it webstee opnimme. By gelegenheid sille wy dêr ek wurk fan meitsje. Underwilens noegje wy komponisten alfêst út om har wurk sels yn te stjoeren. Fan Pieter Bakker krigen wy muzyk op it gedicht ‘Op ‘e Suderdyk by Makkum’ (SF 105) út 1917. It gedicht docht yn ‘e fierte wat tinken oan ‘Teroele’ fan Piter Jelles. It soe bêst wêze kinne dat it Postma foar eagen stien hat. Hy koe Piter Jelles syn wurk goed. It is ús net bekend oft it ek op muzyk set is.

Op ‘e Suderdyk by Makkum (mezzosopraan en piano) (PDF)
Op ‘e Suderdyk by Makkum (mingd koar) (PDF)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *