Foardracht gedichten troch Jo Smit

Jo SmitDer binne hiel wat komponisten dy’t muzyk op lieten fan Postma makke hawwe en der is inkeld ek wolris ien dy’t nei oanlieding fan in rigel in komposysje makke hat. Dêrneist binne der foardrachten fan gedichten, ek fan de dichter sels! It liket ús maklik foar de leafhawwers ta as se in kar dêrút by elkoar fine kinne op dit webstee. Wy begjinne mei foardrachten fan Jo Smit mei pianobegelieding fan foar’t neist Carel Brons. It giet neffens freonlike meidieling fan Willem Beetstra om in opname foar de RON om 1950 hinne. Dat soe dan betsjutte kinne dat er fan 1947 is, doe’t Postma de Gysbert-Japicxpriis krige, of fan 1953, doe’t er 85 waard en tige huldige. De opname is oerlevere as skellakplaatsje. Louis Steeman fûn him op in rommelmerk. Hy hat ús tastimming ta publikaasje jûn.

(Under elk fers stiet in lûdsbalkje wêrmei’t de opname beharke wurde kin)

 


Freonen (SF 222)

Ik bin wat in stil en ienselvich persoan, mar dochs haw ik myn freonen wol.
It kin in kelner op in stasjon wêze of ien dy’t syn wurk op ‘e merk hat,
Of in oarenien, dêr’t ik wol ris in wurd mei wiks’le haw.
Ek binne der waans libben tichter by my west hat;
Ik sjoch har sa daagliks net, mar earne bewarje ik in laits of de druk fan in hân
En soms komme dy my wer tefoaren.
Ek wol ris bewarje ik in wurd. Sa haw ik yn jonge tiid in âldr’e freon hân,
En nei mannich jier brocht myn paad my oan syn hûs en ik neamde myn namme;
‘Myn P…’ hearde ik him doe sizzen, en dy wurden haw ik bewarre.

Der is net safolle foar nedich om freonen te hawwen;
Soms, as ik yn in doarpke oan ‘e seekant kom, binne der lju dy’t laitsje as hja my rinnen sjogge.
Dan tinke hja: dêr is dy rymker, dy’t fan Klaas en Keimpe rime hat
En fan âld Oetske, fan wyldsjitters en fiskerlju;
En hja binne my wol genegen.
En no ek, sa’t ik mar sleauwe dingen sis,
Kinn’ der minsken wêze, dy’t ik meinim, om’t hja it libben sels fiele,
Net opmakke as in byld, mar sa’t de siele it oanbringt.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-1.mp3{/play}


Ljochte dei (SF 286)

It lûkt my jimmeroan. In ljochte dei
Yn ‘e iere maartetiid: It nimt my mei –
Wêrhinne? ’t Hat gjin doel; in dichtersgong
Oer blide wegen en troch dagen jong.

Foar oeren, plôke fiere jierren oer,
Haw ‘k yn ‘e weach beheind gielgoerde djoer.
En noch; is mei de jeld it bloed ferskrield,
Ik wit har djip fan ‘e âlde gloed trochstrield.

Sa haw ik glâns dy’t ljochtsje en hoede kin,
As ik, âld swalker, my op ’t dicht besin.
En ealste skyn, dy’t oer de rigels falt,
Is fiere glim fan jonkheids dreamgestalt.

O wûnder stik! Wer libbet wat ferstoar.
Is it fergûn? It stiet as ’t hjoed my foar.
O siele, spegeljend ta klear bestean!
– Kin út der sielen’ siel dan eat fergean?

Wat namme mei it ha? ’t Is leafde en klacht,
It is de goede ierde’ rike dracht.
Fan lûd en ljocht is it de foarse stream,
Fan sprook en byld de himmelwide dream.

– De loft is klear. Nei alle siden út
Rinn’ wegen. Foarjier hat al nij gelút.
Lit hjoed noch siel’ har ierdsk ferhûgjen ha,
Moarn giet it beskate nei ’t ûneind’ge ta.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-3.mp3{/play}


Fryske fjouwerrigels III (SF 241)

Wat opdracht haw ik yn dizz’ libbensstream?
Myn krêften binne net dat ik se neam;
Gjin stiennen romme ik wei of oar obsteakel,
Myn lodwurk is in skôgjen en in dream.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-4.mp3{/play}


Sinneskyn (SF 197)

No sjonge de nije wegen,
De kleare himmel blinkt;
Ik nim myn ljochte stûne,
Wat ‘k mei my droech ferklinkt.

Fel strielet de griene skeante,
It stielen wetterflak;
En skrillich omswomme de einen
Har hûs mei it poppich dak.

Ik bin in âldeftich hearke,
Dat stapt troch it jonge park;
Dan effen in lichte ruter,
Dy’t grypt nei goadene ark.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-5.mp3{/play}


Yn maart (SF 216)

Hjoed wie it in dei!
Ik haw yn ‘e ûnderwâl sitten en de waarme sinne field en de soele sudewyn.
Ik haw de reidstâlen sêft hin-en-wer gean sjoen
En de michjes seach ik oer it wetter dûnsjen.
Ik haw de rûchskerne fan in boer rûkt en it lêste fan in kuilbult.
De jonges ljepten yn ‘e lânen en de elzen hongen sa fol katsjes!
Efter my hearde ik de auto’s oer ‘e dyk razen en it gûnzjen fan ‘e fytsbannen,
Mar ek it ratteljen fan in frachtwein fan Inglum of de Ryp.
Ik freesde noch foar in polysjeman, mar hy liet my yn myn wêzen.

Der binne minsken dy’t op ‘e grûn net rêste kinne;
Hja binne dêr te suver of te geastlik ta.
Ut ‘e grûn opkomd binne hja woechsen ta heger sfear;
Allinne it sân, it ûnfruchtbere, wolle hja kenne.
Mar ik wriuw de modderkluten fyn yn myn hannen
En effen moat ik tinke oan ‘e dichter en syn kerlen as rigels.
En oan Sjoerd Douwes en Jan Minnes en alle bodders yn opgong en delgong.
En oan ‘e godlike, wrede, aljaande ierde.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-6.mp3{/play}


Kwatrinen IV (SF 299)

Net jimmer hoecht in dicht nei’t iv’ge ta te rinnen,
Ek tichter by is dichters stof te winnen;
Dêr is de leaflikens fan ierde’ tún,
En ’t stille omgean fan wat deisk beminnen.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-7.mp3{/play}

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *