Foardracht gedichten troch Aly van der Mark

Aly van der Mark

Yn juny 2007 hat it Obe Postma Selskip in reiske nei Grins makke. Postma hat sa’n 40 jier yn de stêd Grins wenne en yn dy tiid hat er in protte gedichten skreaun oer plakken yn en om de stêd. Tidens dat tige slagge reiske ha ik gedichten fan Postma foarlêzen, dy’t sloegen op dy plakken. De “Fryske” gedichten pasten dêr doe net bij. No’t Jo Smit syn foardracht op it webstee kaam, hat de redaksje my frege om ek in pear gedichten foar te dragen en dy sels te kiezen. Dat binne sân wurden. By myn favoriten is ek ien dat yn Grinslân spilet.

Mei tank oan Sjoerd Osinga fan Drachten, dy’t sa freonlik wie de treflike opname te meitsjen.

Aly van der Mark

 


Mei de auto nei de trein (SF 166)

Foar memme doar stapten wy yn;
Wy wienen net sa moedich, rju dingen joegen ús soarch.
Mar rêstich naam ús sjauffeur de bochten
Fan it doarp-stêdsje en ear’t wy ’t wisten
Wien’ we oan ‘e seedyk.
De motor sette wat oan; hy spûn en snoarke
En soms effen rêchwipte de auto
As in streakjend poeske.
En foarby fleagen de húskes dy’t ik sa goed koe.
En foarby de pleatsen dy’t ik sa goed koe,
Mar no swijend en sûnder bewenners;
En foarby de greiden mei wat donkere winterskiep
En iepenbrutsen bou dêr’t seefûgels saaiden.
Ien mânske kob siet op ‘e reed;
Rotgânzen wienen der net,
Wêr soenen dy no har lieten sjonge?
O hoe deadsk is dat stille fjild, myn freonen hawwe my ferlitten!
Oan ’t ein noch effen boppe de see swaaie de libbene bazaltblokken,
Mar de auto kriemt.
En set ús del foar de trein fan 11 oere 11.


Te Harns (SF 218)

Goethe die in reis nei Italië en Rilke nei Ruslân,
En as in oar minske kamen hja werom.
Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west;
In oar minske koe ik net wurde, mar ik haw stien op it heechste fan ‘e bolwurkstún –
In jonge matroas siet op in bank en twa âlde kapteins kuieren it paadsje lâns.
Djip seach ik del op ‘e skippen yn ‘e stêdsgrêft en de beammen fan ‘e bûtensingel;
Ik rûkte de tarlucht en wol eat fan ‘e see – en alheel deselde bin ik net bleaun.
Ik haw de Noarderhaven sjoen en it Noardies; hoe rom wie it – en hoe âld!
De platanen fan ‘e Foarstrjitte wienen wat beknobbe, mar goed liken gelokkich de nije.

Dit wie de earste stêd, dy’t ik jong kennen haw;
Hjir kamen wy troch as wy mei Ypke nei Easterbierrum rieden,
En by Beitschat moasten wy oan.
De reade liuwen parearje noch by de brêge, mar Tsjerk Hiddes stiet as nije stiennen man oan ‘e havenkant.
Tsjerk Hiddes, Tromp, de Ruyter!
En wêrom hawwe hja de sifers 16 hûndert set op al dy moaie pakhuzen?
De haven leit ljocht en iepen mar op it havenplein hingje de swarte manlju om.
As wy omkeare hearre wy de Ato oer de strjitten razen.
Hollân! de see! de see!

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-02.mp3{/play}


Soene jo stjerre moatte as jo net dichtsjen mochten? (SF 259)

Ik wit net, Master, ik wit it net…
Miskien soe ik it noch wol effen úthâlde, as ik gjin oare krupsje krige.
Ik soe dochs wol jûns wat sitte meie en de âlde bylden foar my oprize litte?
Ik soe dochs wol it jonge ferskinen fêsthâlde meie,
En wêzen en laits wer foar eagen bringe?
Faaks soe ik wol effen perbearje meie hoe’t it klinkt as ik de wurden opsis?

En as ik sa yn tinzen wei de pinne opnaam en in pear rigels opskreau
Om my dan wer te betinken en troch te krassen en wer op ‘e nij wat wurden te siikjen.
Dat soene Jo dochs gjin dichtsjen neame?
En as ik dan sa’n fers makke hie – want och, sa soe it neamd wurde kinne –
En ik liet it mar yn it skrift stean dat gjinien it witte koe, Dan soe it ommers gjin dichtsjen hjitte;
En ik soe net dichtsje meie, en dochs in libben man wêze!

Mar sa’n fers wol nei de minsken ta,
Mei syn glâns, mei syn libben, mei syn sjongers-en-dûnsers-aard;
It wol mei yn ‘e rige yn blomsierde parken,
En effen in glim jaan yn donkere keamerromt’,
En soms wol it skrieme om droef ferlitten;
En as dat net mei…
– Mar it wie ommers mar sa’n frage!

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-03.mp3{/play}


Arbeidershûs (1940, SF 268)

Lang haw ik nei it arbeidershûs sjoen;
Hat ea in pleats my sa fêst hâlden?
Oan gjin dyk, oan gjin feart, stiet it midden yn ‘e greide.
It sil in dûbeld hûs wêze, mei de skoarstien yn it midden foar beide keamers.
(Ik haw heard dat der in lyts bûthúske efter is.)
De muorren binne wyt, it dak is read, sa as dy âlde huzen wol binne.
Eigentlik hat it neat besûnders; wêrom haw ik der sa lang nei sjen moatten?

Kin it wêze dat it keamersfinster seit:
‘Ik sjoch de greide; ik bin de greide.
Ik fang it ljocht op, it west-noardwesterske ljocht: beam net, noch blom net;
Fang it op foar keamer en bedskut.
No sjoch ik de weinen mei gers troch de lannen kriemen: foar myn boer, foar syn boer;
Mar earstdeis net oars mear as de frachtauto’s dy’t de grutte wei lâns fleane,
De grutte wei fan de Wearen nei Wûns.’
En myn eagen siikje de Wearstal.

Foarhús en keamer en in lyts bûthúske,
Wyt en read en in skoarstien yn it midden.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-04.mp3{/play}


De boerinne fan Surch (1900, SF 11)

De frou stiet op it boerehiem
Stil by de bûthúsdoar,
Yn sneinse swarte boerinneklean
Mei in bûnte skeldoek foar.

Har earizer blinkt yn ‘e sinne fier
Want it hiem leit heech en frij;
En beammen waachse net te Surch:
De see is te tichtebij.

’t Is sneintemiddei, de bern binn’ fuort
En kuierje oan ‘e seedyk,
De boer leit efkes op it ear:
Foar de frou allinne it ryk.

Dêr stiet hja no stil op it keale hiem
Bi in stokroas en goudsjeblom,
Dy har bern yn in túntsje noch opbrocht ha,
Mar dy haww’ it ek al net rom.

O dat hearlike grutte apelhôf
Alear by har âlders’ hûs,
Mei dy moaie hege abeeljenbeam
En blommen by de rûs.

Hja is no hast al in âld wiif
En hat al grutte bern,
Mar dan wurdt har it moed dochs fol:
Hja mei dy lânsdou hjir net sjen!

‘Dat jo dêr no noch om skrieme kinn’,
Dat is dochs de muoite net wurch,
Jo sa’n flink en warber boerewiif
Myn leave boerinne fan Surch.’

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-05.mp3{/play}


De parrebeam (1902, SF 19)

’t Wie foarjier, de parrebeam bloeide sa swiid,
Yn syn pronk fan wite blommen:
En de sudertwirkes boarten oer ’t gea,
Men fielde de simmer kommen.
It hôf wie fol swietrook en klear wie de loft,
Yn ‘e rûnte dûnse in bernekloft
Om ‘e parrebeam.

Ik tocht oan ús beppe, no lang al wei,
Dy sette de beam út in krútsje,
En gjin mem fersoarge har berntsje sa trou
As beppe, goe-minske, har sprútsje.
En no is har beam fan it hôf de pronk,
Dy moaier sjen wol, moat fier fan honk,
As ús parrebeam.

No boartsje de bernsbern om ‘e âlde beam,
De jonkheid yn gouden wille!
En it libben brûst ta de takken út,
As soe it fan bloeisel tille!
In wûnder sigen rint troch de stamm’
No’t hy it lije foarjier fernaam,
Us parrebeam.

O, it libben komt en it libben giet.
Op simmer sil winter komme!
En ‘e hjerstwyn nimt de blêden wei,
Mar it foarjier set yn blomme!
It hôf wie fol swietrook en klear wie de loft,
Yn ‘e rûnte dûnse de bernekloft
Om ‘e parrebeam.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-06.mp3{/play}


De kuier (1924, SF 177)

Tegearre gongen wy, myn jonge freon en ik,
It paad lâns, dat my leaf wie, troch it blide lân;
My lûkt syn bliere jeugd; wat hat yn my,
Ferbloeid, betard, macht op syn wêzen hân?

Gewillich joech er him no nei myn rêst’ge gong
En hâlde yn, wie ’t dat ik effen stie,
Om oan te tsjutten wêr ik ’t skiene wist
Want hy moast sjen, wat ea myn freugde wie.

Yn djipste pronk lei maitiids griene lân;
Fan fierens balt in ko; de froasken roppe sa;
It foarjier sjongt yn my syn machtich liet,
De blanke wei rint nei ’t ûneindige ta.

En nêst my klinkt de ranke, jonge stim,
Dy’t licht dan sjit foarút en dan wer keart,
En sjongt fan jeugd aloan; de blide sang
Fan wa’t gjin jeft’ as ’t libben sels begeart.

Him kin net wêze ’t foarjierslûd as my
In rop dy’t jonkheid jout oan ’t âld geslacht;
Mar ek foar him is liet en kleur en ljocht,
Al ’t kostlik spul fan maitiids iere pracht.

Sa gean w’ ús ljochte paad. Wa jout, wa nimt?
Oan ’t ein, wy stean en somje en roere net,
Mar haww’ gjin kar. Dan swijsum keare wy;
En yn my klinkt: dy nei is ’t jonge hert!

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/GedichtA-07.mp3{/play}

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *