Foardracht gedicht troch Obe Postma

Yn 1952 ferskynde der yn Milaan in lytse blomlêzing mei Fryske gedichten yn Italiaanske fertaling. It wie Poeti Frisoni, samle troch Giacomo Prampolini, dy’t sokke blomlêzingen ek fan oare talen makke hie. Der waard ek in lûdsopname fan de fersen makke. De noch libjende dichters droegen har eigen fersen foar. Fan Obe Postma waard it fers Ein (SF 223) opnommen en syn foardracht is hjir te hearren.

Mei tank oan Tresoar, dat de oarspronklike opname hat.

 


Ein (SF 223)

Noch in boek mei wat sangen; wat witnisspul
Ut âlde brief beskreaun?
Mear kin ik net wachtsje; de oere giet,
De dream is hast ferdreaun.

Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergûne sinnen blonk;
Troch de beammen in rûzjen fan ivichheid,
Dêr’t al wat wie fersonk.

Ferstoarne geslachten’ wêzens skyn
Stiet bûten tiid en stee.
De weagjende siele naam har op;
Sa jou dy oer oan de see.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Ein.mp3{/play}

(Klik hjirboppe op de startknop om it fers te hearren)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *