Obe Postma Selskip oprjochte

Parseberjocht

‘Ta skiente brocht wat net as libben wie’

Anne Wadman hat him yn syn blomlêzing fan de Fryske lyryk, Frieslands dichters (1949), de Nestor fan de Fryske dichters neamd. En Maarten ’t Hart priizge it seldsum hege nivo fan Postma syn poëzy yn syn artikel ‘Op een zondag in mei’ (yn NRC Handelsblad, 18-5-1979). Beide tsjûgenissen binne represintatyf foar it konstante omtinken en de trochgeande stream fan publikaasjes oer Obe Postma as dichter. Postma, dy stille en op himsels libjende figuer, dy’t as earste de yn 1947 troch Provinsjale Steaten fan Fryslân ynstelde Gysbert Japicxpriis krige. Lees verder Obe Postma Selskip oprjochte