Ekstra Algemiene Ledegearkomste OPS 24 jan 2019

Ekstra Algemiene Ledegearkomste OPS

 Datum: Tongersdei 24 jannewaris 2019

Tiid: 15.30 oant 16.30 oere

Plak: Tresoar te Ljouwert

It Selskip hat op 12 desimber fan it ôfrûne jier in ekstra ledegearkomste hân. It útstel fan it bestjoer wie doe om it Obe Postma Selskip op te heffen. Dat útstel waard troch de oanwêzige leden lykwols net stipe. Dêrneist die bliken dat in oantal leden ree wiene in nij bestjoer te foarmjen. Dat inisjatyf, wat net agindearre wie, waard by akklamaasje oannommen, sadat nochris, sjoen wat de statuten dêrfan sizze, in ekstra ledegearkomste hâlden wurde moat. Dat bart dus op de niisneamde datum.

De folgjende leden binne ree om yn it bestjoer sitting te nimmen: Philippus Breuker, Martin Reints, Hylkje de Jong, Anneke de Vos en Siebren van der Zwaag. Foarsafier’t oare OPS-leden sitting yn it bestjoer nimme wolle, is it nedich dat se har by de skriuwer melde, uterlik in wike foar de gearkomste.

Wurklist 

  • Finansjele saken: finansjeel ferslach 2018, kaskommisje.
  • Beneaming nij bestjoer (sjoch boppe: kandidaat-bestjoersleden).
  • Ofskie âlde bestjoer.
  • Koarte taljochting op de plannen fan it nije bestjoer.
  • Wat der mear op it aljemint komt.
  • Ofsluting

Wjerklank 22 (2018)

  • ynhâld:
  • Obe Postma Selskip – It wurk as feriening sit der op
  • Obe Postma Dagen 2018
  • De gedichtemiddei
  • Oanbieding earste eksimplaar SELECTED POEMS
  • Obe Postma-dagen – poëzy- en literatuerkuier
  • Poëzy fan Obe Postma op muzyk
  • Boekpresintaasje: Obe Postma – In libben dat bloeide nei syn aard
  • Besprek Selected Poems
  • In frjemde skildersman wol Saske ha
  • Postma Biografy Dreaun fan ierde’ dream
  • De 150e bertedei fan Obe Postma


Bysûndere Algemiene Ledegearkomste: Opheffing

Woansdei 12 desimber 2018

Tiid: 15:30 oant 16:30 oere

Plak: Kafee Wouters, Sophialeane 5 te Ljouwert

Achte leden fan it Obe Postma Selskip,

Hjirby nûgje ik jo út namme fan it bestjoer fan it  Obe Postma Selskip út foar in algemiene ledegearkomste. It ûnderwerp fan dizze ledegearkomste is it foarstel fan it bestjoer ta opheffing fan it Obe Postma Selskip as feriening (sjoch de taljochting yn de nijste Wjerklank 22).

Artikel 30 fan de OPS statuten giet oer de “Ontbinding” fan de feriening. Op de Algemiene Ledegearkomste moat minstens 2/3 fan de leden oanwêzich wêze (= 60 leden). En yn dizze gearkomst moat 2/3 mearderheid  akkoard gean mei it útstel ta opheffing fan de feriening. As der net 2/3 fan de leden oanwêzich binne, dan nûget it bestjoer fan it Obe Postma Selskip de leden út foar in folgjende bysûndere ledegearkomste dêr’t dat útstel opnij ynbrocht wurdt troch it bestjoer. Yn dizze gearkomste kin dan besletten wurde mei 2/3 mearderheid, wat it oantal oanwêzige leden dan ek mar is.

Mei freonlike groeten, Jan Gulmans, skriuwer

Algemiene Ledegearkomste (15:30 – 15:45)

Wurklist

  • Iepening
  • Utstel ta opheffing Obe Postma Selskip per 31-12-2018
  • Sluting

Bysûndere Algemiene Ledegearkomste (16:00 – 16:30)

Wurklist

  • Iepening
  • Utstel ta opheffing Obe Postma Selskip per 31-12-2018
  • Fierdere gong fan saken, û.o. oergong nei Tresoar
  • Sluting

Obe Postma Selskip – It wurk as feriening sit der op.

Fan George Huitema, foarsitter:

Op de lêste OPS-ledegearkomste yn febrewaris ha ik it oer de takomst fan it Selskip hân en meidield dat it bestjoer fynt dat it wurk as feriening derop sit. Dêrom lizze wy yn in spesjale ledegearkomste op 12 desimber 2018 de opheffing fan it Selskip oan de leden foar.

Sûnt de oprjochting fan it OPS yn 2006 binne der tal fan aktiviteiten organisearre. Under oaren hawwe der reiskes en stúdzjedagen west. Ek is it slagge om 22 nûmers fan ús blêd Wjerklank en 14 boek- útjeften yn de Postma Rige ferskine te litten. We meie tige grutsk wêze op de aktiviteiten en resultaten fan it Selskip. Ik hear faken dat der gjinien literêr selskip yn Fryslân is dat sa warber is mei aktiviteiten mei sa’n grutte kwaliteit.  

Mar it gong de lêste jierren hieltyd swierder. Nei de lêste reiskes en stúdzjedagen wiene der gjin libbensfetbere ideeën foar nije tema’s mear. It garjen fan kopij foar ús blêd Wjerklank gyng ek net maklik mear, de bydragen kamen der net by de rûs. We binne werom gien fan twa nei ien nûmer per jier. De measte bydragen binne ek fan bestjoersleden. 

Op it finansjeel mêd kealle it ek swierder. De útjeften yn de Postma Rige wiene mooglik troch stipe fan ferskate fûnsen. Mar de lêste jierren wie it  dreger om fûnsen te ynteressearjen. De bedraggen waarden lytser en we moasten in soad fûnsen oanskriuwe. Wy binne tige bliid dat it mei de reserves dy’t we noch hienen úteinlik slagge is om alle boeken, dy’t op priemmen stienen, út te jaan. Yn it bysûnder neam ik de resinte boeken: Obe Postma. In libben dat bloeide nei syn aard fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer, de bondel Selected Poems, in bondel mei fjirtich komposysjes op gedichten fan Postma en de Postma-biografy Dreaun fan ierde’ dream fan Philippus Breuker. Fierder koene wy gelokkich behoarlik de kosten drukke troch yn goede gearwurking mei Tresoar gebrûk te meitsjen fan  harren lokaasjes en tsjinsten. 

As lêste faktor moat ik neame dat it ledetal elts jier mei sa’n 10% werom rint (we sitte no op 90 leden) troch opsizzen en ferstjerren fan leden. Dêr komt noch by, en dat is spitich om te sizzen, dat de ponghâlder elk nij jier foar wol in tredde part fan it oantal leden mear as fjouwer kear oantrune moast (mei brieven, mailtsjes en telefoantsjes) om it abonnemintsjild te beteljen.

Wij hawwe yn it ôfrûne jier noch alles op alles setten om Postma-leafhawwers in nijsgjirrich jier te bieden. Yn it 150e bertejier fan Postma koenen wy yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd (LF2018) mei de Postma Dagen in prachtich programma delsette mei in nije trijetalige Postma-bondel, in poezijmiddei, in kuiertocht en in muzykkonsert. En dan krektlyn in nij hichtepunt dit jier mei de boekpresintaasje fan it magnum opus fan Philippus Breuker, in biografy fan Postma.

Mar dit is no dan de ein. Mei alle boppeneamde faktoaren fynt it bestjoer unanym dat it wurk as feriening dien is. Dêrom leit it bestjoer de opheffing fan it OPS per 31/12/2018 foar oan de leden. It foltallige bestjoer stapt dernei ek op.

De oandacht foar Postma ferdwynt natuerlik net troch opheffing fan in feriening mei leden. Wy stelle út it online materiaal fan ús webstee by Tresoar ûnder te bringen. Tresoar hat hjirfoar in digitaal kanaal (Sirkwy) en is tige optein mei dit foarnimmen. Boppedat mei it nije besikerssintrum OBE wol Tresoar ek graach elk jier oandacht oan Postma skinke mei help fan entûsjaste Postma-leafhawwers.

We sjogge werom op in prachtige tiid as Selskip en tankje de leden dy’t it Selskip droegen hawwe.

George Huitema, foarsitter
Jan Gulmans, skriuwer
Jan Guichelaar, ponghâlder
Geke Sjoerdsma, lid
Doekle Elgersma, lid
Geart van de Meer, lid


Boekpresintaasje DREAUN FAN IERDE’ DREAM

Philippus Breuker,
Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma

Tiid: 13:30 – 17:00, Woansdei 24 Oktober 2018; Gysbert Japicxseal, Tresoar, Ljouwert

Programma
13:30 Ynrin, ûntfangt mei kofje/tee.
14:00 Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
14:05 Lêzing Tusken klaai en akademy troch Jan Gulmans, sekretaris Obe Postma Selskip.
14:40 Lêzing Het schrijven van een biografie: historiografische en narratologische overwegingen troch Elisabeth Leijnse, heechleraar Letterkunde, Universiteit Namen.
15:15 Lêzing Problemen by it skriuwen fan in biografy fan Obe Postma en yn dy biografy sels troch Philippus Breuker, auteur biografy Dreaun fan ierde’ dream.
15:40 Utrikking earste eksimplaar biografy oan Siebren van der Zwaag, âld-foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
15:45 Ofsluting mei oanslutend ferkeap fan it boek en neipetear mei hapke en drankje.

http://www.obepostma.nl/wp-content/uploads/2018/09/Boekpresintaasje-DREAUN-FAN-IERDE’-DREAM-1.pdf