Profyl fan it Obe Postma Selskip

It Obe Postma Selskip is oprjochte yn oktober 2006.

Doel fan it Selskip is Obe Postma syn libben (1868-1963) en wurk (poëzy en wittenskiplik wurk op it mêd fan de Fryske skiednis en de natuerwittenskip) omtinken te jaan troch stúdzje, publikaasjes, útstallingen, ekskurzjes, kongressen, artistike produksjes, etc.en hjirmei in sa grut en divers mooglik publyk te berikken.

It Selskip wol dêrmei ek in bydrage leverje oan in libbene kultuer yn Fryslân, sawol troch syn eigen aktiviteiten as troch omtinken foar Postma op himsels. Postma kin men in erflitter fan dy kultuer neame. Hy nimt dêryn in foaroansteand plak yn, likegoed yn de wrâld fan ûndersyk en stúdzje as yn de herten fan in soad lêzers. En hy hat de skiednis fan fitale dielen fan it libben yn Fryslân beskreaun, lykas it deistich libben yn doarp en stêd, it boerebestean en it boerebedriuw, en de ûnderskate lânskippen.

Fêste aktiviteiten alle jierren:

  •  ien of twa kear ledegearkomsten mei artistyk barren, bg. útfiering fan op muzyk sette fersen fan Postma
  • it tydskrift Wjerklank
  • in literêre of histoaryske ekskurzje nei oanlieding fan Postma syn fersen of stúdzjes
  •   stúdzjedei oer aspekten fan Postma syn wurk yn it ramt fan (ynter)nasjonaal ûndersyk
  •   publikaasje fan de bondel mei lêzingen fan de stúdzjedei en fan oare útjeften yn de Obe Postma Rige
  •  it oanfoljen en útwreidzjen op it ynteraktyf webstee www.obepostma.nl mei stúdzjes en oare stikken fan en ek oer Postma, en mei lûdsfragminten fan muzyk op gedichten fan Postma of foardracht fan gedichten troch himsels en oaren
  •  it yn ’e mande mei Tresoar foarmjen fan in Obe Postma Samling, besteande út syn skriftlike neilittenskip en út boeken út syn besit, en fierders út skilderijen, foto’s en oare objekten Postma oanbelangjende
  • it op oare wizen befoarderjen fan ûndersyk nei en de belangstelling yn it wurk fan Postma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *