Obe Postma Selskip oprjochte

Parseberjocht

‘Ta skiente brocht wat net as libben wie’

Anne Wadman hat him yn syn blomlêzing fan de Fryske lyryk, Frieslands dichters (1949), de Nestor fan de Fryske dichters neamd. En Maarten ’t Hart priizge it seldsum hege nivo fan Postma syn poëzy yn syn artikel ‘Op een zondag in mei’ (yn NRC Handelsblad, 18-5-1979). Beide tsjûgenissen binne represintatyf foar it konstante omtinken en de trochgeande stream fan publikaasjes oer Obe Postma as dichter. Postma, dy stille en op himsels libjende figuer, dy’t as earste de yn 1947 troch Provinsjale Steaten fan Fryslân ynstelde Gysbert Japicxpriis krige. Sûnt hat der aloan belangstelling west foar syn poëzy. Te tinken falt oan it – klassike – essee fan Fokke Sierksma, Bern fan de ierde út 1953, mar ek oan de stúdzjes fan Tony Feitsma, Geart fan der Mear, Abe de Vries, Jabik Veenbaas, Philippus Breuker en gâns oaren ûnder wa ek Tineke Steenmeijer dy’t de útjefte fan Postma syn samle dichtwurk besoarge hat en no wurket oan in biografy. Yn dat boek sil ek omtinken jûn wurde oan it ûndersyk dat Postma dien hat op it mêd fan (lânbou-)skiednis en fan natuerwittenskippen en oan syn literêre krityk. Fan gâns fan dat wurk soe it de muoite leanje om it op ‘e nij út te bringen. Syn De Friesche Kleihoeve bygelyks is no noch likefolle fan belang as doe’t it boek yn 1934 útjûn waard en dat jildt foar in protte oaren fan syn histoaryske publikaasjes.

Obe Postma (1868-1963) wie, lykas bekend, in soan fan Pieter Obes Postma en Sijbrigje Tjeerds Rinia. Hy woechs op yn in Fryske boerehúshâlding. Nei’t er it gymnasium-B diploma helle hie, begûn er yn 1886 oan de Universiteit fan Amsterdam oan de stúdzje wis- en natuerkunde. Yn 1895 promovearre er by J.D. van der Waals sr. op it natuerkundich proefskrift Iets over uitstraling en opslorping. Yn 1902 publisearre er syn earste Fryske gedichten – it ferneamde ‘De boerinne fan Surch’ wie dêr ien fan – yn it tydskrift Forjit my net. Yn 1918 waard in part fan syn fersen bondele yn Fryske lân en Fryske libben. Yn 1949 ferskynden syn Samle Fersen (Snits, twa dielen). Tineke Steenmeijer joech se yn 1978 op ‘e nij út mei in ynlieding fan D.A. Tamminga. Neidat it boek al lange jierren net mear te krijen west hie, besoarge hja yn 2005 in nije edysje, no mei in ynlieding fan Philippus Breuker. Dy wurket dêryn de Platoanske ynslach fan Postma syn poëtika út.

It koartlyn oprjochte Obe Postma Selskip wol as feriening de leafhawwers fan Postma syn poëzy by inoar bringe. Fierder hat it Selskip as doel belangstellenden oan te trúnjen ta bestudearring fan syn wurk en te soargjen foar nije útjeften fan syn wittenskiplike en skôgjende publikaasjes. Mei it each dêrop is in Stichting Obe Postma oprjochte dy’t fêste bannen hat mei it Obe Postma Selskip.

It Obe Postma Selskip sil alle jierren op syn minst twa gearkomsten organisearje, dêr’t ûnderskate aspekten fan Postma syn wurk yn behannele wurde sille. Fierder sil de feriening in blêd útbringe en in ‘website’ ûntwikkelje en ûnderhâlde. Mei lêzingen, útstallingen en soks wol it Obe Postma Selskip bydrage oan in krityske resepsje fan Postma syn wurk. It Selskip wol befoarderje, dat der – nasjonaal en sa mooglik ynternasjonaal – kontakten ûnderhâlden wurde tusken minsken dy’t ynteressearre binne yn Postma syn oeuvre. Om dat te berikken siket it stipe en meiwurking fan de oerheid en fan besibbe organisaasjes.

Njonken de oprjochtingsgearkomste dy’t op snein 19 novimber hâlden wurde sil yn Postma syn bertedoarp Koarnwert, is it Obe Postma Selskip fan doel en organisearje yn de maitiid fan 2007 in Postma-reis by plakken yn Grinslân del dêr’t wat fan werom te finen is yn syn gedichten. Foar de hjerst fan 2007 stiet de earste stúdzjedei op de wurklist oer ûnderskate aspekten fan Postma syn wurk.

Wa’t belangstelling hat kin him/har oanmelde as lid fan it Obe Postma Selskip by de skriuwer / ponghâlder fan it bestjoer, dr. Jan Gulmans, Wagnerlaan 7, 7522 KH yn Ynskedee. E-mailadres: klik hjir.

Ut namme fan it bestjoer,
Jan Gulmans

Bestjoer Obe Postma Selskip:
Drs, Sybren van der Zwaag, foarsitter
Dr. Jan Gulmans, skriuwer/ponghâlder
Prof.Dr. Philippus Breuker, lid
Drs. Tineke Steenmeijer-Wielenga, lid
Dr. Doekle Elgersma, lid

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *