Postma oer Jolm fan G.N. VisserYn it lūdsargyf op Tresoar sit in stikje fan Postma oer de fersebondel Jolm fan G.N. Visser. It sil makke wźze op 27 febrewaris 1949, doe't de RON opnamen makke fan it symposion dat De Tsjerne dy middeis yn kafee-restaurant De Griene Weide te Ljouwert hold. Neffens de oankondiging yn de Ljouwerter Krante soenen in stik of sān literatuerleafhawwers it petear ynliede. Ien fan har hat dus Postma west. Hy hie him frij kritysk śtlitten oer de bondel. Op fersyk fan de redaksje fan De Tsjerne hie er nammentlik syn betinken oer de jongere Fryske dichters jūn en ferlykjend mei Ta de moarn fan R.P. Sybesma behalve Jolm ek Lunchroom fan J.D. de Jong behannele. Dat wie of waard publisearre yn De Tsjerne 1949, 65-70. Wat er dźr skriuwt, fettet er yn dit lūdsfragmint sa'n bytsje gear. Blykber krige elk de gelegenheid om yn ien minśt syn miening te jaan.
Oerjefte, wat er hjir by Visser synjalearret, sprekt er yn syn gedichten ek wol fan. Mear as ien kear hjit it dat him eat jūn is of hopet er dat it him jūn wurde mei. De kombinaasje hjir mei frommens hat er ek yn it gedicht: Doe't ik in lźste dicht oangean woe (SF 277), dat fan 1941 is: Postma seit dit: Ien minút foar Jolm
Beharkje hjir it fragmint troch op it middelste knopke te klikken. This text will be replaced by the flash music player.
Beharkje ek de reportaazje oer G.N. Visser, mei Douwe Annes Tamminga, Fokke Sierksma, Obe Postma, Ypk fan der Fear en Jan Wybenga, makke troch Geart de Vries yn 1988 foar Omrop Fryslān. PHB (mei tank oan Tsjisse Hettema fan Tresoar foar it attindearjen)
|