Categorie archief: Uncategorized

Algemiene Ledegearkomste 2013

Hjirby noegje ik jimme út namme fan it bestjoer fan it Obe Postma Selskip út foar de jierlikse ledegearkomste. Dy gearkomste wurdt hâlden op moandei 11 febrewaris 2013 yn Kafee Wouters, Sophialeane 5, te Ljouwert, tiid: 19.30 oant 21.30 oere.
Wurklist Algemiene Ledegearkomst: 

(1)     Iepening.

(2)     Mûnling jierferslach 2012, ferslach ledegearkomste 24-1-2012.

(3)     Tebek- en foarútsjen: meidielingen oer 2012 en plannen foar de takomst.

(4)     Finansjele saken: finansjeel ferslach 2012, kas-kommisje, begrutting 2013.

(5)     Utstel foar en ferkiezing fan twa nije bestjoersleden (gewoan lid en ponghâlder). It bestjoer ropt leden dy’t har kandidaat stelle wolle – óf foar de funksje fan bestjoerslid óf foar de funksje fan ponghâlder – op dit witte te litten oan de skriuwer.
Oanslutend it ôfskie fan de bestjoersleden Philippus Breuker en Hylkje de Jong.
(6)     Wat fierder op it aljemint brocht wurdt.
(7)     Ofsluting.
 
Skoft
Nei it skoft twa ûnderdielen. Earst in lêzing fan Dr. Marco Goud (yn 2003 promovearre op Ziende verbeelding. Over zien en (on)zichtbaarheid in poëzie en poëtica van P.C. Boutens) oer de relaasje tusken Postma syn bêste freon T.J. de Boer en P.C. Boutens.
De hear Goud skreau my: ‘Obe Postma had, zoals bekend, grote bewondering voor de dichter P.C. Boutens (1870-1943). Hij is door Philippus Breuker wel de ‘Friese Boutens’ genoemd. Postma vertaalde enkele gedichten van Boutens in het Fries en hij schreef een gedicht over Boutens’ bundel Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe. In mijn bijdrage zal ik ingaan op Boutens’ dichterschap en de raakvlakken tussen Boutens en Postma. Daarbij zal ik ook ingaan op Boutens’ contact met T.J. de Boer, aangezien Postma Boutens vermoedelijk via De Boer leerde kennen’.
Nei de ynlieding fan Marco Goud sil Tineke Steenmeijer-Wielenga in presintaasje jaan fan in (digitalisearre) fotosamling út in Album fan Meindertje Yntema-Postma, de âldste suster fan Obe en de beppe fan Doekle Elgersma, lykas bekend in âldomkesizzer fan Obe. Yn en nei oerlis mei Doekle hat Tineke dizze famyljefoto’s fan in ûnderskrift foarsjoen. De samling is oanfold mei foto’s út de fotobase fan Tresoar.

Boekpresentaasje “Zekerheden in waarnemingen”

Boekpresentaasje "Zekerheden in waarnemingen"

Op freed 27 april waard yn it stêdhûs te Frentsjer it boek "Zekerheden in waarnemingen, Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900" oanbean. It boek is utjûn troch utjowerij Verloren te Hilversum (ISBN 978-90-8704-194-6). Foarôfgeand oan de presentaasje waarden wy rûnlied  yn it Eise Eisinga Planetarium troch de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, George Huitema. Yn it stêdhûs waarden,  nei hertlik ûntfongen te wêzen troch de burgermaster Fred Feenstra,  twa interessante foardrachten hâlden, te witten troch Huib Zuidervaart en Cees Andriesse. Der wiene in protte minsken op ôf kommen; sa’n fiif en sechstig ! It wie in och sa noflike middei, lykas op de ûndersteande foto’s dúdlik te sjen is. Mei dank oan George Huitema foar de bewerking fan de foto’s.

  

Foar de folsleine samling foto’s mei ûnderskrift klik hjir

 

Obe Postma: Iets uit de geschiedenis van het rekenen

De heer Jan Guichelaar heeft het handschrift van een door Obe Postma gehouden lezing voor het Natuurkundig Genootschap te Groningen op 15 januari 1901 bewerkt voor de website van het Obe Postma Selskip. Het oorspronkelijke handschrift bevindt zich in de Obe Postma Samling in het archief van Tresoar te Leeuwarden, toegangsnummer 200-03, inventarisnummer 27.

Lees verder Obe Postma: Iets uit de geschiedenis van het rekenen

Passie voor precisie

Oene Bottema’s verwantschap met Obe Postma

Inleiding

Oene Bottema (1901-1992) – Groninger van geboorte maar van Friese ouders, bekend wiskundige en oud-rector magnificus van de Technische Hogeschool Delft – schroomde niet de grenzen van zijn vak te overschrijden, bij voorkeur in de richting van de literatuur. Zo schreef hij in Euclides 35, 1959/60, pp. 230-233 het artikel ‘Verscheidenheden. Dr. O. Postma, wis- en natuurkundige‘. In dat artikel komt óók de poëzie van Postma ter sprake.

Lees verder Passie voor precisie

Primêre bibliografy fan it wurk fan Obe Postma

Ferantwurding

Hjirûnder folget yn tiidsrige in oersjoch fan it wurk fan Obe Postma dat yn de rin fan syn libben (1868-1963) ferskynd is. De bibliografy is gearstald troch Bauke van der Veen (It Beaken, jiergong 20, 1958, siden 133-144 en It Beaken, jiergong 28, 1966, siden 94-96), ferbettere en oanfolle mei help fan opjeften dy’t fûn wurde kinne yn A. Feitsma har artikel ‘Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn’ (Trotwaer, 13e jiergong, 1981, siden 12-65) en mei help fan opjeften fan Roel Demmink trochjûn oan Philippus Breuker. Fierdere korreksjes en oanfollingen koene oanbrocht wurde tanksij ynljochtings opjûn troch Philippus Breuker en Tineke Steenmeijer-Wielenga en nei rieplachtsjen fan Brinkman’s Catalogus en de online publykskatalogus fan Tresoar. Postume publikaasjes fan Postma syn wurk binne net yn dizze list opnommen, om’t it dan meast giet om werprintingen. Ek is ôfsjoen fan it opneamen fan de boarnen fan de losse fersepublikaasjes, mei’t dy efteryn de lêstferskynde Samle fersen (2005) al neamd wurde. Foar wat dat lêste oanbelanget, is in útsûndering makke foar dy publikaasjes fan fersen dy’t yn Postma syn studintetiid ferskynd binne dy’t net yn de troch himsels sammele fersen opnommen binne (Samle fersen, 1949). Wurk dat net by Postma syn libben publisearre is, kin behalven yn de lêstferskynde Samle fersen, ûnder oare ek op dit webstee fûn wurde. Lees verder Primêre bibliografy fan it wurk fan Obe Postma

Natuurkundige bibliotheek en aantekenschriften van Obe Postma naar Tresoar

Kortgeleden – op dinsdag 9 januari 2007 – werd door het Obe Postma Selskip de wis- en natuurkundige bibliotheek van Obe Postma overgedragen aan Tresoar. Ook werd een verzameling schriften van Postma door de Fryske Akademy aan Tresoar overgedragen. De bijeenkomst werd gehouden in de Gysbert Japixseal van Tresoar.

Bert Looper, directeur van Tresoar, opende de bijeenkomst. Hij legde nadruk op het belang van deze verzameling of boekerij voor verdere studie van het oeuvre van Postma. Nadat hij en de voorzitter van het Obe Postma Selskip, Siebren van der Zwaag, de overdrachts-overeenkomst getekend hadden, vertelde Postma’s oomzegger Doekele Elgersma uit Ootmarsum iets over de achtergronden van de boekerij. Het bleek, dat de verzameling afkomstig is van Doekele’s broer Schelte, net als Postma wiskundige. De schriften van Postma werden daarna aan Tresoar aangeboden door Reinier Salverda, directeur van de Fryske Akademy. Als pièce de resistance van de middag kwam de theoretisch-fysicus Frans Steenmeijer aan het woord. De titel van zijn voordracht was: ‘Iets over de wis- en natuurkundige bibliotheek van Obe Postma’. De lezing werd – in tegenstelling tot wat de hollandse titel suggereerde – in het Fries gehouden en is op de website van het Obe Postma Selskip – dat ondertussen al 90 leden heeft – toegankelijk.

Ljouwert-9-1-2007-1

De wis- en natuurkundige bibliotheek van Postma werd in 2006 geschonken aan het Obe Postma Selskip door haar bestuurslid Doekele Elgersma. Het Selskip schenkt op haar beurt de boekerij in eigendom aan Tresoar en hoopt dat op die wijze de toegankelijkheid van de boekerij voor studie zal toenemen. Tresoar heeft het Selskip gegarandeerd, dat de boeken bijelkaar zullen blijven staan en beschreven zullen worden als ‘Obe Postma Verzameling, wis- en natuurkundige bibliotheek.’ De boeken worden verdeeld in vijf categorieën: natuurkunde, zeevaartkunde, sterrenkunde, wiskunde en (wetenschaps-)filosofie.

Ljouwert-9-1-2007-2

De nalatenschap van Postma – eerder beschreven door Philippus Breuker in De Vrije Fries (1983) – omvat ook ongeveer 800 schriften met aantekeningen en samenvattingen. Die zijn op 9 januari ook overgedragen aan Tresoar. Het vroegere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) had al een beperkt aantal schriften in bezit. Die maken nu, samen met de op 9 januari overgedragen schriften, als één geheel deel uit van de grote collectie Postma, die nu bij en door Tresoar beheerd wordt.

Ljouwert-9-1-2007-3

Als afsluitend onderdeel van deze feestelijke middag, die bezocht werd door ongeveer 100 mensen, voerde een muzikaal trio de première uit van “Blank lizze de fiere lannen”, gecomponeerd door Pieter Bakker uit Skraard naar aanleiding van het gedicht “Wintermoarn” van Obe Postma. Uit de reakties van de aanwezigen bleek, dat ook dit onderdeel zeer op prijs gesteld werd, netzo als alle andere onderdelen van deze middag.

Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek. Beskriuwing

Beskriuwing
De wis- en natuerkundige biblioteek fan dr. Obe Postma, sa’t dy bewarre waard troch dy syn omkesizzer de wiskundige drs. Schelte Elgersma (* Koarnwert, 1932), waard yn 2006 yn eigendom skonken oan it Obe Postma Selskip. It bestjoer fan dat Selskip, besteande út drs. Siebren van der Zwaag (foarsitter), dr. Jan Gulmans (skriuwer), prof. dr. Philippus Breuker, dr. Doekele Elgersma en drs. Tineke Steenmeijer-Wielenga, skonk op syn bar op 9 jannewaris 2007 yn in feestlike gearsit yn de Gysbert Japixseal dy boekerij yn eigendom oan Tresoar. By Tresoar steane de boeken byinoar en binne se bekend as “Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek.” De synjatuer fan de ôfsûnderlike boeken bestiet út de letterkombinaasje OPS wn en in folchnûmer. Lees verder Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek. Beskriuwing