Categorie archief: Poëzie

En jimmer komme de freugden wer (muziek: Pieter Bakker)

Op 9 september 2007 vond in de protestantse kerk van Schraard de première plaats van En jimmer komme de freugden wer. Deze compositie ontleent haar titel aan het gedicht Pinkster (SF 202) van Obe Postma. De uitvoering was in handen van Sebastiaan van Delft orgel en Saartje van Camp cello. Naar aanleiding van deze eerste uitvoering schreef Rudolf Nammensma in de Leeuwarder Courant over een werk ‘waarin door onverbiddelijke orgelaccenten en een klagende cello een melancholieke sfeer werd neergezet, die heel geraffineerd, met klimmende orgelpassages en meer lieflijkheid in het strijkspel, werd omgezet in ontluikend optimisme. Een gang van herfstachtig grijs naar vrolijker pastel. En jimmer komme de freugden.’ In de kerk van Broek bij Joure werd de hier te beluisteren opname gemaakt. De compositie van Bakker was opnieuw te horen op 18 november 2007 in de kerk van Hichtum, en op 2, 3 en 9 mei 2008 tijdens drie pinksterconcerten in respectievelijk de kerk van Schraard, de Grote Kerk van Leeuwarden en de dorpskerk van Beetsterzwaag.

Pieter Bakker

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Jimmer.mp3{/play}

(klik hierboven om de opname te beluisteren)

 


 

Pinkster (SF 202)

Muzyk: Pieter Bakker

En jimmer komme de freugden wer
As ‘k troch de simmer gean,
Op ‘e rêch de waarme sinne fiel,
En myn freonen om my stean.

Dat binne de raaien oan wegene kant
Dy’t ik glide lit troch de hân;
Dat is de swiete poarperbol
En al it folk fan it lân.

Dat is op it wierke it koatershûs,
De gevel heal begroeid;
It minske dat mei it breidzjen rint,
It bern dat yn ’t hôfke djoeit.

De miggen, de flinters, it fûgellûd
En al de blide skyn;
En swietste rook dy de siele wûn
Ta alle poaren yn.

Foardracht gedichten troch Jo Smit

Jo SmitDer binne hiel wat komponisten dy’t muzyk op lieten fan Postma makke hawwe en der is inkeld ek wolris ien dy’t nei oanlieding fan in rigel in komposysje makke hat. Dêrneist binne der foardrachten fan gedichten, ek fan de dichter sels! It liket ús maklik foar de leafhawwers ta as se in kar dêrút by elkoar fine kinne op dit webstee. Wy begjinne mei foardrachten fan Jo Smit mei pianobegelieding fan foar’t neist Carel Brons. It giet neffens freonlike meidieling fan Willem Beetstra om in opname foar de RON om 1950 hinne. Dat soe dan betsjutte kinne dat er fan 1947 is, doe’t Postma de Gysbert-Japicxpriis krige, of fan 1953, doe’t er 85 waard en tige huldige. De opname is oerlevere as skellakplaatsje. Louis Steeman fûn him op in rommelmerk. Hy hat ús tastimming ta publikaasje jûn.

(Under elk fers stiet in lûdsbalkje wêrmei’t de opname beharke wurde kin)

 


Freonen (SF 222)

Ik bin wat in stil en ienselvich persoan, mar dochs haw ik myn freonen wol.
It kin in kelner op in stasjon wêze of ien dy’t syn wurk op ‘e merk hat,
Of in oarenien, dêr’t ik wol ris in wurd mei wiks’le haw.
Ek binne der waans libben tichter by my west hat;
Ik sjoch har sa daagliks net, mar earne bewarje ik in laits of de druk fan in hân
En soms komme dy my wer tefoaren.
Ek wol ris bewarje ik in wurd. Sa haw ik yn jonge tiid in âldr’e freon hân,
En nei mannich jier brocht myn paad my oan syn hûs en ik neamde myn namme;
‘Myn P…’ hearde ik him doe sizzen, en dy wurden haw ik bewarre.

Der is net safolle foar nedich om freonen te hawwen;
Soms, as ik yn in doarpke oan ‘e seekant kom, binne der lju dy’t laitsje as hja my rinnen sjogge.
Dan tinke hja: dêr is dy rymker, dy’t fan Klaas en Keimpe rime hat
En fan âld Oetske, fan wyldsjitters en fiskerlju;
En hja binne my wol genegen.
En no ek, sa’t ik mar sleauwe dingen sis,
Kinn’ der minsken wêze, dy’t ik meinim, om’t hja it libben sels fiele,
Net opmakke as in byld, mar sa’t de siele it oanbringt.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-1.mp3{/play}


Ljochte dei (SF 286)

It lûkt my jimmeroan. In ljochte dei
Yn ‘e iere maartetiid: It nimt my mei –
Wêrhinne? ’t Hat gjin doel; in dichtersgong
Oer blide wegen en troch dagen jong.

Foar oeren, plôke fiere jierren oer,
Haw ‘k yn ‘e weach beheind gielgoerde djoer.
En noch; is mei de jeld it bloed ferskrield,
Ik wit har djip fan ‘e âlde gloed trochstrield.

Sa haw ik glâns dy’t ljochtsje en hoede kin,
As ik, âld swalker, my op ’t dicht besin.
En ealste skyn, dy’t oer de rigels falt,
Is fiere glim fan jonkheids dreamgestalt.

O wûnder stik! Wer libbet wat ferstoar.
Is it fergûn? It stiet as ’t hjoed my foar.
O siele, spegeljend ta klear bestean!
– Kin út der sielen’ siel dan eat fergean?

Wat namme mei it ha? ’t Is leafde en klacht,
It is de goede ierde’ rike dracht.
Fan lûd en ljocht is it de foarse stream,
Fan sprook en byld de himmelwide dream.

– De loft is klear. Nei alle siden út
Rinn’ wegen. Foarjier hat al nij gelút.
Lit hjoed noch siel’ har ierdsk ferhûgjen ha,
Moarn giet it beskate nei ’t ûneind’ge ta.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-3.mp3{/play}


Fryske fjouwerrigels III (SF 241)

Wat opdracht haw ik yn dizz’ libbensstream?
Myn krêften binne net dat ik se neam;
Gjin stiennen romme ik wei of oar obsteakel,
Myn lodwurk is in skôgjen en in dream.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-4.mp3{/play}


Sinneskyn (SF 197)

No sjonge de nije wegen,
De kleare himmel blinkt;
Ik nim myn ljochte stûne,
Wat ‘k mei my droech ferklinkt.

Fel strielet de griene skeante,
It stielen wetterflak;
En skrillich omswomme de einen
Har hûs mei it poppich dak.

Ik bin in âldeftich hearke,
Dat stapt troch it jonge park;
Dan effen in lichte ruter,
Dy’t grypt nei goadene ark.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-5.mp3{/play}


Yn maart (SF 216)

Hjoed wie it in dei!
Ik haw yn ‘e ûnderwâl sitten en de waarme sinne field en de soele sudewyn.
Ik haw de reidstâlen sêft hin-en-wer gean sjoen
En de michjes seach ik oer it wetter dûnsjen.
Ik haw de rûchskerne fan in boer rûkt en it lêste fan in kuilbult.
De jonges ljepten yn ‘e lânen en de elzen hongen sa fol katsjes!
Efter my hearde ik de auto’s oer ‘e dyk razen en it gûnzjen fan ‘e fytsbannen,
Mar ek it ratteljen fan in frachtwein fan Inglum of de Ryp.
Ik freesde noch foar in polysjeman, mar hy liet my yn myn wêzen.

Der binne minsken dy’t op ‘e grûn net rêste kinne;
Hja binne dêr te suver of te geastlik ta.
Ut ‘e grûn opkomd binne hja woechsen ta heger sfear;
Allinne it sân, it ûnfruchtbere, wolle hja kenne.
Mar ik wriuw de modderkluten fyn yn myn hannen
En effen moat ik tinke oan ‘e dichter en syn kerlen as rigels.
En oan Sjoerd Douwes en Jan Minnes en alle bodders yn opgong en delgong.
En oan ‘e godlike, wrede, aljaande ierde.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-6.mp3{/play}


Kwatrinen IV (SF 299)

Net jimmer hoecht in dicht nei’t iv’ge ta te rinnen,
Ek tichter by is dichters stof te winnen;
Dêr is de leaflikens fan ierde’ tún,
En ’t stille omgean fan wat deisk beminnen.

{play}http://www.obepostma.nl/mp3/Gedicht-7.mp3{/play}

S 11, De frou stiet op it boerehiem (De boerinne fan Surch)

De frou stiet op it boerehiem
Stil by de bûthúsdoar,
Yn sneinse swarte boerinneklean
Mei in bûnte skeldoek foar.

Har earizer blinkt yn ‘e sinne fier
Want it hiem leit heech en frij;
En beammen waachse net te Surch:
De see is te tichtebij.

’t Is sneintemiddei, de bern binn’ fuort
En kuierje oan ‘e seedyk,
De boer leit efkes op it ear:
Foar de frou allinne it ryk.

Dêr stiet hja no stil op it keale hiem
By in stokroas en goudsjeblom,
Dy har bern yn in túntsje noch opbrocht ha,
Mar dy haww’ it ek al net rom.

O dat hearlike grutte appelhôf
Alear by har âlders’ hûs,
Mei dy moaie hege abeeljenbeam
En blommen by de rûs.

Hja is no hast al in âld wiif
En hat al grutte bern,
Mar dan wurdt har it moed dochs fol:
Hja mei dy lânsdou hjir net sjen!

‘Dat jo dêr no noch om skrieme kinn’,
Dat is dochs de muoite net wurch,
Jo sa’n flink en warber boerewiif
Myn leave boerinne fan Surch.’

Dit ferneamde gedicht, wol it bekendste fan Postma, stiet foarop yn de Samle fersen en ek al yn de earste bondel, Fryske lân en Fryske libben, mar it is foar’t neist net it earste. Postma stjoerde it yn 1901 as lêste fan fjouwer nei Sjirk van der Burg en sa is it ek mei dy oare trije (S12, S15 en S16) yn Forjit my net fan 1902 ferskynd. Hy moat it dus by it útjaan yn boekfoarm foaropset hawwe. Oars hold er by it publisearjen suver sunder útsûndering de folchoarder fan ûntstean oan. Soe er foar De boerinne sa’n útsûndering makke hawwe omdat er it gedicht karakteristyk foar it Fryske fan de titel achte? It giet oer in oar as de dichter, dy’t yn dy oare trije oer in ‘ik’ skriuwt, it is mei oare wurden it meast objektyf fan dy fjouwer en ek wol it meast konkreet. Postma hat him hjir yn in oar ferpleatst, in figuer skepen (in stalte, om yn syn termen fan letter te sprekken) fan in sekere symboalyske betsjutting. Sy stiet feralgemienjend foar in bepaald, oars miskyn te persoanlik brocht field sentimint. It kin wêze dat it besef te dichtsjen om en oer it minsklike mear as om it eksklusyf eigene yn 1901 sa sterk noch net west hat as yn 1906, doe’t er yn syn besprek fan de poëzy fan Hof hjir in punt fan makke. Yn De Boerinne wie yn alle gefallen dúdlik dat er foar it Fryske folk dichte.

Karakteristyk foar Postma’s poëzy is fansels ek de kar foar ien út boerefermidden. De stof foar syn gedichten fynt er dêr ommers meast. Ek in âldere frou komt mear foar. Sa hat dit gedicht fuort wat programmatysk en is it gjin wûnder dat er it yn 1918 foaropset hat. Mooglik moat dêrby ek tocht wurde oan in ôfsetten tsjin de stimmingslyryk fan de Jongfriezen. Dy sweefde him tefolle.

Dochs is it net sa dat it lyrysk en subjektyf ‘ik’ hjir hielendal ferdwynt. Krektoarsom, dat ‘myn’ fan ‘myn leave boerinne’ oan de ein makket it gedicht ynienen sa persoanlik as ’t mar kin. De ‘ík’ wurdt suver ien mei de figuer fan de boerinne. Hy is yn dy figuer krûpt, hat him dermei identifisearre, sa moat de konklúzje fan de lêzer wol wêze. Kin it by ien as Postma, dy’t earne fan in oare figuer yn syn poëzy seit, dat der net ien is yn wa syn libben oft er him sa bejûn hat, ferwachte wurde dat dizze boerinne dêr oan de seekant mei har grutte bern him frjemd west hat? Wie it syn mem, sa’t it de mem fan de dichter Voss wie fan wa’t er by Eckermann oer it motyf fan de ûnwennichheid fan it âlderlik hûs lêze kinnen hat?

It is gjin lokkich dichter dy’t hjir dichtet. De frou wurdt tekene tusken de himel mei syn fier en frij en heech en de keale en ûnromme ierde. Se stiet dêr mar stil, se lit it oer har komme. Mar hy praat har moed yn. Ek dat is allegearre typysk Postma.