Categorie archief: Poëzie

Myn foarkar foar Postma, Philippus Breuker

Dit stik giet oer wat my yn de poëzy fan Postma lûkt, en hoe’t dat komt, mar mear noch oer dingen dêr’t diskusje oer ûntstien is. Dy beide kinne op ien nei, dy’t ik fuort neame sil, mei elkoar kombinearre wurde. Yn de ferantwurding by de Meulenhoff-blomlêzing ha ik sein dat it net sa maklik is om ûnder wurden te bringen wat jin boeit, mar libbenens fan foarstelling, ferrassende ynsjoggen en oandwaning dy’t by letter op ‘en nij lêzen net oer giet, hawwe der mei te krijen. Hoe’t Postma dy effekten by my berikt, ha ik my yn trije punten oer útlitten op de Postmamiddei yn de Harmony. Ik sil se hjir sitearje út it frij wurdlike ferslach dat Teake Oppewal derfan makke hat (Op ‘e hichte, desimber 1997). Foar de oersichtlikheid nûmerje ik de punten. Sifers tusken heakjes ferwize nei de útjefte fan de Samle fersen.

Lees verder Myn foarkar foar Postma, Philippus Breuker

S402, Ut ‘Rommelsouder’ (1913)

S402, Ut ‘Rommelsouder’ (1913)
 
’t Wie frijwat yn ’e hjerst al op,
It blêdeguod skronf’le op it paad;
De appels wien’ al fan ’e beam
En mei de beanen hien’ w’ it drok.
It spinreach glom op ’t stoppellân,
De oksen balten fan ’e kamp,
It wie sa stil, men hearde ’t lûd
Noch út ’e fierste kriten wei.
De weinen ratt’len oer ’e reed
En droege moude stode omheech.
 
Ik ried mei ’t lêste foer nei hûs,
Der leinen noch de feinten op,
En praten sacht as men wol docht
As wer in simmer giet te rêst.
Dochs heard’ ik ’t wol; ’k ried sunich troch,
Ik hie dy deis net rjucht myn moed:
It fjild, dat wie sa leech en dea,
En om myn wurge beest begrutte ’t my.
 
Wy kamen dêrmei op ’e dyk,
Blank as in spegel lei de see!
Sa mennich kear hie ik him sjoen
Mar nea sa wûndermoai as doe,
Sa glêd as sulver, blau en blier,
Sa as de himmel djip en fier.
 
En in inkeld seil blonk as in kob,
Dy’t sunich weiwaard oer ’e waard,
En oars wie alles stil en dea,
De floed, dy sliepte as it gea.
En ek de feinten waarden stom
As gûn it swijen libben om.
 
Dit – net earder as yn de lêste Samle fersen publisearre – gedicht hat in opfallende oerienkomst mei Mei de auto nei de trein (SF 166; 1927), dat makke is yn it witten dat de mem gau stjerre soe. Sels de titel fan dat gedicht komt yn in oar ljocht te stean as men de ferbining mei dit fers ienkear lein hat. It bewust nij-saaklike dat dêr yn neifolging fan Marnix Gijsen yn sit, liket in pendant te wêzen fan de wein mei beanestrie dêr’t de dichter in lytse fjirtich jier earder mei fan Sottrum nei de Lytse pleats ried. Ik tink dat dit makke is op de tiid doe’t Postma út Amsterdam thúskommen wie omdat syn heit stoarn wie. Dat hie op 10 july 1891 west.
Dy opfallende oerienkomst, dy’t fierder yn it wurk net foarkomt, is de tekening fan it lânskip as stil en dea. En wylst dêr fan de basaltblokken sein wurdt dat se libje, wurdt dat hjir sein fan it swijen. Dêr hjit it boppedat: ’rju dingen joegen my soarch’ en hjir is it: ’ik hie dy deis net rjucht myn moed.’ It liket my dêrmei dúdlik dat yn beide gedichten de dea hearsket.
Postma hat yn it begjin inkeld wol fersen dêr’t de ’ik’ of de ‘do’ ien is yn wa’t er him ferpleatst. Sa’n gedicht is Yn ’e Werkmanstraat. Dêr komme in pear rigels yn foar dy’t op guodden út dit gedicht lykje:
 
Of ast de stille jûns mei ’t lêste foer
Nei hûs ta rydst;  – de jonge leit er op  –
It rydt sa noflik; fleurich sjongt in faam
Op ’t bjinhout: do tinkst oan dyn pop.
 
It soe wêze kinne, dat de feinten út dit gedicht, de ’do’ út Yn ’e Werkmanstraat en de lytsfeint binne. Mar by dit gedicht is net rjocht yn te sjen dat de ’ik’ hjir in oar as de dichter sels is. Dêrfoar klopje de bysûnderheden tefolle en binne se ek te anekdoatysk. Der sil in reis beskreaun wêze fan boulân by Sottrum wei nei hûs ta. Dêr lei boulân dat by de pleats brûkt waard en allinnich dêre kin men fan de wei ôf de see sjen, oars leit dy achter de seedyk. Oksen sille der weide hawwe op nei Wûns, dêr’t de Koarnwerter kant út in tille wie dy’t Oksefinnetille hjitte (deselde tille dêr’t de Tilstra’s nei neamd binne; sjoch Te Wûns). De kamp soe wolris slaan kinne op de pleats dy’t Boeienkamp hjit, achter Sottrum út nei Ingwier.

De titel fan it gedicht, dy’t oernommen is út it hânskrift fan de dichter, liket derop te wizen dat der in gedicht Rommelsouder west hat, dêr’t dit dan in part fan is. Sjoen it wat prozayske karakter sa’t de wjerfarrens beskreaun binne, soe it wol wêze kinne dat Rommelsouder fan foar 1913 is, mooglik sels noch wol út de studintetiid. Mar yn alle gefallen fan foar 1903, doe’t de dichter in better foarmbehearsking fûn hie (cf. Samle fersen (2005) 566). 

S399, As Fryslân in yndustrylân wurdt (1962)

S399, As Fryslân in yndustrylân wurdt (1962)
 
Fryslân, sizze hja, sil ek in yndustrylân wurde moatte.
Wêr bliuw ik dan mei dat ‘agrarysk’ fersespul,
Mei dy weagjende miede en dy baltende kij,
En dy swietrook fan wylde balsem en wite klaver?
 
By my gjin al mar klopjen en winteljen.
Op syn heechst it fallen fan in heiblok wêr Evert syn kistwurk
   hat,
Op syn heechst in mean‑ of terskmasine;
En sa’n ien as Sipke hat syn wurk op in fabryk fûn.
 
Miskien soe dy ‘rekreaasje’ fan har dy minsken noch wat 
   tichter by my bringe kinne:
Hja nimme har wei troch de ljochte lânen en sjogge de
   pleatsen mei de skuttende hôven en de bûnte kij;
De lûden en roken binne harres, dy nimme hja mei.
En it soe wêze kinne dat hja op de klaai eat fan myn âlde
   terpbuorrens te sjen krigen.
 
Mar dy rekreaasje giet meast út nei see en loft!
Dy see hat my ek fêsthâlden, myn gedichten sprekke dêr fan,
Fan skippen en weagen, fan wyn en tij;
En oan de kimen de dream fan in ljochte ûneindichheid!
 
It gedicht is wer in besinnen op de wearde fan syn poëzy. It motyf fan dit gedicht is itselde as dat yn In nije Tiid (SF 392; 1960), mar wylst it dêr hjit: ’It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk sjonge kin’, sjocht de dichter hjir dochs wol takomst foar syn poëzy. Dat hie er ek al yn Op in ljochte dei yn septimber (SF 387; 1958), dêr’t er him yn ferwart tsjin wat ien ris sein hat: ’Dat boerespul dêr hawwe wy al genôch fan.’ Dêr tinkt er oan Friezen om utens, dy’t it lok fan har jeugd yn syn gedichten belibje kinne, hjir oan rekreanten, dy’t genietsje fan see en lân.
Alhiel sûnder yndustriële eleminten is syn wurk oars net, seit er. Mar wat er neamd hat, is dochs wat oars as yndustry. Hy is him bewust dat dy bûten syn fielen bliuwt. Yn Liet fan in lyts boarger (SF 174; 1928) skriuwt er dat ek al, dat er net de barns fan galvanisearre izer besjonge kin, sa’t de Flaamske dichter Verhaeren dat docht. Yn dat gedicht stelt er syn hope op de deaden!  

It ’ek’ út de earste rigel kin yn sitte dat de histoarikus Postma mear as ien kear skreaun hat dat Fryslân in boerelân is, sûnder yndustry of folle hannel. Sipke is Sipke Douwes de Boer, dy’t by Natoer en kultuer al neamd is. 

S325, Ta de ’Verzamelde Gedichten’ fan Jac. van Hattum (1954)

S325, Ta de ’Verzamelde Gedichten’ fan Jac. van Hattum (1954)
 
In Fryske dichter sa as Slauerhoff
En ek wol neist oan wat der Fryslân hjit;
Oan Wommels dat syn jeugd en deaden hat
En dêr’t de bolle Meinte as oerfaar stiet.
 
De taal is net wat Wommels’ sprake wie,
Mar kaam him oan fan grutter libbens stee;
– Mar ik bin net dy’t dêrfan ’t kweade sprekt,
Troch it boerelaach foar ’t âlde wêzen ree.
 
‘In minsklik dichter’ waard der fan him sein,
Net opbrocht ta te hege steat,
In iepen minske sûnder skerm en skyld;
En is dat net fan ’t Fryske wêzen eat?
 
Sa wol myn miich en goede arbeidsmaat,
Al is de wei dan oars ferrûn;
Mei selde jonge noft oan ’t poppespul
En letter ’t grutte boartsjen dat de siele wûn.
 
 

Sa’t Postma mear as ien gedicht op de gelikenis tusken him en Brolsma of tusken him en Slauerhoff skreaun hat, sa docht er dat ek op Van Hattum en ek hjir wer, lykas by Slauerhoff mei in ferwizing nei har beider Frysk wêzen. Dat wurdt hjir keppele oan it opgroeien yn Fryslân, it begroeven lizzen dêr fan syn neisten en de niget oan de Greidhoeke mei syn fee. En ek hjir wurde persoanliker oerienkomsten neamd. It minsklike fan syn poëzy (sa hie Witsen Elias it yn Frysk en Frij fan 30 septimber 1954 sein) en – bewust kwetsber him opstellend, de died by it wurd foegjend as er seit: sûnder skerm en skyld – ek it boartsjen mei poppen doe’t se bern wienen.

S323, Natoer en kultuer (1954)

S323, Natoer en kultuer (1954)
 
Ien mei de Fryske greide bin ik en neat haw ik ynliker leaf
   hân as dy.
In paad yn ’e finne, dêr’t oan wjerskanten de klaver opbollet –
Kinsto it litte der in hânfol ôf te skuorren? –
It leech fan it miedlân, dêr’t de raaien dy oer de knibbels rikke!
Ik bin gjin stedman, dat ik by droechte fan it moaie waar roppe kin,
Mar net ien sil it sa oangean as al it goede op jin takomt.
Sa hat net in Marsman it Hollânske leechlân beminne kind,
Dêrfoar moat ik nei de bijen fan Emily Dickinson ta,
Of ik moat Keats ha, as er op in opstap springt om de floed
   fan it lân te sjen.
 
Kultuer is tsjinwurdich in magysk eat dat de sielen behearsket;
Dr. Van der Wielen en frou Faber‑Hornstra binne dêrfoar
   oer in Rie steld.
Wy wisten it net, mar ús earste kultuer sil west hawwe de
    printen fan Kristens reize en fan Dútske romantyk;
En it lêzen fan Negerhut en Goudland en fan Edelhart en
    Vrijkogel
En in inkeld feuilletonstik mei dy frjemde nammen.
(Wie der net wat as ‘teestove’ by?)
En no haw ik 50 jier en langer oan it dichtsjen west,
In sirkel haw ik lutsen om de Koarnwerter toer hinne,
En wat der binnen lei fan it âlde Wildenge haw ik ôfrûn en
   belibbe.
En it soe wêze kinne dat ik dêr mei ek eat fan kultuer
   opbrocht hie.
Haw ik net fan in man heard, fier útstekkend boppe
   de mannichte,
En naam er net moarns earst yn ’e hannen de dichten fan
   Obe Postma?
 
It gedicht is te lêzen as in ferdigening fan eigen poëzy en de wearden dy’t foar de dichter betsjutting hienen. It past by it selsreflektearjend karakter fan syn poëzy, dat sterk wurdt yn de jierren fyftich.
Hy ferliket him mei oare en grutte dichters en fielt him net de mindere. It bringt jin in oar gedicht fan in jier earder yn it sin, dêr’t er yn skriuwt dat Rilke him neat hoegde te learen.  
 
Rilke hat earne foar in jonge dichter sein:
‘Hawwe Jo net (om te dichtsjen) jimmer Jo bernetiid,
Dy kostlike, keninklike rykdom, dat skathús fan oantinkens?’
Ik wie sokken rie net brek; ik wist oars wol
Fan dykhúskes en arbeidershuzen, fan hiem en skuthûn,
Fan in boat oan ’e wâl, dat op weachslach fergiet.
O dy krotten, dy’t it libben hienen en dêr’t de wrâld iepen lei!
            Ut: Krotten (diel fan: As men âld wurdt) SF 318; 1953)
 
En mear gedichten mei deselde ferdigenjende hâlding foar eigen poëzy oer binne te neamen, hiel wat yn de bondel Fan wjerklank en besinnen (1957), mar earder ûntbrekke se ek net.  
Syn magy, seit er, is wat oars as de magy dy’t tsjintwurdich sa by kultuer yn ’e moade is. Hy sil tinke oan it propagearjen fan de magy fan skriftleaze folken, dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch de Westuropeeske kultuer in skoft ta foarbyld steld waard. Hy neamt trije dingen dêr’t er yn ferskilt. .
Dat is earst de natoer. Hy begjint ferrassend: dat is dochs apart, in dichter dy’t him ien fielt mei de greide en neat leaver hân hat as dat, tinkt de lêzer? Dan is der dochs wol wat oars of hegers? In selde, tige karakteristyk begjin fan ien dy’t him sabeare lyts makket, hat ek ’Fan God en heitelân hat Brolsma, like min as de dichter Obe Postma, nea net folle skreaun’ (SF 320, ek fan 1954; Tamminga hie it skreaun).
Mar fuort wurdt dúdlik makke dat it net de minsten wienen dy’t ek troch de natoer besiele waarden. Marsman mei syn ’traag door oneindig laagland’ moat it sa field hawwe (al kin it sa djip net west hawwe), Emily Dickinson mei har klaver en bijen die it en Keats mei syn sprong op in hikke om de floed fan it lân te sjen ek (by him de wyn troch it nôt en by Postma it rinnen troch de raaien yn it miedlân). Keats (sûnder him by namme te neamen), Rilke en Verweij hellet er yn itselde ferbân ek oan yn Is it wol grut? Is it djip weikomd? (SF 310; 1951). It antwurd is: It is net grutter as Fryslân, en dat wurdt dan lyksteld mei it ivige fan de natoer. De anekdoate oer Keats hie er lêzen yn 1918 yn de biografy fan S. Colvin. Yn Keats fûn er wat er neamt de ivichheid fan it eagenblik.
En as it dan om kultuer gean moat, dan is twad de skiednis fan wat om jin hinne is, it bertedoarp en it gebiet dêr’t it yn de Midsieuwen diel fan útmakke, miskyn wol mear kultuer as dy magy dêr’t tsjintwurdich sa fan beard wurdt (deselde gedachte ek yn Gers helje; SF 306; 1953).
En it tredde punt is it idee as soe kultuer skepen of befoardere wurde kinne mei it ynstellen fan in Ried. Dat rêde dr. Van der Wielen en frou Faber-Hornstra net. Al ier binne der fersen tsjin de sosjalisten dy’t it sa goed witte, letter ek tsjin de nasjonaalsosjalisten of it mastersfolk dat neat fan Saskia begrypt dy’t Rembrandt hawwe wol, en altyd stelt er dêr de ferwûndering om simpele dingen of it ienfâldich bestean fan in libben yn frijheid foaroer.
Besiele wurden en belibjen troch datsoarte dingen binne de dichter sûnder sokke kultuer en sa’n Ried al bard doe’t er as bern printen beseach en boeken lies, en syn libben lang hat er besiele west fan it meitsjen fan poëzy en histoaryske stúdzjes oer de wrâld dêr’t er as bern yn libbe hie.
Miskyn hat it net om ’e nocht west. Ien as ds. G.A. Wumkes koe der teminsten net sûnder, want dy is it dy’t er bedoelt. Wumkes wurdt in pear jier letter nochris yn stelling brocht (Op in ljochte dei yn septimber; SF 387; 1958). Postma ferwart him dêr tsjin wat ien ris sein hat, nammentlik: ’Dat boerespul dêr hawwe wy al genôch fan.’ 

Lykas mei Dickinson en Keats hellet er in tsjûge derby dat hy sels it net allinnich is dy’t der sa oer tinkt. Mar oars as by har neamt er hjir gjin namme. It giet om de gruttens en dy komt better út as er it hat oer in man, ’fier útstekkend boppe de mannichte.’ Ek sok omskriuwend oantsjutten docht Postma graach as it lykas hjir om belangrike saken giet. Sa doelt er op Rembrandt as er yn Peaskemoandei (SF169; 1927) skriuwt: ’as hy dy’t ik net neame sil.’