Categorie archief: Mijn mooiste

De gedichten fan Postma kin op mear as ien manier in kar út makke wurde. Sa kin elk foar him- of harsels de tsien of de tweintich moaisten útsykje of – om wat oars te neamen – de fyftich rigels of parten fan rigels dy’t him of har it meast sizze. It is net allinnich nijsgjirrich om te lêzen wat oaren foar kar meitsje, mar ek om te ûntdekken wat jins eigen foarkar blykt te wêzen. Sa’n kar is fansels tige persoanlik. Mar der sil út al de ynstjoeringen dochs ek in byld ûntstean fan wat mear algemien dield wurdt yn de wurdearring fan Postma’s poëzy en wat dêrom klassyk hjitte mei. Dêrom iepenje wy in rubryk “Myn Moaiste…” en hoopje wy op in protte ynstjoeringen. Wy begjinne mei dy fyftich rigels. It giet der om te kiezen wat jin treft. Moai hoecht dat net altyd te wêzen, mar treffend wol. It moat ûnder wurden bringe wat jo om watfoar reden ek mar net loslit om samar te sizzen. Der kinne fansels minder as fyftich opjûn wurde, mar wy ferwachtsje dat it noch in hiele toer wurde sil om út alle treffende rigels fyftich te kiezen. It is de bedoeling dat jo by de rigels (of parten fan rigels of in pear rigels) dy’t jo sitearje opjouwe wêr’t se te finen binne. Dêrta fersykje wy achter de bewuste rigel hieltyd it bledsidenûmer op te jaan fan de bledside dêr’t it gedicht mei dy rigel deryn begjint en foar dat nûmer in S te setten. Dat bledsidenûmer is dus net altyd it nûmer fan de bledside dêr’t dy rigel stiet. Meastal is dat wol sa, mar it kin oars wêze as it gedicht net op ien bledside stiet. Om it gehiel oersichtlik te krijen, wolle wy graach dat jo de útkeazen en oanhelle rigels nûmerje, fan 1 oant 50 dus. De folchoarder hoecht net fan aldertreffendst oant minder treffend te wêzen. Dat soe noch in hiel wurk wurde. Mar wa’t al in rangoarder oanjaan wol, kin dat ek dwaan troch in stjerke achter de moaisten fan dy fyftich te setten. Foar de dúdlikheid jouwe wy in foarbyld. 1. En âlde dingen komme trou werom (S57) 2. En al wat hjir troch bloei en stjerren gong* (S182) Om it jo makliker te meitsjen is der in Worddokumint wêr’t de rigelnûmering al yn stiet. Dêr stiet ek noch ekstra útlis yn. Dat Worddokumint kinne jo krije troch hjir op te klikken. Yn dat dokumint steane ynstruksjes hoe’t de rigels ynfierd wurde moatte en oan ‘e ein fan it dokumint stiet it e-mailadres fan Philippus Breuker, wêr’t jo it dokumint as jo jo moaiste rigels ynfold hawwe hinne stjoere kinne. In skoftsje letter komme jo rigels op dit webstee te stean!