Categorie archief: Algemeen

Over het Obe Postma Selskip

Het Obe Postma Selskip, opgericht in 2006, wil als vereniging liefhebbers van het oeuvre van Postma bijeen brengen. Tevens wil het Selskip de bestudering van zijn werk stimuleren en de uitgave van zijn werk bevorderen.

Het Obe Postma Selskip organiseert regelmatig bijeenkomsten rond verschillende aspecten van Postma’s oeuvre. Tevens geeft de vereniging het blad Wjerklank uit. Ook via de website worden leden en belangstellenden op de hoogte gehouden van het reilen en zeilen.

Door middel van lezingen, tentoonstellingen en dergelijke stimuleert het Obe Postma Selskip een kritische receptie van het werk van Postma.

Het Selskip wil de nationale en (mogelijk ook) de internationale contacten aangaande het oeuvre van Postma bevorderen. Daartoe zoekt het naar steun en medewerking van de overheid en van organisaties die op hetzelfde terrein werkzaam zijn.

Bestuur

De samenstelling van het bestuur van het Obe Postma Selskip is als volgt:

  • Prof. dr. George Huitema, voorzitter
  • Dr. Jan Gulmans, secretaris
  • Dr. Jan Guichelaar, penningmeester
  • Drs.  Geke Sjoerdsma, lid
  • Dr. Doekle Elgersma, lid
  • Dr. Geart van der Meer, lid.

fotobestuur

 

 

 

 

 

 

 

Het huidige bestuur  (vlnr) Jan Guichelaar Jan Gulmans, Geart van der Meer, Doekle Elgersma, Geke Sjoerdsma en George Huitema .

ANBI-gegevens

Wettelijke voorschriften vereisen dat op de site van het Obe Postma Selskip (tevens van de Obe Postma Stichting) een aantal gegevens van het Selskip en de Stichting staan.

ANBI staat voor: Algemeen Nut Beogende Instelling. De gegevens hebben betrekking op statuten, inhoudelijke doelstellingen, financiële regels en verslagen, en activiteiten. Klik hier om de ANBI-gegevens te lezen.

Profyl fan it Obe Postma Selskip

It Obe Postma Selskip is oprjochte yn oktober 2006. It Selskip hat al gâns mear as hûndert leden.

Doel fan it Selskip is Obe Postma syn libben (1868-1963) en wurk (poëzy en wittenskiplik wurk op it mêd fan de Fryske skiednis en de natuerwittenskip) omtinken te jaan troch stúdzje, publikaasjes, útstallingen, ekskurzjes, kongressen, artistike produksjes, etc.en hjirmei in sa grut en divers mooglik publyk te berikken.

It Selskip wol dêrmei ek in bydrage leverje oan in libbene kultuer yn Fryslân, sawol troch syn eigen aktiviteiten as troch omtinken foar Postma op himsels. Postma kin men in erflitter fan dy kultuer neame. Hy nimt dêryn in foaroansteand plak yn, likegoed yn de wrâld fan ûndersyk en stúdzje as yn de herten fan in soad lêzers. En hy hat de skiednis fan fitale dielen fan it libben yn Fryslân beskreaun, lykas it deistich libben yn doarp en stêd, it boerebestean en it boerebedriuw, en de ûnderskate lânskippen.

De Obe Postma Stichting is in ‘dochter’ fan it Obe Postma Selskip en hat as doelstelling (art. 2 fan de statuten) de aktiviteiten fan it Obe Postma Selskip te stypjen en te fasilitearjen troch it generearjen fan finansjele middels.

Fêste aktiviteiten alle jierren:

  •  ien of twa kear ledegearkomsten mei artistyk barren, bg. útfiering fan op muzyk sette
  •  fersen fan Postma
  •   twa nûmers fan it tydskrift Wjerklank (maaie en hjerst)
  •   in literêre of histoaryske ekskurzje nei oanlieding fan Postma syn fersen of stúdzjes
  •   in stúdzjedei (novimber) oer aspekten fan Postma syn wurk yn it ramt fan (ynter)nasjonaal ûndersyk
  •   publikaasje fan de bondel mei lêzingen fan de stúdzjedei en fan oare útjeften yn de Obe

Postma Rige

  •  it oanfoljen en útwreidzjen op it ynteraktyf webstee www.obepostma.nl mei stúdzjes en oare stikken fan en ek oer Postma, en mei lûdsfragminten fan muzyk op gedichten fan Postma of foardracht fan gedichten troch himsels en oaren
  •  it yn ’e mande mei Tresoar foarmjen fan in Obe Postma Samling, besteande út syn skriftlike neilittenskip en út boeken út syn besit, en fierders út skilderijen, foto’s en oare objekten Postma oanbelangjende
  • it op oare wizen befoarderjen fan ûndersyk nei en de belangstelling yn it wurk fan Postma

Obe Postma Selskip oprjochte

Parseberjocht

‘Ta skiente brocht wat net as libben wie’

Anne Wadman hat him yn syn blomlêzing fan de Fryske lyryk, Frieslands dichters (1949), de Nestor fan de Fryske dichters neamd. En Maarten ’t Hart priizge it seldsum hege nivo fan Postma syn poëzy yn syn artikel ‘Op een zondag in mei’ (yn NRC Handelsblad, 18-5-1979). Beide tsjûgenissen binne represintatyf foar it konstante omtinken en de trochgeande stream fan publikaasjes oer Obe Postma as dichter. Postma, dy stille en op himsels libjende figuer, dy’t as earste de yn 1947 troch Provinsjale Steaten fan Fryslân ynstelde Gysbert Japicxpriis krige. Lees verder Obe Postma Selskip oprjochte