Categorie archief: Leven

Brieven fan Postma yn it Selskipsargyf (2)

Brieven fan Postma yn it Selskipsargyf (2)

Tineke Steenmeijer-Wielenga

Yn nûmer 12 fan de Wjerklank binne twa brieven fan Obe Postma oan de skriuwer fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse publisearre mei de dêrby hearrende korrespondinsje út it Selskipsargyf en taljochting en kommintaar fan my.

Dat wiene brieven út 1901 en 1904. Yn it ynliedinkje hie ik ek al wat skreaun oer twa brieven fan 1906 en ien út 1910 dêr’t yn nûmer 12 lykwols gjin romte mear foar wie. Om it oersjoch fan de brieven fan Postma yn it Selskipsargyf folslein te meitsjen wurde dy trije epistels hjirûnder noch werjûn en taljochte.

 

3.

Ut de beide brieven fan 1906 blykt, dat it Haadbestjoer Postma en oaren frege hat om advys út te bringen oer wurk fan Gerben Postma, dy’t by it Selskip oankloppe hie om stipe foar de útjefte fan syn  ‘Olive- en Ikeblêdden’. D. Kalma neamt it yn De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925 in samling fan ‘yn haedsaek psalmdichten dêr’t wirk mank is fen greate wearde’ (I, 18). Postma syn oardiel is net folle oars mei syn ‘Ik for my fyn inkele dingen tige moai’ yn de twadde brief. Mar oan de oare kant fynt er ‘oare wer suver neat’. Ta in útjefte is it net kommen, hoewol’t de beoardielingskommisje in seleksje fan it yn har eagen bêste wurk oan it HB foarlein hat.

Ik jou no earst de brieven en kom dêrnei mei noch wat kommintaar.

 

Obe Postma oan [Sjirk van der Burg]

Koarnwert 22 Aug. ’06

 

Achte hear  Skriuwer,

 

Ik tankje it haedbistjûr foar de forearjende opdracht en wol de bioardieling fen it wirk wol mei op my nimme. Der binne wol inkelde dingen, der ik ljeaver ta meiwirkje scoe om fenwegens it selskip to stypjen, sa as it útjaen fen in goedkeape blomlêzing út de Rimen en Teltsjes ef wirk fen Jan fen ’e Gaestmar bijgelyks, mar G. Postma is dochs ek lang de minste net, al binne de “Olivebledden” net bjuster Frysk. Ik scil dos mar oafwachtsje hwet er fierder komme scil.

 

         Heechachtsjend

         Jins tsjinner

         O Postma [ht.]

 

en it net datearre, ferfolch op dizze brief:

 

 

Achte hear v.d. Burg

 

Hjirby stiûr ik jo de copy en fen ’e oafprinte psalmen dy werom, dy’t net tagelyk ek yn ’e skriften  steane. Wy hawwe dy ek mar mei neisjoen, dy binne lang de minsten net. Ik mis inkelde oafdrukte psalmen[?], dy’t yn it skrift steane, ik tink hast, dat de hear Wartena dy noch hat, nou dat docht er net folle ta. It forslach, troch de oare hearen goedkard, giet hjirby. Sa as jy sjen scille wirdt er in kar dien: dat is goed en dat is forkeard. Ik for my fyn inkele dingen tige moai, mar oare wer suver neat.

De rekken fen ús ûnkosten is noch net opmakke; hwer en hwennear moatte wy dy ynstiûre?

 

         Mei groetenisse

         Jins

         OPostma [ht.]

 

 

Dizze brieven binne om ferskillende reden aardich; foarst omdat der út blykt, dat Postma frege is om wurk te beoardieljen en dat er op dat fersyk yngien is. Hy neamt it in ‘forearjende opdracht’.

Yn de twadde brief wurdt dúdlik, dat Postma binnen dy kommisje de funksje hie fan kontaktpersoan mei it HB: hy stjoert it ferslach ta en sil ek de ûnkostenota yntsjinje.

 

Nijsgjirrich is fierder, dat Postma opmerkt, dat er leaver meiwurkje wolle soe oan in goedkeape blomlêzing út de Rimen en Teltsjes of fan dichtwurk fan Jan Jelles Hof. Dat er in leafhawwer wie fan it wurk fan de Halbertsma’s hie al bliken dien út syn gedicht dêroer dat yn 1902 as ferfolch op syn debút yn Forjit my net! opnommen wie. Yn 1915 soe er Hof noch stypje yn de striid tsjin Douwe Kalma. Yn dat jier benadere dy Jongfries Postma mei in fersyk om fersen by te dragen oan in troch him gear te stallen blomlêzing. Postma is dêrta wol ree, mar op twa betingsten: ‘It earste is, dat it boek oars net as in blomlêzing wirdt, dos sûnder letterkindige biskôgings. Hwet ik op dat gebiet fen Jo lêzen haw yn Forjit-my-net, L.C. en “Jongfryske biweging”, der kin ik it lang net mei iens wêze. Binammen Jins oardiel oer de Halbertsma’s en Jan fen ’e Gaestmar is, by my, faken fier mis. (Sjuch myn fers “De Rimen en Teltsjes fen ’e bruorren Halbertsma”). It twadde bitinkst is, dat ik de kar goed fine moat en de fersen noch ris neisjen mei, foar’t hja printe wirde.’ (8.12.1915). In dei letter komt Postma noch mei krityk op de list fan skriuwers fan wa’t Kalma wurk opnimme wolle soe. Neffens him mist de namme fan Th. Van der Schaaf dêrop. En dan nimt er it nochris foar Hof op mei de wurden: ‘Fierder makket it in frjemde yndruk as men wol Sipma, mar net Hof sjucht ûnder de nijere persoanlike skriuwers.’ (9.12.1915).

Postma is konsekwint bleaun yn syn ferwiten oan it adres fan Kalma. Yn in betankbrief foar de twadielige blomlêzing Wy roppe de libbenen frege er nochris, wêrom’t Kalma dêr gjin wurk fan Gerben Postma en Jan Jelles Hof yn opnommen hat. (3.11.1938).

 

4.

De lêste brief fan Postma dy’t ik yn it Selskipsargyf fûn haw, is ien fan 1910. It liket my net ûnmooglik, dat yn de neilittenskip fan bygelyks Sytstra nochris mear fûn wurde sille, want brieven as dizze by de oanbieding fan in tal nije fersen sil Postma dochs – sjoen it grutte tal gedichten dy’t fan him opnommen binne yn Forjit my net!, Swanneblommen en letter Fryslân – folle faker skreaun hawwe. Dy publikaasjeplakken binne te finen yn de ynhâldsopjefte fan de Samle fersen en faaks leannet it wol de muoite om nochris systematysk te sykjen nei en/of yn redaksje-argiven fan alle periodiken dêr’t wurk fan syn hân in plak yn krigen hat. Utjouwers en redakteuren lizze op in minne namme by literatuerhistoarisy, omdat fan har sein wurdt, dat se as de kopij ien kear printe is alle belangstelling foar de eftergrûnen fan it wurk ferlieze, mar der binne útsûnderingen! De brief dy’t hjir folget is grif oan de obskuriteit fan sokke redaksjonele bewarplakken ûntkommen troch it twadde part, dat oer algemien Selskipsbelied giet.

 

Grins, 6.9.1910

 

                   Tige Achte Hear Samler,

 

Hjirby stiûr ik Jo wer ris in stikmannich oan ien side beskreaune blêdden. Ik hoopje dat Jy der fan brûkme meitse kinne for Forjit my net. Der is dizze kear d’ris ien “gelegenheitsdicht” by.

Mei ik noch ek in lytse opmerking meitse oangeande ús Frysk Selskip? Ik hearde lêsten, it ledental wier hwet oafnomd. Scoene Jimme der gjin foroaring yn bringe kinne troch mear leden bûten Fryslân to sjen to krijen? Net troch de leden fen Fryske Selskippen bûten Fryslân te nimmen, sa as mien ik Canne woe, mar b.g. troch hwet reclame ûnder de intellectueelen to meitsen.

Ik wol leauwe det er hûnderten Fryske leararen M.O. binne bûten Fryslân. En der binne miskien 4 lid. Schepers, Sipma, Auke [?] en ik.

Der is mar ien Fryske professor lid. Hwerom sokke ljue als [!] prof Pel, Ruitinga en Talma net? Dy kinne it ek wol bitelje. Mar miskien witte dy ljue ek hast net fen it Selskip oaf. Do’t Van der Burg my frege lid to wirden, leau ik net det ik it tydskrift Forjit my net ea sjoen hie. Allinne Swanneblommen hie ik wolris koft.

Ik bin bang det er op it egenblik to folle de miening bistiet det men hwet for it Frysk dien habbe moat of to minsten der bipaelde bikinde sympathie for habbe moat om lid wirde to kinnen, en det is dochs fêst sa net? Det kin dochs letter komme.

Mei myn bêste winsken for Selskip en it Frysk

        

         Jins

         OPostma [ht.]

 

Earst wol ik wize op de term ‘gelegenheidsgedicht’, dy’t Postma sels yn syn brief markearre hat mei skrapkes. Hy ferwiist dêrmei nei it fers ‘Fleanen’ (SF 38), dat yndie yn 1910 noch opnommen is yn Forjit my net!. Postma hat it skreaun ‘By de dea fan Clement fan Maasdijk, 27 augustus 1910’ en it is yn syn oeuvre it earste (en in seldsum) foarbyld fan streekrjocht oan de aktualiteit ûntliende ynspiraasje. Fansels binne der de talrike in memoriamgedichten en gâns fersen dy’t skreaun binne nei oanlieding fan of by it tebinnenbingen fan dingen dy’t op in bepaald stuit bard binne. Der binne ek ‘echte’ gelegenheidsgedichten dy’t er op fersyk skreaun hat, mar wat ik no mar ‘it krantenijs’ neame sil, fine wy net faak yn syn poëzy werom. Dat er sels (?) koart foar it ferûngelokjen fan de fleaner in demonstraasje op It Fean bywenne hie, ferklearret de emoasje dy’t sa fier giet, dat Postma de Haachske Van Maasdijk ‘ús eigen fleaner’ neamt en it fers oer dy syn dea yn syn earste bondel ûnderbrocht hat yn de ôfdieling ‘Fryske lân en Fryske libben’. Sok fielen moat moai algemien west hawwe yn Fryslân en benammen op It Fean, want dêr is in strjitte nei him neamd en in tinkteken mei in troch Pier Pander makke medaljon foar Van Maasdijk oprjochte.

Ik haw nammers in fraachteken achter dat ‘sels’’ set, omdat ik der net wis fan bin, dat wy yn ‘w’’ fan rigel 4 ‘ik en oaren’ lêze meie. It kin ek weromslaan op de ‘tûz’nen’ ‘út heel Fryslân’ fan rigel 2 mei wa’t de dichter him ferienselvige hat.

Om de opfetting dat Postma net waarm rûn foar de Fryske Beweging justjes te nuansearjen is it twadde part fan de brief nijsgjirrich. Hjir blykt út, dat er wol deeglik meitinke woe oer de takomst fan ‘ús Frysk Selskip’. Miskien hat er mei it wizen op de Fryske intellektuelen yndirekt ek wol besykje wollen it nivo fan de kritejûnen wat te ferheegjen. Yn it Ald Selskip hawwe gauris twa groepen foar inoar oer stien: de ‘nocht en wille-’leden en de minsken dy’t it Frysk en de Fryske kultuer stypje woene, bygelyks troch it opsetten fan stúdzjerûnten binnen de kriten.

Postma neamt yn dizze brief ek nochris, dat hysels frege is om lid te wurden troch Van der Burg, mar dat wisten wy ûnderwilens al!

 

Tineke Steenmeijer-Wielenga

 

De skriftlike neilittenskip fan Piter Obes Postma

Bylage by: Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Piter Obes Postma (1835-1891), de heit fan de dichter’. Yn: Wjerklank 11 (2012)
Yn it hjirboppe neamde artikel oer Obe Postma syn heit wie net genôch romte om de fiif  teksten dy’t fan dy syn hân bewarre bleaun binne hielendal op te nimmen. Ik haw yn dat stik tasein, dat se folslein tagonklik makke wurde soene op it webstee fan it Obe Postma Selskip. Dy tasizzing kom ik hjirby nei. Tineke Steenmeijer- Wielenga.

De skriftlike neilittenskip fan Piter Obes Postma

 

De Kingmakonneksje

De Kingmakonneksje
Postma wie fia syn mem besibbe oan de Kingma’s fan Makkum, letter ek fan Snits en Boalsert. It wienen fabrikanten en banklju. Der wie lykwols mei inkelen fan har ek in famyljerelaasje fia de heit. Aukje J.S. van Erkelens-Glass makket yn inkele saneamde geneagrammen yn ien eachopslach  dúdlik wa’t de neven en nichten Kingma wienen. Sy brûkte it stambeamprogramma gensdatapro. Bysûnderheden oer belutsenen jowt D.P. de Vries yn syn Inventaris van de archieven van de bewoners van het huis annex kantoor van de firma M.H. Kingma te Makkum 1726-1932 (Ljouwert, 1989).