http://www.obepostma.nl/wp-content/uploads/2018/04/VOORDRACHT-TEAKE-OPPEWAL.pdf
Categorie archief: Presentaties
Poëziemiddag 19 september 2014 in Tresoar
Voor de foto’s klik hier
Onthulling buste Obe Postma op 6 november 2014
Op 6 november 2014 werd in Tresoar de door Frans Tiessen ontworpen buste van Obe Postma tijdens een feestelijke bijeenkomst onthuld. Ter gelegenheid daarvan werden korte inleidingen verzorgd door George Huitema, voorzitter van het Obe Postma Selskip, Hajo Apotheker, burgemeester gemeente SWF, Frans Tiessen, maker van de buster, Philippus Breuker en Willem Abma.
Fotoserie boekpresentatie Provinciehuis Leeuwarden
George Huitema heeft van de boekpresentatie op 15 november jl. in de statenzaal van het provinciehuis in Leeuwarden een mooie fotopresentatie gemaakt. Hieronder een selectie van de foto’s.
Poëzijmiddei te Koarnwert 12 mei 2013
Presentaasje Stúdzjedeibondel: ‘Zekerheden in waarnemingen’
“De fascinatie voor Slauerhoff”
Op freed 20 maaie 2011 waard it earste eksimplaar fan it boek “De fascinatie voor Slauerhoff” presentearre. Huub Mous jouwt fan die gearkomste in ferslach. Sjoch Woorden en Wolken
Fan dizze feestlike gearkomste ha wy inkele foto’s:
Slauerhoff Interieurs, it plak wer’t it boek oanbean waard.
De foarneamde buste fan Jan Jacob Slauerhoff.
Konsert Mingd Koar Aldtsjerk
It Mingd Koar fan Aldtsjerk joech op 19 april 2008 om 20.00 oere yn de Paulustsjerke te Aldtsjerk in útfiering. Op it programma stie ûnder mear ‘Al myn libbens freugden’ fan Obe Postma, op muzyk set troch Renilde Duif.
Natuerkundige biblioteek en oantekenskriften fan Obe Postma nei Tresoar
Koartlyn – op tiisdei 9 jannewaris 2007 – waard troch it Obe Postma Selskip de wis- en natuerkundige biblioteek fan Obe Postma oerdroegen oan Tresoar. Ek waard in samling skriften fan Postma troch de Fryske Akademy oan Tresoar oerdroegen. De gearkomst waard hâlden yn de Gysbert Japixseal fan Tresoar.
Bert Looper, direkteur fan Tresoar, iepene de gearkomst. Hy lei klam op it belang fan dizze samling of boekerij foar fierdere stúdzje fan it oeuvre fan Postma. Neidat hy en de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, Siebren van der Zwaag, de oerdrachtsoerienkomst tekene hienen, fertelde Doekele Elgersma út Ootmarsum eat oer de eftergrûnen fan de boekerij. It die bliken, dat de samling kommen is fan Doekele’s broer Schelte, krekt as Postma wiskundige. De skriften fan Postma waarden dernei oan Tresoar oanbean troch Reinier Salverda, de direkteur fan de Fryske Akademy. As pièce de resistance fan de middei kaam de theoretysk-fysikus Frans Steenmeijer oan it wurd. De titel fan syn foardracht wie: ‘Iets over de wis- en natuurkundige bibliotheek van Obe Postma’. De lêzing, waard – yn tsjinstelling ta wat de hollânske titel suggerearret – yn it Frysk hâlden en is op it webstee fan it Obe Postma Selskip – dat ûndertusken al 90 leden hat – tagonklik.

By de ûndertekening fan de oerdracht, fan l. nei r.: Bert Looper, direkteur fan Tresoar, Siebren van der Zwaag, foarsitter fan it Obe Postma Selskip, en Lourens Oldersma, oant foar koart waarnimmend direkteur fan Tresoar en tarieder fan de gearkomste
De wis- en natuerkundige biblioteek fan Postma waard yn 2006 skonken oan it Obe Postma Selskip troch syn bestjoerslid Doekele Elgersma. It Selskip skinkt op syn bar dy boekerij yn eigendom oan Tresoar en hopet dat op dy wize de tagonklikheid fan de boekerij foar stúdzje tanimme sil. Tresoar hat it Selskip garandearre, dat de boeken byinoar stean bliuwe en beskreaun wurde sille as ‘Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek.’ De boeken wurde ferdield yn fiif skiften: natuerkunde, seefeartkunde, stjerrekunde, wiskunde en (wittenskips-)filosofy.

De oerdroegen boeken wis- en natuerkunde
De neilittenskip fan Postma – eartiids beskreaun troch Philippus Breuker yn De Vrije Fries (1983) – omfettet ek sa’n goed 800 skriften mei oantekens en úttreksels. Dy binne op 9 jannewaris ek oerdroegen oan Tresoar. It eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) hie al in beheind tal skriften. Dy meitsje no, mei de op 9 jannewaris oerdroegen skriften, as ien gehiel diel út fan de grutte kolleksje Postma, dy’t no by en troch Tresoar beheard wurdt.
As ôfslutend ûnderdiel fan dizze feestlike middei, dy’t besocht waard troch sa’n 100 minsken, fierde in muzikaal trio de premiêre út fan “Blank lizze de fiere lannen”, komponearre troch Pieter Bakker fan Skraard nei oanlieding fan it gedicht “Wintermoarn” fan Obe Postma. Ut de reaksjes fan ‘e oanwêzigen die bliken, dat ek dit ûnderdiel tige op priis steld waard, krektlyk as alle oare ûnderdielen fan dizze middei.

Finn Möricke en Mirjam Lumkeman, dy’t “Blank lizze de fiere lannen” fan Pieter Bakker spylje