Categorie archief: Activiteiten

Obe Postma Rige

Yn de Obe Postma Rige binne de neikommende publikaasjesferskynd:
  1. Philippus Breuker en Jan Gulmans (red,), De dichters en de filosofen. Wijsgerige aspecten van de poëzie in Nederland rond 1900. Ljouwert 2008.
  2. Philippus Breuker (red.), Omt ik foar Dea net stilstean koe. Trettjinris Because I could not stop for Death. Ljouwert 2008.
  3. Philippus Breuker en Jan Gulmans (red.), Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking. Ljouwert 2009.
  4. Obe Postma,Veld huis en bedrijf. Landbouwhistorische opstellen (ed. Philippus Breuker,m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Hilversum 2010.
  5. Guus J. Borger, Philippus Breuker en Hylkje de Joing (red.), Van Groningen tot Zeeland. Geschiedenis van het cultuurhistorisch onderzoek naar het kustlandschap. Hilversum 2010.
  6. Philippus Breuker, Jan Gulmans en Hylkje de Jong, De fascinatie voor Slauerhoff. DeGerdyk 2011.
  7. Jan Gulmans (red.), Obe Postma yn it Russysk [trijetalige útjefte]. Ljouwert 2011.
  8. Jan Guichelaar en George Huitema, In beeld en tekst: Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900. Ljouwert 2011.
  9. Jan Guichelaar, George Huitema en Hylkje de Jong (red.), Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900. Hilversum 2012.
  10. Philippus Breuker, Goffe Jensma en Hylkje de Jong, ‘Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland’, Hilversum. Verloren, 2013.
  11. Geart van der Meer, Jan Gulmans (red.), ‘Obe Postma, Dichter fan it Fryske lân’, Utjefte ta gelegenheid fan de ûntbleating fan de búste fan de dichter en wittenskipsman, Ljouwert, 6 novimber, 2014.
  12. Philippus Breuker, ‘Obe Postma. It deistich bestean by âlds. Samle histoaryske opstellen II’. Wijdemeer, 2015.
  13. Tineke Steenmeijer-Wielenga, Geart van der Meer, “Obe Postma. In libben dat bloeide nei syn aard”, Elikser, 2017.
  14. Philippus Breuker, “Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma”, Wijdemeer, 2018.

OP Rige 6: “De fascinatie voor Slauerhoff”

Op 20 maaie 2011 waard troch it Obe Postma Selskip yn Slauerhoff Interieurs te Ljouwert in boek op it gebiet fan de poëzij oanbean. Sprekkers wiene ûnder mear Hylkje de Jong en Martin Reints. Slauerhoff Interieurs is it plak wêr Slauerhoff opgroeide.

De titel fan it boek is: “De fascinatie voor Slauerhoff”. De redaksje wie yn hannen fan Philippus Breuker, Jan Gulmans en Hylkje de Jong. Der binne bydragen fan Huub Mous, (Slauerhoff en het onbehagen in de cultuur); Hein Aalders (Kamp met de demon. Het demonische in het werk van Slauerhoff); Eep Francken (Slauerhoff in de Nederlandse literatuurgeschiedenis); Marian de Vooght (De rusteloze en de berustende: Slauerhoff en Terborch in vriendschap en verbeelding); Philippus Breuker (Postma’s fascinatie voor Slauerhoff) en Wim Hazeu (De Friese bronnen van Slauerhoff).  It boek is útjoen yn de Obe Postma Rige no. 6 (ISBN 978-90-5615-265-9.)

2011-Slauerhoff-LCrecensie

Algemiene Ledegearkomste 2013

Hjirby noegje ik jimme út namme fan it bestjoer fan it Obe Postma Selskip út foar de jierlikse ledegearkomste. Dy gearkomste wurdt hâlden op moandei 11 febrewaris 2013 yn Kafee Wouters, Sophialeane 5, te Ljouwert, tiid: 19.30 oant 21.30 oere.
Wurklist Algemiene Ledegearkomst: 

(1)     Iepening.

(2)     Mûnling jierferslach 2012, ferslach ledegearkomste 24-1-2012.

(3)     Tebek- en foarútsjen: meidielingen oer 2012 en plannen foar de takomst.

(4)     Finansjele saken: finansjeel ferslach 2012, kas-kommisje, begrutting 2013.

(5)     Utstel foar en ferkiezing fan twa nije bestjoersleden (gewoan lid en ponghâlder). It bestjoer ropt leden dy’t har kandidaat stelle wolle – óf foar de funksje fan bestjoerslid óf foar de funksje fan ponghâlder – op dit witte te litten oan de skriuwer.
Oanslutend it ôfskie fan de bestjoersleden Philippus Breuker en Hylkje de Jong.
(6)     Wat fierder op it aljemint brocht wurdt.
(7)     Ofsluting.
 
Skoft
Nei it skoft twa ûnderdielen. Earst in lêzing fan Dr. Marco Goud (yn 2003 promovearre op Ziende verbeelding. Over zien en (on)zichtbaarheid in poëzie en poëtica van P.C. Boutens) oer de relaasje tusken Postma syn bêste freon T.J. de Boer en P.C. Boutens.
De hear Goud skreau my: ‘Obe Postma had, zoals bekend, grote bewondering voor de dichter P.C. Boutens (1870-1943). Hij is door Philippus Breuker wel de ‘Friese Boutens’ genoemd. Postma vertaalde enkele gedichten van Boutens in het Fries en hij schreef een gedicht over Boutens’ bundel Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe. In mijn bijdrage zal ik ingaan op Boutens’ dichterschap en de raakvlakken tussen Boutens en Postma. Daarbij zal ik ook ingaan op Boutens’ contact met T.J. de Boer, aangezien Postma Boutens vermoedelijk via De Boer leerde kennen’.
Nei de ynlieding fan Marco Goud sil Tineke Steenmeijer-Wielenga in presintaasje jaan fan in (digitalisearre) fotosamling út in Album fan Meindertje Yntema-Postma, de âldste suster fan Obe en de beppe fan Doekle Elgersma, lykas bekend in âldomkesizzer fan Obe. Yn en nei oerlis mei Doekle hat Tineke dizze famyljefoto’s fan in ûnderskrift foarsjoen. De samling is oanfold mei foto’s út de fotobase fan Tresoar.