Hjirby nûgje ik jo
út namme fan it bestjoer fan it Obe Postma Selskip út foar in algemiene
ledegearkomste. It ûnderwerp fan dizze ledegearkomste is it foarstel fan it
bestjoer ta opheffing fan it Obe Postma Selskip as feriening (sjoch de
taljochting yn de nijste Wjerklank
22).
Artikel 30 fan de OPS
statuten giet oer de “Ontbinding” fan de feriening. Op de Algemiene
Ledegearkomste moat minstens 2/3 fan de leden oanwêzich wêze (= 60 leden). En yn
dizze gearkomst moat 2/3 mearderheid akkoard gean mei it útstel ta
opheffing fan de feriening. As der net 2/3 fan de leden oanwêzich binne, dan
nûget it bestjoer fan it Obe Postma Selskip de leden út foar in folgjende
bysûndere ledegearkomste dêr’t dat útstel opnij ynbrocht wurdt troch it
bestjoer. Yn dizze gearkomste kin dan besletten wurde mei 2/3 mearderheid, wat
it oantal oanwêzige leden dan ek mar is.
Mei
freonlike groeten, Jan Gulmans, skriuwer
Algemiene Ledegearkomste (15:30 – 15:45)
Wurklist
Iepening
Utstel
ta opheffing Obe Postma Selskip per 31-12-2018
Op de lêste OPS-ledegearkomste yn febrewaris ha ik it oer de takomst fan it Selskip hân en meidield dat it bestjoer fynt dat it wurk as feriening derop sit. Dêrom lizze wy yn in spesjale ledegearkomste op 12 desimber 2018 de opheffing fan it Selskip oan de leden foar.
Sûnt de oprjochting fan it OPS yn 2006 binne der tal fan aktiviteiten organisearre. Under oaren hawwe der reiskes en stúdzjedagen west. Ek is it slagge om 22 nûmers fan ús blêd Wjerklank en 14 boek- útjeften yn de Postma Rige ferskine te litten. We meie tige grutsk wêze op de aktiviteiten en resultaten fan it Selskip. Ik hear faken dat der gjinien literêr selskip yn Fryslân is dat sa warber is mei aktiviteiten mei sa’n grutte kwaliteit.
Mar it gong
de lêste jierren hieltyd swierder. Nei de lêste reiskes en stúdzjedagen wiene
der gjin libbensfetbere ideeën foar nije tema’s mear. It garjen fan kopij foar
ús blêd Wjerklank gyng ek net maklik
mear, de bydragen kamen der net by de rûs. We binne werom gien fan twa nei ien
nûmer per jier. De measte bydragen binne ek fan bestjoersleden.
Op it
finansjeel mêd kealle it ek swierder. De útjeften yn de Postma Rige wiene
mooglik troch stipe fan ferskate fûnsen. Mar de lêste jierren wie it dreger
om fûnsen te ynteressearjen. De bedraggen waarden lytser en we moasten in soad
fûnsen oanskriuwe. Wy binne tige bliid dat it mei de reserves dy’t we noch
hienen úteinlik slagge is om alle boeken, dy’t op priemmen stienen, út te jaan.
Yn it bysûnder neam ik de resinte boeken: Obe
Postma. In libben dat bloeide nei syn aard fan
Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer, de
bondel Selected Poems, in
bondel mei fjirtich komposysjes op gedichten fan Postma en
de Postma-biografy Dreaun fan
ierde’ dream fan Philippus Breuker. Fierder koene wy gelokkich
behoarlik de kosten drukke troch yn goede gearwurking mei Tresoar gebrûk te
meitsjen fan harren lokaasjes en tsjinsten.
As lêste
faktor moat ik neame dat it ledetal elts jier mei sa’n 10% werom rint
(we sitte no op 90 leden) troch opsizzen en ferstjerren fan leden. Dêr komt
noch by, en dat is spitich om te sizzen, dat de ponghâlder elk nij jier foar
wol in tredde part fan it oantal leden mear as fjouwer kear oantrune moast (mei
brieven, mailtsjes en telefoantsjes) om it abonnemintsjild te beteljen.
Wij hawwe yn
it ôfrûne jier noch alles op alles setten om Postma-leafhawwers in nijsgjirrich
jier te bieden. Yn it 150e bertejier fan Postma koenen wy yn it ramt fan
Ljouwert Kulturele Haadstêd (LF2018) mei de Postma Dagen in prachtich programma
delsette mei in nije trijetalige Postma-bondel, in poezijmiddei, in kuiertocht
en in muzykkonsert. En dan krektlyn in nij hichtepunt dit jier mei de
boekpresintaasje fan it magnum opus fan Philippus Breuker, in
biografy fan Postma.
Mar dit is no dan de ein. Mei alle boppeneamde faktoaren fynt it bestjoer unanym dat it wurk as feriening dien is. Dêrom leit it bestjoer de opheffing fan it OPS per 31/12/2018 foar oan de leden. It foltallige bestjoer stapt dernei ek op.
De oandacht
foar Postma ferdwynt natuerlik net troch opheffing fan in feriening mei leden.
Wy stelle út it online materiaal fan ús webstee by Tresoar ûnder te bringen.
Tresoar hat hjirfoar in digitaal kanaal (Sirkwy) en is tige optein mei dit
foarnimmen. Boppedat mei it nije besikerssintrum OBE wol Tresoar ek
graach elk jier oandacht oan Postma skinke mei help fan entûsjaste Postma-leafhawwers.
We sjogge
werom op in prachtige tiid as Selskip en tankje de leden dy’t it Selskip
droegen hawwe.
George Huitema, foarsitter
Jan Gulmans, skriuwer
Jan Guichelaar, ponghâlder
Geke Sjoerdsma, lid
Doekle Elgersma, lid
Geart van de Meer, lid
Philippus Breuker, Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma
Tiid: 13:30 – 17:00, Woansdei 24 Oktober 2018; Gysbert Japicxseal, Tresoar, Ljouwert
Programma
13:30 Ynrin, ûntfangt mei kofje/tee.
14:00 Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
14:05 Lêzing Tusken klaai en akademy troch Jan Gulmans, sekretaris Obe Postma Selskip.
14:40 Lêzing Het schrijven van een biografie: historiografische en narratologische overwegingen troch Elisabeth Leijnse, heechleraar Letterkunde, Universiteit Namen.
15:15 Lêzing Problemen by it skriuwen fan in biografy fan Obe Postma en yn dy biografy sels troch Philippus Breuker, auteur biografy Dreaun fan ierde’ dream.
15:40 Utrikking earste eksimplaar biografy oan Siebren van der Zwaag, âld-foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
15:45 Ofsluting mei oanslutend ferkeap fan it boek en neipetear mei hapke en drankje.
GEDICHTEMIDDEI: it biedwurd is Lânskipspine? In útdaging foar de Fryske dichters. Obe Postma is wol ‘de dichter fan it Fryske lân’ neamd. Postma, de boeresoan dy’t syn hiele fierdere libben yn de stêd trochbrocht hat, hat dat lânskip grif idealiseard. It krige by him wat fan it tiidleaze, en dat ek foaral fanwege syn oanstriid om yn it hjoed mear te sjen as wat syn each no en hjir seach: by him wie it hjoed it resultaat fan it ferline, en dy twa wienen ien, want yn it hjoed wie ek it ferline te sjen. Hij seach de werklikheid ‘dûbel’. In seistal Fryske dichters sil mei harren eigen dichterlike ferwurking foar it buordsje komme oer hoe’t sy hjoed-de-dei it Fryske lânskip sjogge. Dy seis dichters binne: Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Friduwih Riemersma, Abe de Vries, Jetze de Vries, en Syds Wiersma. De organisaasje leit yn hannen fan Geart van der Meer (Obe Postma Selskip) en Lysbert Bonnema (Tresoar).
BOEKPRESINTAASJE ‘SELECTED POEMS OBE POSTMA’: Oan de ein fan de middei is de boekpresintaasje fan de trijetalige útjefte (Frysk-Ingelsk-Nederlânsk) Selected Poems Obe Postma fan fersen fan Obe Postma (1868-1963) troch Tresoar en it Obe Postma Selskip. De oanbieding fan it earste eksimplear is oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De oersettingen binne fan Jabik Veenbaas en Anthony Paul. De útjouwer is Wijdemeer en it omslach en typografy binne fan Gert Jan Slagter. Yn Postma syn 150ste bertejier leit de kulturele ferbining mei Ljouwert as de Kulturele Haadstêd.
Tiid: freed 6 april, 17.00 – 17.30 oere. Plak: yn OBE, it gebou Lân fan Taal.
OBE POSTMA KUIER
In kuier troch de stêd mei in gids lâns spoaren fan dichter-skriuwer Obe Postma. De kuier duorret likernôch oardel oant twa oeren. Aktiviteit yn it ramt fan Lân fan Taal en de Obe Postma Dagen. Organisaasje: Tresoar, Obe Postma Selskip e.o. Kosten: fergees. Opjefte winsklik fia historischcentrum@leeuwarden.nl, of telefoanysk (058 – 2332350).
Tiid: sneon 7 april, 14.00 oere. Begjinplak: HCL.
KONSERT YN ’E DOARPSTSJERKE FAN HUZUM:
Poëzy fan Obe Postma op Muzyk
“It Paad”
m.m.f.
Jeroen Helder – tenor
Paulo Folkertsma – deklamaasje
Rianne Jongsma – fluit
Afke Wijma – piano
Gerben van der Veen – harmoanium
Fokaal ensemble û.l.f. Gerben van der Veen
Fokaal ensemble: Aukje de Graaf, Annelies Volgers,
Jannie van der Meer, Marjan van der Zwaag, Ari Boersma,
-3- Folkertsma (1901-1972) Yn it iere foarjier (1927)
Tenor, harmoanium
-4- van der Kooij (1968) Liereman (2011)
Tenor, piano
-5- Visser (1939) út: Trije Obe Postma Lieten (2011)
– Jûn
– Al myn libbens freugden
-6- H.D. Odinga (1960) Myn bestean (2011)
Fokaal ensemble, piano
Boekpresintaasje ‘Postma op muzyk’: Oan ’e ein fan it konsert wurdt it earste eksimplaar fan it boek ‘Postma op muzyk’ oanbean. Yn it boek binne mear as tritich komposysjes opnaam op gedichten fan Obe Postma. Ek de gedichten sels binne opnaam. Priis: 10 Euro.