Categorie archief: Activiteiten

Reiske 2007: O Grinzerlân, do fryske gea, hoe leist yn swiidste simmerpracht!

Ympresjes oangeande it Grinslân-reiske

Al rillegau nei de earste gearkomste fan it Obe Postma Selskip yn novimber 2006 te Koarnwert waard dúdlik, dat it Selskip doel hie op in Grinslân-reiske, dat wol sizze in reiske troch Grins en omkriten lâns dy plakken, dy’t yn it wurk fan Obe Postma op likefolle hokker wize omtinken krigen ha. Under lieding fan Philippus Breuker – dy’t yn it earste nûmer fan ‘Wjerklank’ in beskriuwing fan it Grinslân-reiske bean hat – waard de tarieding fan it reiske oanfongen. Op sneon 2 juny fan dit jier wie it safier.

Net minder as 38 minsken hiene harren oanmeld foar it reiske. Om tsien oere stuts de bus fan de firma Dalstra út Surhústerfean ôf. Fia Drachten kamen we – neidat ús foarsitter Siebren van der Zwaag de dielnimmers hertlik wolkom hjitten hie en derop wiisd hie, dat it Selskip sa’n hûndert leden hat – yn it sintrum fan Grins út. Dêr die Breuker ús witten – steande foar it hûs Oude Boteringestraat 21 – dat Postma dêr op keamers wenne hat en dat hy dêr mei syn freon Tjitze de Boer yngeande gesprekken hân hat oer filosofy, skiednis en mooglik ek oer poëzij… It gedicht Yn Grinslân (SF 400, 1962) begjint net tafallich mei: ‘Sa’n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden, Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht’. Dy fjirtich jier slane op de perioade 1894 oant 1934, it jier dat Postma mei syn suster nei Ljouwert teach. Wy seagen de âld-HBS, wêr’t Postma dy fjirtich jier learaar west hat. It gedicht Tebinnenbringen fan in âld skoalmaster (SF 398, 1962), dat foardroegen waard yn de bus foar de Rijks-hbs yn de Grutte Krússtrjitte, slacht op dy fase fan syn libbensrin tebek en út dat gedicht, dat krekt as in grut oantal (15) oare gedichten treflik troch Aly van der Mark foardroegen waard, docht bliken, dat hy heel wol by dy grinzer en drintse jonges syn freonen hie. Bygelyks Eije Wiersema út Skouwersyl (1896-1921), waans ‘strieljende laits’ neffens Breuker mooglik ferwiist nei it Platoonske diel hawwen oan it goddelik ljocht.

De lunch waard brûkt yn it Elanderhûs by it Hoarnse Djip. Yn de bus dêrhinne hearden wy Strjitliet (SF 80) en Myn hûs (SF 89) en oan it Hoarnse Djip waarden Romantyk (SF 144) en De Kuier (SF 177) foardroegen… Strjitliet docht tinken oan de Mei fan Gorter; dream en liet befrije. Ut it gedicht sprekt in langst nei frijheid, natuer en Fryske folk. Myn hûs komt werom op de ‘sill’ge pinksterdei’, krekt as yn Pinkstersnein (SF 15, 1901) de dei werop ’t it heechste lok op de dichter saaid is en de himmel iepen gien is. Ek Romantyk docht oan Gorter tinken (yn it griene skimer: de avond aamt nu haar goudgroene licht).

It waar wie ûndertusken prachtich en der wie folop gelegenheid foar de dielnimmers inoar neier kinnen te learen en de Postma-lêserfarings út te wikseljen… Nei de lunch gyng de reis nei Leegkerk. Dêr droech Aly van der Mark uteraard By Leegkerk (SF 146) foar. Breuker gyng yn syn taljochting ûnder mear yn op it feit, dat neffens Postma de siel him útjout yn romte (natuer) en tiid (’t âld geslacht) en, ten twadde, wat de ierde belibje foar Postma ynhâldt. Breuker ferwiisde nei it krekt ferskynde boek fan de skiednisfilosoof Frank Ankersmit oer de sublime histoaryske erfaring. Wy rieden by tsjerke en pleats Gravenburg lâns, fia Dorkwerd mei yn ‘e fierte Oostum, Wierumerschouw en Wierum. ‘Mar haww’ jimm’ ek stien te Oostum, Of te Wierum op’t heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm’ hinne’ (Fan it Fryske lân, SF 235). Uteraard gyngen we ek nei Fransum – sjoch it gedicht yn ‘Fan wjerklank en bisinnen’ – en dank sy Breuker syn yngeande taljochting witte we no ûnder mear, wa’t de ‘Dôfhûdige Saksyske âld-man’ is, werfan ’t yn dat gedicht sprake is (Ter Laan). By Wierum waarden noch Sneintemiddei (SF 145) en Pinkster (SF 202) foardroegen.

Op it hôf te Saaksum (by it grêf fan C. O. Jellema) droeg Aly van der Mark it oandwaanlike gedicht De ierde nei (SF 170) foar. Oandwaanlik troch ‘it wiete gers’ dat ús tinken docht oan ‘ik rûn troch ’t gers… ik wie in bern/Gods ierde nei’ út Dei yn desimber (SF 179); mar ek fanwege it ‘oerbyld’ werfan ’t yn dit gedicht sprake is, it oerbyld dat troch Plato lyk steld wurdt oan de Idee. Yn ‘e bus op wei nei Helwerd waard Grutter Fryslân (SF 228) foardroegen, it gedicht mei de ûnferjitlike rigel ‘Mar tichter by sjoch ik in lân, sa uzes lyk as ea ien wie’. Ek de Heliand kaam op it aljemint, wylst ôfsluten waard mei Unlijige snein (SF 206), wat neffens Breuker reminisinsjes hat oan Narrenwijsheid fan Van Schagen.
Preekstoel
In hazze yn Frânsum op ‘e preekstoel
preke oant er der dea by delfoel
lykwols, hy joech it net oer
want nei’t syn wurd yn ’t tsjerkje net mear klonk
wie it syn lichum dat d’ ieuwen troch stonk.

Dy limmerik waard och sa wurdearre en ek dêrom koe de foarsitter tebek sjen op in yn alle opsichten tige slagge dei. Hy tanke Philippus Breuker foar de taljochting en it gedegen kommintaar op de 16 gedichten. Fierders dankte hy ek Aly van der Mark, dy’t fan it Obe Postma Selskip in blomke krige. Siebren van der Zwaag dielde mei, dat dielnimmer dhr. J. Buenk him dy deis opjûn hie as lid; dat wol sizze it hûndertste lid fan it Obe Postma Selskip! Hy kriget ynkoarten in fergees eksimplaar fan de Samle Fersen.

Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip

Foto’s

  • Groningen, Fransum, Saaksum en Helwerd
  • Oude Boteringestraat 21 (tsjinoer Broerstraat): Obe Postma hat hjir in keamer hân. Dêr kaam Tjitze de Boer faak op besite.
  • By it Hoornse Diep
  • Lunch Elanderhus
  • It tsjerkje fan Fransum
  • Yn it tsjerkje fan Fransum-1
  • Yn it tsjerkje fan Fransum-2
  • Yn it tsjerkje fan Fransum-3
  • Preekstoel yn it tsjerkje fan Fransum
  • Aly van der Mark yn de doar fan it tsjerkje fan Fransum
  • It tsjerkje fan Saaksum
  • Op de wierde (terp) fan Helwerd-1
  • Op de wierde (terp) fan Helwerd-2

 

Studiedag ‘Wijsgerige aspecten van de poëzie rond 1900 in Nederland’

Op 16 november 2007 organiseerde het Obe Postma Selskip een studiedag over de wijsgerige aspecten van de poëzie van Postma en diens tijdgenoten, zoals Verwey, Roland Holst, Boutens, Leopold en Dèr Mouw. De studiedag werd gehouden in Tresoar, Boterhoek 1, 8911 DH Leeuwarden. Dagvoorzitter was Dr. Jan Gulmans. Lees verder Studiedag ‘Wijsgerige aspecten van de poëzie rond 1900 in Nederland’

Natuerkundige biblioteek en oantekenskriften fan Obe Postma nei Tresoar

Koartlyn – op tiisdei 9 jannewaris 2007 – waard troch it Obe Postma Selskip de wis- en natuerkundige biblioteek fan Obe Postma oerdroegen oan Tresoar. Ek waard in samling skriften fan Postma troch de Fryske Akademy oan Tresoar oerdroegen. De gearkomst waard hâlden yn de Gysbert Japixseal fan Tresoar.

Bert Looper, direkteur fan Tresoar, iepene de gearkomst. Hy lei klam op it belang fan dizze samling of boekerij foar fierdere stúdzje fan it oeuvre fan Postma. Neidat hy en de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, Siebren van der Zwaag, de oerdrachtsoerienkomst tekene hienen, fertelde Doekele Elgersma út Ootmarsum eat oer de eftergrûnen fan de boekerij. It die bliken, dat de samling kommen is fan Doekele’s broer Schelte, krekt as Postma wiskundige. De skriften fan Postma waarden dernei oan Tresoar oanbean troch Reinier Salverda, de direkteur fan de Fryske Akademy. As pièce de resistance fan de middei kaam de theoretysk-fysikus Frans Steenmeijer oan it wurd. De titel fan syn foardracht wie: ‘Iets over de wis- en natuurkundige bibliotheek van Obe Postma’. De lêzing, waard – yn tsjinstelling ta wat de hollânske titel suggerearret – yn it Frysk hâlden en is op it webstee fan it Obe Postma Selskip – dat ûndertusken al 90 leden hat – tagonklik.

De ûndertekening fan de oerdracht

By de ûndertekening fan de oerdracht, fan l. nei r.: Bert Looper, direkteur fan Tresoar, Siebren van der Zwaag, foarsitter fan it Obe Postma Selskip, en Lourens Oldersma, oant foar koart waarnimmend direkteur fan Tresoar en tarieder fan de gearkomste

De wis- en natuerkundige biblioteek fan Postma waard yn 2006 skonken oan it Obe Postma Selskip troch syn bestjoerslid Doekele Elgersma. It Selskip skinkt op syn bar dy boekerij yn eigendom oan Tresoar en hopet dat op dy wize de tagonklikheid fan de boekerij foar stúdzje tanimme sil. Tresoar hat it Selskip garandearre, dat de boeken byinoar stean bliuwe en beskreaun wurde sille as ‘Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek.’ De boeken wurde ferdield yn fiif skiften: natuerkunde, seefeartkunde, stjerrekunde, wiskunde en (wittenskips-)filosofy.

De oerdroegen boeken wis- en natuerkunde

De oerdroegen boeken wis- en natuerkunde

De neilittenskip fan Postma – eartiids beskreaun troch Philippus Breuker yn De Vrije Fries (1983) – omfettet ek sa’n goed 800 skriften mei oantekens en úttreksels. Dy binne op 9 jannewaris ek oerdroegen oan Tresoar. It eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) hie al in beheind tal skriften. Dy meitsje no, mei de op 9 jannewaris oerdroegen skriften, as ien gehiel diel út fan de grutte kolleksje Postma, dy’t no by en troch Tresoar beheard wurdt.

As ôfslutend ûnderdiel fan dizze feestlike middei, dy’t besocht waard troch sa’n 100 minsken, fierde in muzikaal trio de premiêre út fan “Blank lizze de fiere lannen”, komponearre troch Pieter Bakker fan Skraard nei oanlieding fan it gedicht “Wintermoarn” fan Obe Postma. Ut de reaksjes fan ‘e oanwêzigen die bliken, dat ek dit ûnderdiel tige op priis steld waard, krektlyk as alle oare ûnderdielen fan dizze middei.

Finn M&öricke en Mirjam Lumkeman

Finn Möricke en Mirjam Lumkeman, dy’t “Blank lizze de fiere lannen” fan Pieter Bakker spylje

Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip

Oprjochting op 19 novimber 2006 te Koarnwert

Op snein 19 novimber 2006 is yn de tsjerke te Koarnwert in gearkomste hâlden fan it koartlyn oprjochte Obe Postma Selskip. Yn it folgjende wurdt dêr in beheind ferslach fan jûn. Yn syn wolkomstwurd memorearret de foarsitter fan it bestjoer, Siebren van der Zwaag, dat it Obe Postma Selskip leafhawwers fan it oeuvre fan Postma byien bringe wol. Fierder, dat it Selskip de bestudearring fan Postma’s wurk stimulearje wol en de útjefte fan syn wurk befoarderje wol. It Obe Postma Selskip wol alle jierren minstens twa gearkomsten organisearje oer aspekten fan Postma’s oeuvre. Fierder sil de feriening in blêd útjaan en in webstek ûntwikkelje en ûnderhâlde. Lees verder Oprjochting op 19 novimber 2006 te Koarnwert