Categorie archief: Excursies

Foto-impresje Reiske 2012

 Nei Koarnwert !

Op sneon 12 maaie waard, ûnder de titel ‘It Koarnwert fan Postma, it jierlikse OPS-reiske hâlden. Tineke Steenmeijer-Wielenga en Philippes Breuker wien ferantwurdlik foar de begelieding. Sij hiene yn nûmer 11 fan it tiidskrift ‘Wjerklank’al, as tarieding fan it reiske belanrike oantekens opskreaun. George Huitema hat in moai foto-album (mei ûnderskriften) makke fan it reiske, dat hjir te sjen is. It konsert, dat yn it ramt fan it reiske, útfierd waard, is hjir te sjen.

   

 

Ferslach fan it reiske nei Fivelgo…

Postma yn Grins en Grinzerlân

Ferslach fan it reiske nei Fivelgo
Jan Gulmans
Sûnt de oprjochting fan it Obe Postma Selskip – hjerst 2006 – hat it Selskip ider jier in reiske organisearre. It earste reiske gyng, krekt lykas it reiske wêrfan yn dizze bydrage ferslach dien wurdt, nei Grinslân. De reden om twa kear it Grinzer lân te besykjen, leit yn it feit dat Obe Postma lange tiid (oant 1934) yn Grins(-lân) wenne en dat in protte fan syn fersen dêr har ûntsteansgroun ha (‘Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke’). Philippus Breuker skriuwt dan ek : ‘Postma is de dichter fan it Fryske lân en libben, mar dêr sit mear Grins en Grinslân yn as dat oant no ta sjoen is’ (sjoch ‘Wjerklank’, jrg. 1, no. 1, bls. 10). Ek diskear wie de reis taret troch Breuker en hy fertelde ûnderweis oer de plakken dêr’t wy oanstieken of lans rieden.

Lees verder Ferslach fan it reiske nei Fivelgo…

REISKE

 Postma-reiske

 
Fivelgoa
 
Datum: sneon 28 maaie 2011
Tiid: 10.10-18.00
Plak: Stasjon te Ljouwert (busstasjon)
Gids: Philippus Breuker en Peter Molema. Foardracht gedichten: Aly van der Mark.
 
It Obe Postma Selskip organisearret jierliks in Postma-reiske lâns ferskate plakken,die’ t treminisensjes ha mei it oeuvre fan de Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). Dit jier giet it reiske nei it âlde Fivelgoa, mei syn radiale wierden en romano-gotyske tsjerken. Wy bereizgje plakken dêr’t Postma oer dichte of skreaun hat. Postma en ds. G.A. Wumkes, dy’t yn Seeryp stien hat, founen yn Fivelgoa harren ynspiraasje.
De plakken, die’t oandien wurde, binne:’
 
 
 Weiwerd, Biessum, Appingedam,
 Holwierde, Krewerd, Arwerd,
Easterwytwerd, Leermens, Leermens,
Seeryp en Westeremden.
 
Dielnimmers oan dit reiske binne 40 euro ferskuldige, foarsafier se lid binne fan it Obe Postma Selskip. Net-leden betelje 50 Euro. De lunch is dêrby ynbegrepen. Dit bedrach moat oermakke wurde op ABN-AMRO nr. 43 74 43 620 op namme fan Obe Postma Selskip te Ljouwert.
 
Opjefte en ynljochtingen by de skriuwer fan it Obe Postma Selskip, dr. Jan Gulmans, Wagnerlaan 7, 7522 KH, Enschede of jan@gulmans.com Der kinne tritich minsken yn de bus. Mochten der mear oanmeldingen komme, dan moatte de lêsten ôffalle.
 
 

Eagje oer ús lânsdouwen

Ferslach fan it reiske  fan it Obe Postma Selskip, 23 maaie 2009

 reiske2009_007

De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid-omrâne bou.

Ut: OBE POSTMA, DE HEGE DYK LANS (1907)

Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip. Lees verder Eagje oer ús lânsdouwen

Koarnwert en omkriten: it twadde reiske fan it Obe Postma Selskip

Reiske 2008It Obe Postma Selskip sjocht it as ien fan syn opjeften elk jier in reiske foar syn leden en oare belangstellenden te organisearjen. Tsjin dy eftergrûn waard op 24 maaie 2008 it twadde reiske hâlden. Dizze kear gyng de reis nei Koarnwert en omkriten. Ek dizze kear hie Philippus Breuker de lieding; hy wie it ek, dy’t yn ‘Wjerklank’( nr. 3, side 8-12) in taljochtsjend artikel skreau ûnder de titel: ‘Wol yn dream oan dy oarden tinke, paadwizer by it reiske nei Koarnwert en omkriten’. In lytse fjirtich minsken kamen der op ta setten.

Lees verder Koarnwert en omkriten: it twadde reiske fan it Obe Postma Selskip

O Grinzerlân, do fryske gea, hoe leist yn swiidste simmerpracht!

Ympresjes oangeande it Grinslân-reiske

Al rillegau nei de earste gearkomste fan it Obe Postma Selskip yn novimber 2006 te Koarnwert waard dúdlik, dat it Selskip doel hie op in Grinslân-reiske, dat wol sizze in reiske troch Grins en omkriten lâns dy plakken, dy’t yn it wurk fan Obe Postma op likefolle hokker wize omtinken krigen ha. Under lieding fan Philippus Breuker – dy’t yn it earste nûmer fan ‘Wjerklank’ in beskriuwing fan it Grinslân-reiske bean hat – waard de tarieding fan it reiske oanfongen. Op sneon 2 juny fan dit jier wie it safier.

Net minder as 38 minsken hiene harren oanmeld foar it reiske. Om tsien oere stuts de bus fan de firma Dalstra út Surhústerfean ôf. Fia Drachten kamen we – neidat ús foarsitter Siebren van der Zwaag de dielnimmers hertlik wolkom hjitten hie en derop wiisd hie, dat it Selskip sa’n hûndert leden hat – yn it sintrum fan Grins út. Dêr die Breuker ús witten – steande foar it hûs Oude Boteringestraat 21 – dat Postma dêr op keamers wenne hat en dat hy dêr mei syn freon Tjitze de Boer yngeande gesprekken hân hat oer filosofy, skiednis en mooglik ek oer poëzij… It gedicht Yn Grinslân (SF 400, 1962) begjint net tafallich mei: ‘Sa’n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden, Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht’. Dy fjirtich jier slane op de perioade 1894 oant 1934, it jier dat Postma mei syn suster nei Ljouwert teach. Wy seagen de âld-HBS, wêr’t Postma dy fjirtich jier learaar west hat. It gedicht Tebinnenbringen fan in âld skoalmaster (SF 398, 1962), dat foardroegen waard yn de bus foar de Rijks-hbs yn de Grutte Krússtrjitte, slacht op dy fase fan syn libbensrin tebek en út dat gedicht, dat krekt as in grut oantal (15) oare gedichten treflik troch Aly van der Mark foardroegen waard, docht bliken, dat hy heel wol by dy grinzer en drintse jonges syn freonen hie. Bygelyks Eije Wiersema út Skouwersyl (1896-1921), waans ‘strieljende laits’ neffens Breuker mooglik ferwiist nei it Platoonske diel hawwen oan it goddelik ljocht.

De lunch waard brûkt yn it Elanderhûs by it Hoarnse Djip. Yn de bus dêrhinne hearden wy Strjitliet (SF 80) en Myn hûs (SF 89) en oan it Hoarnse Djip waarden Romantyk (SF 144) en De Kuier (SF 177) foardroegen… Strjitliet docht tinken oan de Mei fan Gorter; dream en liet befrije. Ut it gedicht sprekt in langst nei frijheid, natuer en Fryske folk. Myn hûs komt werom op de ‘sill’ge pinksterdei’, krekt as yn Pinkstersnein (SF 15, 1901) de dei werop ’t it heechste lok op de dichter saaid is en de himmel iepen gien is. Ek Romantyk docht oan Gorter tinken (yn it griene skimer: de avond aamt nu haar goudgroene licht).

It waar wie ûndertusken prachtich en der wie folop gelegenheid foar de dielnimmers inoar neier kinnen te learen en de Postma-lêserfarings út te wikseljen… Nei de lunch gyng de reis nei Leegkerk. Dêr droech Aly van der Mark uteraard By Leegkerk (SF 146) foar. Breuker gyng yn syn taljochting ûnder mear yn op it feit, dat neffens Postma de siel him útjout yn romte (natuer) en tiid (’t âld geslacht) en, ten twadde, wat de ierde belibje foar Postma ynhâldt. Breuker ferwiisde nei it krekt ferskynde boek fan de skiednisfilosoof Frank Ankersmit oer de sublime histoaryske erfaring. Wy rieden by tsjerke en pleats Gravenburg lâns, fia Dorkwerd mei yn ‘e fierte Oostum, Wierumerschouw en Wierum. ‘Mar haww’ jimm’ ek stien te Oostum, Of te Wierum op’t heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm’ hinne’ (Fan it Fryske lân, SF 235). Uteraard gyngen we ek nei Fransum – sjoch it gedicht yn ‘Fan wjerklank en bisinnen’ – en dank sy Breuker syn yngeande taljochting witte we no ûnder mear, wa’t de ‘Dôfhûdige Saksyske âld-man’ is, werfan ’t yn dat gedicht sprake is (Ter Laan). By Wierum waarden noch Sneintemiddei (SF 145) en Pinkster (SF 202) foardroegen.

Op it hôf te Saaksum (by it grêf fan C. O. Jellema) droeg Aly van der Mark it oandwaanlike gedicht De ierde nei (SF 170) foar. Oandwaanlik troch ‘it wiete gers’ dat ús tinken docht oan ‘ik rûn troch ’t gers… ik wie in bern/Gods ierde nei’ út Dei yn desimber (SF 179); mar ek fanwege it ‘oerbyld’ werfan ’t yn dit gedicht sprake is, it oerbyld dat troch Plato lyk steld wurdt oan de Idee. Yn ‘e bus op wei nei Helwerd waard Grutter Fryslân (SF 228) foardroegen, it gedicht mei de ûnferjitlike rigel ‘Mar tichter by sjoch ik in lân, sa uzes lyk as ea ien wie’. Ek de Heliand kaam op it aljemint, wylst ôfsluten waard mei Unlijige snein (SF 206), wat neffens Breuker reminisinsjes hat oan Narrenwijsheid fan Van Schagen.
Preekstoel
In hazze yn Frânsum op ‘e preekstoel
preke oant er der dea by delfoel
lykwols, hy joech it net oer
want nei’t syn wurd yn ’t tsjerkje net mear klonk
wie it syn lichum dat d’ ieuwen troch stonk.

Dy limmerik waard och sa wurdearre en ek dêrom koe de foarsitter tebek sjen op in yn alle opsichten tige slagge dei. Hy tanke Philippus Breuker foar de taljochting en it gedegen kommintaar op de 16 gedichten. Fierders dankte hy ek Aly van der Mark, dy’t fan it Obe Postma Selskip in blomke krige. Siebren van der Zwaag dielde mei, dat dielnimmer dhr. J. Buenk him dy deis opjûn hie as lid; dat wol sizze it hûndertste lid fan it Obe Postma Selskip! Hy kriget ynkoarten in fergees eksimplaar fan de Samle Fersen.

Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip

Sjoch hjir foar in fotoferslach fan it reiske.