Categorie archief: Boeken

Boek: “De fascinatie voor Slauerhoff”

Op 20 maaie 2011 waard troch it Obe Postma Selskip yn Slauerhoff Interieurs te Ljouwert in boek op it gebiet fan de poëzij oanbean. Sprekkers wiene ûnder mear Hylkje de Jong en Martin Reints. Slauerhoff Interieurs is it plak wêr Slauerhoff opgroeide.

De titel fan it boek is: “De fascinatie voor Slauerhoff”. De redaksje wie yn hannen fan Philippus Breuker, Jan Gulmans en Hylkje de Jong. Der binne bydragen fan Huub Mous, (Slauerhoff en het onbehagen in de cultuur); Hein Aalders (Kamp met de demon. Het demonische in het werk van Slauerhoff); Eep Francken (Slauerhoff in de Nederlandse literatuurgeschiedenis); Marian de Vooght (De rusteloze en de berustende: Slauerhoff en Terborch in vriendschap en verbeelding); Philippus Breuker (Postma’s fascinatie voor Slauerhoff) en Wim Hazeu (De Friese bronnen van Slauerhoff).  It boek is útjoen yn de Obe Postma Rige no. 6 (ISBN 978-90-5615-265-9.)

2011-Slauerhoff-LCrecensie

Twa nije boeken

Van Groningen tot ZeelandOp 31 maart 2010 waarden troch it Obe Postma Selskip yn it Natuermuseum Fryslân te Ljouwert twa boeken op it gebiet fan de lânskipsskiednis oanbean. Sprekkers wiene ûnder mear de histoaryskgeografen prof. dr. Theo Spek en prof. dr. Guus J. Borger. It gie om in mânske útjefte fan lânbouhistoaryske opstellen fan Obe Postma, Veld, huis en bedrijf, besoarge troch Philippus Breuker m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga, en de bundel Van Groningen tot Zeeland. Geschiedenis van het cultuurhistorisch onderzoek naar het kustlandschap ûnder redaksje fan Guus J. Borger, Philippus Breuker en Hylkje de Jong, mei bydragen fan Egge Knol (Het verleden van kwelders, wierden en dijken: werk voor natuurwetenschappers); Meindert Schroor (Tussen Geologie en Geakunde. Historische geografie van Friesland in de periode 1850-1950); H.Th.M. Lambooij (Het middeleeuwse kaartbeeld van Hollands Noorderkwartier); J.T. Bremer (De genese van de Kop van Noord-Holland en het westelijk Waddengebied); K.A.H.W. Leenders (Door de kracht der vloeden, of door ’t toedoen van menschen, verandert of gantsch te niet gegaan) en Adrie de Kraker (Landschapsonderzoek in de Zeeuwse Delta, 1990-2010). Lees verder Twa nije boeken

Earste eksimplaar Dickinson-bondel

Yn novimber 2008 waard in stúdzjedei troch it Obe Postma Selskip organisearre. It tema wie diskear de dichteres Emily Dickinson. Seis sprekkers beljochten ferskate fasetten fan libben en wurk fan har. Fiif fan de seis lêzingen binne opnaam yn it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’. Dit boek ferskynde yn juny 2009 by de Friese Pers Boekerij yn de Obe Postma-Rige (no. 3).

Lees verder Earste eksimplaar Dickinson-bondel

Inventaris schriften Postma

Fan dizze tekst is gjin oersetting beskikber / Van deze tekst is geen vertaling beschikbaar.

Ta de skriftlike neilittenskip fan Postma hearre mear as achthûndert skriften mei úttreksels fan stúdzjes en ek mei optekeningen fan gedichten op it stuit dat se ûntstienen. Se rinne fan syn skoaltiid oant syn dea. De skriften dy’t (troch dr. J.J. Spahr van der Hoek) yn 1982 op de Fryske Akademy brocht wienen, binne yn 1983 beskreaun troch Philippus Breuker en dêrneffens koartlyn ynventarisearre op Tresoar. Tresoar hat de beskriuwing oanfolle mei de skriften dy’t nei de dea fan Postma op it FLMD kommen wienen. Dat wienen mar in stikmennich. No binne se gearbrocht yn ien samling, de Obe Postma Samling (OPS). Wy tankje Tresoar foar de tastimming om de beskriuwing oer te nimmen. Se is ek te finen op http://www.archieven.nl.

Yn it ynliedend stikje by de skriften Filosofy en psychology stiet in printflater ([1908] moat [1900] wêze) en de skriften Filosofy 5 en 6 kinne op 1902 yn stee fan 1903 set wurde.

Ynventaris skriften (PDF)