Dr. Obe Postma…. mear as in Frysk dichter

earste lêzing fan it Obe Postma Selskip (sa likernôch sa) hâlden troch Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de tsjerke fan Koarnwert op snein 19 novimber 2006

Achte dames en hearen, leden fan it Obe Postma Selskip en oare belangstellenden,

Oan my is de ear om yn it noch jonge bestean fan ús Selskip de earste lêzing te hâlden. Ik sil wat fertelle oer myn wurk foar de biografy fan Postma, in boek dat ik skriuwe wol as dissertaasje en dêr’t ik dan fan hoopje der yn 2009 by Philippus Breuker op promovearje te kinnen oan de Universiteit van Amsterdam, Postma syn Alma mater. Ut myn stúdzjekar, de Fryske taal- en letterkunde en út myn wurk oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert, in ynstelling dy’t sûnt de fúzje mei de Provinsjale Biblioteek en it Ryksargyf ûnderdiel is fan it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, docht al wol bliken, dat de ynfalshoeke, dêr’t ik út wei skriuwe sil, de literêrhistoaryske wêze moat.

Oer Fryske skriuwers binne noch net folle biografyen makke. Der binne dissertaasjes oer Gysbert Japicx, Joast en Eeltsje Halbertsma en oer Hjerre Gjerrits van der Veen, mar allinne de boeken oer de beide lêstneamde auteurs soe ik biografyen neame wolle. Yn de oare proefskriften komt it libben fan de skriuwer wol oan ‘e oarder, mar giet it dochs mear om har wurk of oer bepaalde aspekten dêrfan. Dat jildt ek foar de dissertaasje fan Babs Gezelle Meerburg dy’t Anne Wadman en Trinus Riemersma behannele hat as foarbylden fan fernijing yn de Fryske literatuer. Wol mei in biografyske bedoeling skreau Sjoerd van der Schaaf in boekje oer Geart Lourens van der Zwaag en J.J. Kalma oer Nynke fan Hichtum en oer Oebele Stellingwerf. Doeke Sijens makke – wiidweidiger – in beskriuwing fan it libben fan Reinder Brolsma, Johanneke Liemburg is dwaande mei in dissertaasje oer it libben fan Fedde Schurer, Joke Corporaal mei ien oer Anne Wadman, mar dat is it dan wol sawat. Ek autobiografyen en mémoires wurde yn Fryslân net faak skreaun.
Fansels binne der yn ensyklopedyen, hânboeken, skriuwersprinteboeken en yn de ynliedingen op Samle fersen en de útliedingen by de útjeften yn de rige ‘Fryske Klassiken’ wol sketsen fan de libbens fan de oanbelangjende auteurs jûn. Wumkes lei yn syn Bodders yn de Fryske striid gâns biografyske ynformaasje fêst, likegoed as Jaap Kalma dat die yn syn rige Dit wiene ek Friezen, mar grutte biografyen sa’t dy der yn de lêste jierren wol kommen binne fan de yn it Nederlânsk skriuwende Fryske auteurs Vestdijk, Slauerhoff en Nynke van Hichtum en sa’t ien op priemmen stiet fan Theun de Vries, binne der dus fan Frysk skriuwende Fryske skriuwers mar amper.

Op himsels hoecht dat net in grut probleem te wêzen foar dejinge dy’t in biografy fan Postma skriuwe wol. Foarbylden fan skriuwersbiografyen binne der bûten Fryslân genôch te finen, omdat it sjenre de lêste jierren yn Nederlân bloeit as nea earder. En in krekt passend mal, dêr’t jo neffens wurkje kinne soene, bestiet dochs net, omdat elts minske unyk is, op syn eigen plak en tiid libbet, syn yndividuele ûntjouwing trochmakket en in eigen paad giet. Sadwaande fertsjinnet elk foar himsels in spesifyk op syn persoanlikheid rjochte biografy. Eltse skriuwer is boppedat altyd – en yn Fryslân dêr’t net ien fan de pinne libje kin, noch sterker as earne oars – mear as skriuwer en wat er yn syn oare rollen meimakket, sil syn literêr wurk beynfloedzje.

Oarsom is nammers ek wier – Dresden wiist dêrop yn syn boek De structuur van de biografie: it skriuwen èn it skreaune beynfloedzje ek it libben. Dat Postma as dichter in goede namme hie, makke syn entree by útjouwers dy’t syn histoarysk wurk op ‘e merk bringe moasten, grif makliker, al sil de kwaliteit fan dat wurk de trochslach jûn hawwe. It is mar in foarbyld. Jo kinne jo fan alles foarstelle by dy ynfloed: feitelike dingen, mar ek imponderabilia as it grutter wurden fan jins gefoel fan eigenwearde, fan de moed om jin te uterjen, dêr’t jo – oerdrachtlik sein – ‘in oar minske’ fan wurde kinne.

Wurdearring foar syn wurk as lânbouhistoarikus hat faaks de belangstelling foar syn poëzy wol ferromme yn fermiddens, dêr’t oars net mei fersen pield waard en hja kin ek de literêre krityk mylder stimd hawwe.

Dr. Obe Postma is mear as in Fryske dichter. Hy is ek natuerkundige, learaar yn wiskunde, mechanika en kosmografy, hy hat him yntins ferdjippe yn de filosofy en hat belangryk pionierswurk dien op it mêd fan de lânbouhistoarje. Ik hearde, dat lêstendeis op in genealogedei de sprekker* dy’t útlizze soe, wat jo mei ‘hisgis’ op internet kinne, syn ferhaal begûn mei te sizzen, dat dit systeem fuortbout op wat Postma ea begûn is by syn ûndersyk nei de ferdieling fan de grûn yn Fryslân.

Dêr hawwe wy dan fuort it earste probleem. Hoe kin in biograaf de wearde fan syn warberens bepale, dat wurk op himsels mei wat kennis fan saken beskriuwe en de ynfloed op it libben oersjen as de te beskriuwen persoan him mei sokke útienrinnende ûnderwerpen dwaande hâlden hat? Jo hoege – mei in útspraak fan Fedde Schurer – gjin aaien lizze te kinnen om se keure te meien, mar om wat stekhâldends te sizzen oer bygelyks Postma syn natuerkundige publikaasjes, soe men dochs wol graach begripe wolle kinne, wêr’t dy oer hannelje. By myn ûndersyk fyn ik it wol in probleem, dat oer Postma as dichter sa njonkelytsen in hiel soad skreaun is, mar oer Postma yn syn oare kwaliteiten noch mar in bedroefd bytsje. Ik kin dus ek net goed weromfalle op gruttere gelearden!

Ik kom op dat probleem yn de rin fan it ferhaal noch wol werom, mar ik wol it earst oer de Fryske dichter hawwe, omdat it myn fêste oertsjûging is, dat it Postma syn dichterskip west hat, dat him ta in bekende Fries makke hat.
In pear simpele dingen as bewiis fan dy stelling: de Obe Postmawei yn Ljouwert komt út op de Douwe Kalmawei oan de iene kant en de Simke Kloostermanwei oan de oare. Hy rint parallel mei de Fedde Schurerwei en leit dus dúdlik yn de wyk mei de Fryske skriuwersnammen.

De dr. Obe Postmapriis, de literêre priis dy’t de Provinsje Fryslân takent oan belangrike oersetters yn en út it Frysk, heart thús yn it rychje fan de oare prizen foar literatuer: de Gysbert Japicxpriis, de Fedde Schurerpriis en de Simke Kloostermanpriis.

Dat de namme fan Obe Postma by gâns minsken noch bekend is, komt yn it foarste plak troch syn dichterskip. Hie Obe Postma gjin namme makke as Frysk dichter, dan hiene net sa’n soad minsken no noch altyd belangstelling hân foar de man en syn wurk en dan hie ús Obe Postma Selskip der ek grif nea kommen. Sa’t Piter Jelles as jongfeint by syn mislearre flecht nei Parys de gedichten fan Heine meinaam, Gerrit Jan Zwier op syn reizen altyd Slauerhoff yn de rêchpûde hie, sa hat Hylke Speerstra altyd de Samle fersen fan Obe Postma oan board. En sa binne der grif mear! Postma sels wie der al grutsk op, dat Wumkes moarns altiid earst wat út syn wurk lies.

Ik sis mei opsetsin ‘namme makke as Frysk dichter’. Dat hie ommers ek oars beteare kinnen. Postma – yn 1868 berne hjir yn Koarnwert – kaam al yn 1882 yn Snits yn de kost, doe’t er yn dy stêd nei it gymnasium rekke. Fan doe ôf, dus sis mar fan syn 14e jier ôf hat er – mei útsûndering fan it skoft, dat er wer thús wie nei de dea fan syn heit yn 1891 en miskien in pear moanne tusken syn doktoraal en syn earste learaarsfunksje – net mear wenne yn in folslein frysktalige omjouwing. Nei Snits kaam yn 1886 Amsterdam en doe kamen Tiel en Tilburg, plakken dêr’t er koart learaar wie, oant er him yn 1894 yn Grins fêstige nei syn beneaming oan de Ryks h.b.s. dêre.

Nei tsien jier mei ferskate ferhuzingen fan keamer nei keamer yn it âlde hert fan de Martinistêd, sette er yn 1904 in eigen húshâlding op mei syn suster Liezabeth. Fan doe ôf sil syn deistige thústaal grif wer it Frysk west hawwe, syn brieven skreau er ek almeast yn it Frysk, hy sleat him tagelyk mei syn freon Tjitse de Boer fan Wurdum dy’t fan 1897 oant 1904 yn Grins wenne, oan by it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse en by de Fryske krite yn Grins mei syn stúdzjeklub en hy lies de Fryske tydskriften, mar op skoalle en yn oare maatskiplike kontakten moast it Nederlânsk dochs syn earste taal wurde.

Ynteressant, mar net botte fruchtber want folslein hypotetysk, is de frage oft Postma syn dichtwurk meunsterje kinnen hie tsjin it wurk fan Hollânske dichters as syn tiidgenoaten Boutens (1870-1943) en Leopold (1865-1925), as er – lykas safolle Friezen dy’t om utens giene foar stúdzje en wurk -, ferfrjemde wie fan syn memmetaal en foar it skriuwen fan syn fersen it Nederlânsk foar kar nommen hawwe soe.
Hoe dan ek: foar poëzy hat ús dichter – mei útsûndering fan in inkeld jeugdfers – wol altyd syn memmetaal brûkt, dy’t er yn it doe noch poer frysktalige fermidden fan syn jonge jierren blykber goedernôch yn de macht krigen hie om him der yn uterje te kinnen oer mear as de dingen fan de dei. Mei help fan de Beknopte Friesche Spraakkunst fan Philippus van Blom út 1889 hat er himsels yn syn studintejierren al leard om dy taal ek te skriuwen.

No de oare kant fan syn wêzen, oer dat wat Postma ta mear as dichter makket:

Yn it gedicht ‘Yn Grinslân’ skriuwt er:

Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke;
Mar dy fersen hiene har libben almeast yn Fryslân;
Dat wie it lân fan myn jeugd en myn leafde.
Mar in inkele kear wie dêr in ljochte dei of in freonemoeting dy’t syn eigen poëzij hie.
Myn fersen koenen myn Grinzer freonen ek net sa meinimme;
It wie in ‘frjemde taal’ en it gong oer in oar lân.
Hja seagen my mear as in man fan stúdzje dan as in dichtersman.
Yn in Grinzer ensyklopedy sille hja my beneame as in skriuwer fan lytse histoarjestikjes.
(SF, 400)

Dat ‘skriuwer fan lytse histoarjestikjes’ is fansels in understatement, mar foar syn publikaasjes yn de Groningse Volksalmanak giet de útspraak wol op. Wat er op it mêd fan de Fryske lânbouskiednis skreaun hat, is dêrfoaroer hiel wat mear as lyts wurk.

Ik haw dizze strofe keazen, omdat der út blykt, dat Postma him derfan bewust wie, dat er twa kanten hie: dy fan de ‘dichtersman’ en dy fan de ‘man fan stúdzje’ en beide kanten sille yn de biografy beljochte wurde moatte.

Maarten ’t Hart hat op 18 maaie 1979 yn syn iepeningstaspraak by de Postma-útstalling yn it Nederlands Letterkundig Museum yn Den Haag fjouwer redenen neamd, wêrom’t Postma foar him in ‘merkwaardig dichter’ is en ien dêrfan soe syn ‘buitengewoon oninteressante biografie’ wêze. Hy bedoelt fansels de libbenshistoarje en net in boek dêroer. Ik soe net oer it beskriuwen fan Postma syn libben tocht hawwe, as ik dat mei ’t Hart iens west hie. Krekt fanwege dy beide kanten: it dichterskip en syn follesidige wittenskiplike warberens is Postma syn libbensgong yn myn eagen krekt tige nijsgjirich. Syn bestean mei earm west hawwe oan eveneminten of uterlike barrens, hy hat ommers gjin spektakulêre ûntdekkingen dien yn de natuerkunde, syn stúdzjefak, hy hat gjin karrière makke yn syn berop, al is er oan de ein fan syn 40 jier lesjaan oan hyltyd deselde skoalle waarnimmend direkteur wurden – omtrint de iennige promoasjemooglikheid foar in learaar – , hy hat gjin fiere reizen makke, hy hat mar stilwei en sober jier út jier yn mei syn suster libbe, der binne oer him gjin affêres en skandalen bekend, al hat er ‘syn freonen’ wol hân, sa’t er yn it fers skriuwt dat begjint mei de rigel ‘Ik bin wat in stil en ienselvich persoan’ (SF, 222). Syn libben mei dus foar it uterlike earm lykje, oan tink- en oan ferbyldingskrêft hat Obe Postma sûnder mis bûtengewoan ryk west. Hy hat in ryk sielelibben hân, omdat er sa’n brede belangstelling hie en omdat er lytse en gewoane dingen – in laits, in eachopslach, in freonlik wurd, it ljocht op it wetter of troch de tsjerkefinsters, in hikke yn Noard-Fryslân, it lûd fan de guozzen op ‘e waard, in arbeidershûs’- as skatten bewarre en dêr in rykdom yn fûn, dêr’t er op tarre koe.

Freonen

Ik bin wat in stil en ienselvich persoan, mar dochs haw ik myn freonen wol.
It kin in kelner op in stasjon wêze of ien dy’t syn wurk op’e merk hat,
Of in oarenien, dêr’t ik wolris in wurd mei wiks’le haw.
Ek binne der waans libben tichter by my west hat;
Ik sjoch har sa daagliks net, mar earne bewarje ik in laits of de druk fan har hân
En soms komme dy my wer tefoaren.
Ek wolris bewarje ik in wurd. Sa haw ik yn jonge tiid in âld’re freon hân,
En nei mannich jier brocht myn paad my oan syn hûs en ik neamde myn namme;
Myn P…’ hearde ik him doe sizzen, en dy wurden haw ik bewarre.

Der is net sa folle foar nedich om freonen te hawwen;
Soms, as ik yn in doarpke oan ‘e seekant kom, binne der lju dy’t laitsje as hja my rinnen sjogge.
Dan tinke hja: dêr is dy rymker, dy’t fan Klaas en Keimpe rime hat
En fan âld Oetske, fan wyldsjitters en fiskerlju;
En hja binne my wol genegen.
En no ek, sa’t ik mar wat sleauwe dingen sis,
Kinn’ der minsken wêze, dy’t ik meinim, om’t hja it libben sels fiele,
Net opmakke as in byld, mar sa’t de siele it oanbringt.

Dat is Postma syn sielerykdom en syn ferbyldingskrêft; hy kin âlde bylden fannijs oproppe en wer libben yn it ljocht sette, net troch der in prachtige ferbylding fan te jaan, mar ‘sa’t de siele it opjout’. Oan de oare betsjutting fan ‘ferbylding’, dy fan grutskens moatte wy al hielendal net tinke. De twadde reden dy’t ’t Hart neamd hat foar it bysûndere fan dizze dichter, is krekt Postma syn beskiedenens. (Mar dat tusken heakjes; de oare binne syn lette debút en it lytse tal tema’s yn syn dichtwurk.)

As Postma yn 1962 in fers makket ûnder de titel ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ en hy set dy wurden tusken skrapkes dan sitearret er út eigen wurk en wol út it fers ‘De jefte’ fan 1925, opnommen yn wat de dichter sels syn bêste bondel achte, De ljochte ierde fan 1929. Yn dat gedicht ferklearret er, dat er ‘gjin krêft fan hege fantasij’ hat; hy kin gjin ‘wûnder mearkelân’ ‘miele’ of de minsken utopyen foartsjoene, mar wat er yn syn fersen jout, is it bêste wat er hat, it binne syn lokkige oeren, ‘de skienste dream fan jeugd en ljocht’ en hy jout dy wei oan ‘wa’t d’ âld taal ferstiet’. Dat is syn geskink, dat er de minsken har eigen rykdom sjen lit. Ommers: ‘dat romme fjild’, ‘de gloed, de klaverrook, De see fan ’t lân, dy’t weeft en tilt’ dy binne fan eltsenien en ek ‘wat lang foarby is’; ‘har krêft, har jeugd’ kin er wer oproppe, sadat se yn teare glâns op ‘e nij ferskine as ‘in blider ding’. En ek al is bygelyks it byld fan it lân dat weeft en tilt as it wetter dêr’t de wyn oer strykt net oarspronklik en hat Postma dat ûntliend oan de Ingelske dichter Keats, lykas Breuker ûntdutsen hat, Postma hat syn eigen emoasje deryn werkend en kin it no op in oarspronklike wize tapasse.

By in dichter dy’t sa konkreet stelt, dat al wat er skriuwt echt sjoen en belibbe is, is it foar de biograaf fansels wol in útdaging om de boarnen fan de dichterlike ynspiraasje op te spoaren en nei te gean troch wa en wat er beynfloede is. Nei myn miening heart soks noch wol yn in libbensbeskriuwing thús, ek al omdat der troch de tiid hinne in ûntjouwing yn te ûntdekken is dy’t hyltyd in oare nuânse oan de poëzy jout, mar de biograaf hoecht nei myn betinken gjin útputtend kommintaar op alle fersen te skriuwen. Dat is wat foar in oar boek.

De frage hoe oarspronklik Postma wie yn syn wurk moat fansels al steld wurde.

Ik haw no al trije kwestjes beneamd dy’t behannele wurde moatte: de primêre fraach, oft it libben fan Postma nijsgjirrich genôch is om it te beskriuwen, dan it feit dat har yn Postma in grut dichter en in betûft wittenskipper ferienigje, in net unike, mar wol moai seldsume kombinaasje fan ‘dichtersman’ en ‘man fan stúdzje’ mei syn eigen wurden en as tredde de frage nei de oarspronklikens fan de dichter. De fragen binne net lykweardich, mar wol alle trije belangryk.

Lit my no earst mar ris fertelle, hoe’t ik my foarstel it libben fan Postma sketse te kinnen, dan kom ik dêrnei noch by de boarnen dêr’t ik ynformaasje yn fine kin.

Ik kies yn prinsipe foar in gronologyske behanneling, omdat in libben ferrint fan berte oant dea en omdat it no ienris sa is, dat it foarôfgeande wol ynfloed hat op it folgjende, mar oarsom ûnmooglik is. Ik bin my der fan bewust, dat it konsekwint tapassen fan it gronologyske prinsipe it boek der net altyd logysker op meitsje soe. Dêrom sil ik net stiif fêsthâlde oan dy gronologyske opset, mar soms earst in ferhaal, bygelyks dat oer it learaarskip dien meitsje, ek al betsjut dat, dat ik nei 40 jier wiskunde-ûnderwiis tebek yn de tiid moat om Postma syn ûntjouwing as dichter wer op te krijen, of om syn wittenskiplike belangstelling te sketsen, dy’t him yn dy 40 jier gâns ferlein hat fan de natuerwittenskippen nei de filosofy yn ingere sin en dêrnei nei de lânbouskiednis.

In minske bliuwt net syn hiele libben gelyk, mar feroaret aloan, soms stadichwei, soms min ofte mear mei skokken. Breuker hat my oanret om foaral om de oergongen yn Postma syn belangstelling te tinken en dy as caesueren te kiezen foar de haadstikken. Dat bestjut, dat net alle haadstikken like folle jierren omfetsje sille. Ik wyk dêrmei ôf fan de metoade fan Charlotte Bühler, dy’t as ik de útiensetting fan Jan Romein yn syn boek De biografie goed begrepen haw, benammen útgiet fan de ûnderskate fazen yn de ûntjouwing fan minsken, wêrby’t yn it begjin hyltyd mear diminsjes ferovere wurde en nei it berikken fan de folwoeksenens dat tal minder wurdt troch spesjalisaasje. Har skema achtsje ik foar Postma minder gaadlik, omdat dy as dichter let begjint en as wittenskipsman him nei syn fjirtichste nochris ynwurket yn in foar him alhiel nije dissipline en omdat er oant op hege jierren – en dy binne by him hiel heech – produktyf bleaun is.

As wurktitel haw ik keazen Obe Postma (1868-1963), in libben bloeiend nei syn aard, wêrby’t de ûndertitel ûntliend is oan de slotrigel fan myn favorite fers ‘Lok’, in gedicht dêr’t Postma sels yn 1916 al it antwurd yn jûn hat op myn earste frage, nammentlik oft syn libben boeiend genôch is foar in beskriuwing.
Ik lês de inerlike gearspraak, want dat is it neffens my, noch even foar: it liket as is yn de fragesteller de manlike kant fan de dichter oan it wurd, dy’t him konfrontearret mei de nofteren feiten, wylst er yn de antwurden syn mear gefoelige, froulike kant sjen lit, dy’t fermoedsoening mei it lot fûn hat.

Lok

Hasto ’t lân fan jonge langstme
t Hege lok op ierde fûn?

Fier haw ik myn dreamen weide
En de himel iepen sjoen.

Mar do wiest in ienlik swalker
En de leafde koesto net.

Ljochte ierde wie myn leafde
Mei har hertslach gong myn hert.

Lyts en earmtlik wie dyn libben
En dyn krêft wol ier fergien.

Mar op sêftste amme triljend
Haw ik Skiente’ lûd ferstien.

Asto weitsjochst, sill’ net bliuwe
Treastlik, leaven fan dyn bloed.

As dit eigen libben bloeide
Nei syn aard, dan is it goed.
(SF, 87)

Behalve, dat ik de foarriedige titel fan it boek oan in gedicht fan Postma ûntliend haw, haw ik yn myn opset ek de haadstikken karakterisearre mei fersrigels.

Myn earste haadstik hyt ‘Ik bin fan ’t lân, fan boere- en doarpsterfolk’, de begjinrigel fan ‘Lân en stêd’ (SF, 283). Ik wol dêr de bernejierren fan Postma oant 1879 yn behannelje tsjin de eftergrûn fan de skiednis fan de famyljes Postma en Rinia en har posysje yn Koarnwert. Romein hat der al op wiisd, dat in minske behalve troch biologyske en psycholgyske faktoaren ek bepaald wurdt troch syn sosjale omjouwing.

As oergong nei it folgjende haadstik sil ik wat skriuwe oer de belangstelling fan de âlden en har hâlding foar fierder learen oer. Net om ‘e nocht hat Postma sein, dat syn heit net ‘in gewoane boer’ wie.

It twadde haadstik, mei de namme ‘Do mochtste leare’ út ‘De bûthúsbank’ (SF, 273) rint fan 1879 oant 1886 en behannelet Postma syn learjierren yn it fuortset en tariedend heger ûnderwiis. Yn dy jierren wurdt syn fan hûs út al meikrigen niget oan de Fryske literatuer grutter en begjint er ek sels te dichtsjen. Al stelt dat – nei syn eigen sizzen – noch neat foar.

Oars wurdt dat yn de perioade dy’t yn it tredde haadstik behannele wurdt ûnder de titel ‘De wittenskip wie doel, mar koe allinne net ferfolje iepen geast’ út ‘Fan twa stêden’ (SF, 295). It is it tiidrek oant en mei syn promoasje, de tiid, dat er troch de natuerkundestúdzje hope tichter by ‘it wêzen fan de dingen’ te kommen. De ‘iepen geast’ blykt yn dizze jierren út syn entûsjast dielnimmen oan it studintelibben en syn oanwinnende belangstelling foar de Nederlânske literatuer. Mar ek oan de stêd Amsterdam mei syn Rijksmuseum seach de jonge Postma niget. Nettsjinsteande syn funksjes yn de de Amsterdamsche Studenten Bond en it natuerwittenskiplik genoatskip H.A.R.T.I.N.G. studearre Postma flot en slagge er yn 1889 cum laude foar syn kandidaats.

Mei it ferstjerren fan syn heit yn de simmer fan 1891 wurdt it libben earnstiger. As âldste soan stiet Obe syn mem by yn it bestjoeren fan de buorkerij ek al sil er him ek doe net folle dwaande hâlden hawwe mei it echte boerewurk. Yn de hjerst fan 1892 docht er – werom yn Amsterdam – syn doktoraal om fuortendaliks fierder te gean mei promoasje-ûndersyk. De sûnt 1863 iepene h.b.s.-en fregen leararen, mar hiene leafst dosinten mei in doctorstitel. Postma is dan gjin redakteur mear fan in studinteblêd mar skriuwt oant jannewaris 1893 ‘Brieven uit Amsterdam’ foar de Leeuwarder Courant. Wylst er al learaar wie yn Grins promovearre er by Van der Waals sr. yn Amsterdam.

Hjirnei past in haadstik oer Postma as learaar ûnder de titel ‘De jonkheid haw ik mei opkweke’ út ‘Jo binne fêst in âld skoalmaster’ (SF, 297). Nei syn ôfstudearjen hat Postma begjin 1893 trije moanne learaar west yn Tiel oan it gymnasium, de burger-avondschool en de gemeentelijke h.b.s.. Fan oktober 1893 oant de grutte fakânsje yn july oan de Rijks-h.b.s. Willem II yn Tilburg. Ut in brief fan Van der Waals witte wy, dat er betanke hat foar in beneaming yn Haarlem, mar net dúdlik is, wêrom’t er de foarkar joech oan Grins. Woe er graach werom nei it noarden? Tichter by de famylje wenje? Of luts de universiteit?

Hy waard yn Grins beneamd per 1 septimber 1894 foar wiskunde en meganika. Lêstendeis fûn ik yn it argyf fan de Grinzer Ryks-h.b.s in brief fan Minister van Houten oan Postma syn direkteur Groneman fan 29 septimber 1896 dêr’t er him yn machtiget it ûnderwiis yn de kosmografy yn de 4e klasse op te dragen oan Postma. Yn augustus 1897 skreau de ynspekteur, neidat er fan de direkteur heard hie, dat dat fak tige bêst tabetroud wurde koe oan dizze dosint, dat er him machtige soks te dwaan. Sûnt dy tiid hat Postma yn de beide heechste klassen altyd net allinne de wurktúchkunde, mar ek de stjerrekunde doseard.

Bestudearring fan it argyf fan de skoalle hat my ek dúdlik makke, dat it ûnderwiis Postma net licht foel. Yn 1903, 1912 en 1915 hat er in skoft mei sykteferlof west om út te rêsten en as de ynspekteur dat jier freget, hoefolle lessen elk fan de dosinten jout, antwurdet direkteur Jensema, dy’t yn 1905 Groneman opfolge is, dat Postma mar 22 oeren jout, mar fanwege syn sûnens ek net mear hawwe wol.

Oer hoe’t syn learlingen har dizze wiskundelearaar herinnerje, is wat bekend wurden út in enkête dy’t Freark Dam yn 1978 hâlden hat. De mieningen binne ferdield, guon fûnen, dat er helder les joech en goed útlizze koe, oaren sprekke har spyt út oer it feit, dat se him, dy’t dochs al net sa’n sterke oarder hie, pleage hawwe. It idee, dat Obe in ‘goed mens’ was, oerhearsket yn de antwurden, mar de bern fûnen him ek wol wat eigenaardich, âldfrinzich, brekber, mar wol sympatyk en altyd rjochtfeardich. By it ynterpretearjen fan de antwurden moatte wy wol betinke, dat it yn haadsaak de jongste lichtingen binne út Postma syn lang learaarskip, dy’t yn 1978 noch befrege wurde koene. De útkomsten hiene by in enkête ûnder learlingen fan om de ieuwiksel hinne of út de jierren ’10 in hiel oar byld jaan kinnen. Yn dy snuorje wie Postma ek aktyf by ‘buitenschoolse activiteiten’ lykas de resitearferiening ‘Demosthenes’. Yn 1914 wie er lid fan de feestkommisje en einredakteur fan it tinkboek by it 50-jierrich bestean fan de skoalle.

De learlingen dy’t mei of sûnder dat har namme neamd wurdt, foarkomme yn Postma syn fersen stamme út de lichtingen fan de jierren ’10. Dat hat de tiid west fan mear persoanlike omgong mei guon fan har. As biograaf moat ik my wol ôffreegje oft dy jongesfreonskippen en de wrakseling mei gefoelens dy’t der mei anneks west hat, mei de oarsaak west hawwe fan de oerspanning dêr’t er yn dyselde tiid ûnder te lijen hie. Ik wol no op syn homoseksualiteit, dêr’t al faker oer skreaun is, mar net yngean, omdat it in te komplekse problematyk is om hjir op in sneintemiddei yn novimber te bepraten. Yn stee dêrfan lês ik leaver ‘De kuier’ foar, in fers, dat giet oer in tocht by it Hoornsche Diep del mei ien fan dy jonge freonen.

De kuier

Tegearre gongen wy, myn jonge freon en ik,
It paad lâns, dat my leaf wie, troch it blide lân;
My lûkt syn bliere jeugd; wat hat yn my,
Ferbloeid, betard, macht op syn wêzen hân?

Gewillich joech er him no nei myn rêst’ge gong
En hâlde yn, wie ’t dat ik effen stie,
Om oan te tsjutten wêr ik ’t skiene wist
Want hy moast sjen, wat ea myn freugde wie.

Yn djipste pronk lei maitiids griene lân;
Fan fierens balt in ko; de froasken roppe sa;
It foarjier sjongt yn my syn machtich liet,
De blanke wei rint nei ’t ûneindige ta.

En nêst my klinkt de ranke, jonge stim,
Dy’t licht dan sjit foarút en dan wer keart,
En sjongt fan jeugd aloan; de blide sang
Fan wa’t gjin jeft’as ’t libben sels begeart.

Him kin net wêze ’t foarjierslûd as my
In rop dy’t jonkheid jout oan ’t âld geslacht;
Mar ek foar him is liet en kleur en ljocht,
Al ’t kostlik spul fan maitiids iere pracht.

Sa gean w’ ús ljochte paad. Wa jout, wa nimt?
Oan ’t ein, wy stean en somje en roere net,
Mar haww’gjin kar. Dan swijsum keare wy;
En yn my klinkt: dy nei is ’t jonge hert!
(SF, 177)

Neidat it learaarskip fan 1893 oant 1933 behannele is, moat ik yn haadstik V werom nei de natuerkunde, dêr’t Postma him nei syn promoasje yn 1895 noch oant 1918 fan en ta mei dwaande hâlden hat. Ik doch dat ûnder de titel ‘Har tinzen hâlde as ús begripen brekt’ út ‘By de dea fan in great stjerrekundige’ (SF, 213) en ik haw dy fersrigel keazen, omdat de wat sneue konstatearring dy’t der yn leit, foar myn gefoel Postma syn teloarstelling yn de natuerwittenskippen en yn himsels as natuerkundige wol goed útdrukt.

Hy hie foar it fak keazen om tichter by it wêzen fan de dingen te kommen, mar dat doel hie er net berikt.

It bleau oars wol wat om nei te stribjen. Yn 1914 omskreau er yn syn bydrage oan it Derde Gedenkboek van de Rijks Hoogere Burgerschool te Groningen de taak fan de learaar by it middelber ûnderwiis dy’t neffens him ‘tegelijk opvoeder en man van de wetenschap moet zijn.’ (…)zo: ‘hij kan liefde opwekken voor het vak zijner keuze, of meer algemeen den drang doen ontwaken door te dringen tot “het wezen der dingen”, hij kan de smaak ontwikkelen voor literatuuur, hij kan, laatst maar niet minst, geregeld en ordelijk leeren werken.’ It is in moai program, dêr’t jo de man sels as filosoof, dichter en krekte ûndersiker yn werkenne.

Oer de kwaliteit fan de publikaasjes dy’t Postma op it mêd fan de wis- en natuerkunde levere hat, ynklusyf syn dissertaasje Iets over uitstraling en opslorping fan 1895 en it boekje Het meten fan 1903 kin ik sels net oardielje. Ik bin bliid, dat myn man, dy’t teoretysk fysikus is fan stúdzje, him dêr yn ferdjipje wol en hoopje, as ik oan dit fyfte haadstik ta bin, gebrûk meitsje te kinnen fan syn konklúzjes.

Wylst Postma noch yn de marzje meidocht oan it natuerwittenskiplik petear hat syn belangstelling him ûnder ynfloed fan syn freon De Boer om 1898 hinne al ferlein nei de filosofy en yn 1918, as syn lêste bydrage oan de Verslagen en Mededelingen van de KAW ferskynt, biedt er ek al syn earste histoaryske stik oan De Vrije Fries oan, it jierboek fan it Friesch Genootschap voor Geschied- Oudheid- en Taalkunde.

Yn dit haadstik moat ek neamd wurde, dat Postma yn 1905 meiwurke hat oan it ûndersyk fan de ferneamde Grinzer stjerrekundige Kapteyn en dat er yn 1908 op fersyk fan de Faculteit in skoftsje kolleezje yn hegere algebra en differinsjaal- en yntegraalrekkenjen jûn hat oan prekandidaten.

Yn haadstik VI wol ik ûnder de titel ‘Nei fierste tiden nimt it rûzjen mei’ út ‘Augustusdei’ (SF, 117) útlizze, hoe’t Postma him ûntjûn hat fan in leafhawwer fan skiednisstúdzje ta in autoriteit op it mêd fan de Fryske lânbouskiednis. Wannear’t er krekt syn belangstelling foar histoaryske stúdzje skipe hat, is net alhiel dúdlik. Ek hjir sil wer ynfloed wêze fan De Boer, dy’t yn 1898 al publisearre hie oer it libben fan de Fryske boer en yn 1907 oer de Fryske grûn. Yn de lêzing dy’t Postma yn 1939 foar de Provinsjale Underwiisrie hold, ferklearre er, dat yn de tiid nei syn promoasje oare wittenskippen as de wiskundige op him takamen, ‘vooral de filosofie en de geschiedenis van de wetenschappen, want eigenlijk was het de wiskunde zelf niet die mij zo in beslag nam als het bij een echte wiskundige behoort te zijn.’**
Op 12 april 1913 spriek Postma foar de wittenskiplike ôfdieling fan it Natuurkundig Genootschap yn Grins oer ‘Natuurwetenschap en historische wetenschap’ en doe hie er him al goed ynlêzen yn de teory. Ut syn oantekenskriften, dêr’t ik it aanst by de boarnen noch oer hawwe sil, docht ek bliken, dat er him earst dwaande hâlden hat mei literatuerstúdzje en net earder as yn 1918 in geregeld besiker fan it Ryksargyf yn Grinslân wurden is.

Hichtepunt is yn 1934 de útjefte fan De Friesche Kleihoeve, dêr’t gâns fan syn lytser wurk yn gearbrocht is. Dat him frege waard om de âldste tiid foar syn rekken te nimmen fan it yn 1952 te ferskinen jubileumboek fan de Friesche Maatschappij van Landbouw, Geschiedenis van de Friese landbouw, wie de kroan op it wurk en betsjutte de erkenning fan syn saakkundigens as histoarikus, ek al wie er yn dat fak autodidakt.

Haadstik VII is wat in apart, net oan jiertallen bûn, haadstik, dêr’t ik ûnder de titel ”t Lok fan it libben sjen’ út de syklus ‘De dream fan in lokkich libben’ (SF, 71) yn oantoane wol, wat it foar Postma betsjut hat, dat er dichtsje koe en de poëzy ta syn foldwaan hie as ekspressymiddel. It giet ek oer it ferskil tusken wittenskip, dêr’t neffens Postma de geast aktyf by wie en poëzy, dêr’t er de geast mear passyf by dwale litte koe.

Yn it folgjende haadstik, ‘Dit is it kostberst dat it libben hie’ út ien fan de alderlêste gedichten ‘Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?’ (SF 380) woe ik de poëzy mar behannelje bondel foar bondel. Postma skreau de earste fersen dy’t er nei dy út syn studintetiid wol publisearje woe yn 1900. Syn earste bondel is fan 1918. Ik gean yn dit haadstik dus fannijs in hiel ein tebek yn de tiid.

Behalve oergongen yn de belangstelling fan natuerkunde nei filosofy en fan filosofy nei skiednis binne der ek oergongen yn de poëzy. Ik folgje dêryn Breuker dy’t sawol yn syn rede Obe Postma als auteur van het sublieme út 1996 as yn syn ynlieding op de nije útjefte fan de Samle fersen fan 2005 oantoand hat, dat Postma om 1911-12 hinne foar it earst net mear allinne mei bylden fan natuer en eigen oantinkens komt, mar ek minsken en dingen út earder tiden figurearje lit. De siele ûntjoech him yn romte en tiid, skreau er sels yn 1922. Fan 1932 ôf is it de deiske wurklikheid mei besteande persoanen dy’t omtinken krijt yn de fersen. Dy caesueren falle net gelyk mei de yndieling yn bondels, wylst der boppedat ek noch perioaden mei ynfloed fan oare dichters ûnderskieden wurde kinne fan Gorter en Verwey yn it begjin, Wordsworth en Keats, dy’t er in jiermannich letter ûntduts, nei Boutens, Rilke, Slauerhoff, Dickinson en de Sineeske dichters. Hoe’t ik dat nei en njonken inoar fertelle kin, wit ik no noch net krekt en miskien docht by it skriuwen bliken, dat ik de oergongen yn de poëzy handiger keppelje kin oan de ûntjouwingen yn de wittenkiplike belangstelling en se dêrby behannelje, sadat ik dan yn dit haadstik oer de poëzy dêrnei ferwize kin. Yn prinsipe woe ik dit haadstik ophâlde litte by 1937, doe’t de bondel Dagen ferskynde.

Tusken dy bondel en It sil bestean fan 1946 leit de oarloch en ik wol yn haadstik IX, dat de tiid fan 1937 oant 1963 omfettet alderearst sjen litte, hoe’t Postma en syn suster dy trochkommen binne. Dat is dan ek de gelegenheid om oer Postma syn politike tinkbylden te praten. Hy seach neat yn it sosjalisme en noch folle minder yn it nasjonaal-sosjalisme. De oarlochsomstannichheden kearden him op yn syn argyfstúdzje en it siet him dwers, dat syn wurk net útjûn wurde koe. Oan de fersen dy’t nei 1937 skreaun binne, is ôf te lêzen, dat syn wrâld lytser en syn tinkkrêft minder wurde. It binne hast oars net mear as bespegelingen oer frijwat deistige dingen en kommintaar op wat minsken sein of skreaun hawwe. Ik neam dit haadstik dan ek mar ‘Dan sjoch ik myn eigen libben oan’ nei in rigel út de syklus ‘Sa’n libben’ (SF, 321).

Ta beslút komt dan noch ‘Dy’t oan my tinke wol, betink my sa’ út it kwatryn ‘Minske’ (SF, 242), in slothaadstik om konklúzjes te lûken en miskien noch wat te sizzen oer de resepsje en de neiwurking fan Postma, hoewol’t dat lêste miskien ek net iens hoecht yn in biografy. Ik haw de lêste tiid in protte neitocht oer wat der al en net yn myn boek moat en kin en ik bin dêrby ta de konklúzje kommen, dat oer Postma syn wis- en natuerkundich wurk in apart artikel te skriuwen is en oer de ûnderwerpen filosofyske ûntjouwing en lânbouhistoarysk wurk beide in folslein boek. En ek dat foar literatuerteoretyske kwestjes en kommintaar op ôfsûnderlike gedichten in biografy net it gaadlikste plak is en dat ik my dus beheine moat ta in oersjoch fan dit lange libben, dêr’t al dy tema’s har plak yn krije en yn har tiid pleatst wurde, sûnder dat se útputtend behannele wurde.

Dat bringt my by de boarnen, omdat ien fan de fragen dêr’t ik noch mei sit, is oft jo de gedichten as boarne brûke meie. Yn prinsipe tink ik fan net, omdat literatuer per definysje de wierheid liicht en fiksje gjin feit is. Mar leit dat net justjes oars by in dichter dy’t sa autobiografysk dichtet en sa oantoanber reflektearret op dingen út syn eigen libben en dy’t boppedat noch sels seit, dat alles wat er skriuwt, wier bard is en dat er ‘gjin krêft fan hege fantasij’ hat?

En stel, dat dat sa is, dat it by Postma oars leit en dat jo de fersen wol brûke meie, is it dan nedich om dy stik foar stik en rigel foar rigel te ynterpretearjen? En hoe sit dat mei de brieven? Dy lykje al in stik objektiver al falt dêr wol wat op ôf te tingjen. Wol moai is, dat Postma sels troch it ôfstean fan brieven oan argiven der blyk fan jûn hat, dat er it belang fan neilitten korrespondinsje foar biografyske stúdzje ynseach.

In algemiene regel by dit soarte fan ûndersyk is, dat ien boarne gjin boarne is, mar der binne in soad dingen út it libben fan Postma dy’t wy allinne mar witte út brieven en gedichten. Sa stie bygelyks yn in noch mar koartlyn by de famylje foar it ljocht kommen brief, dat ‘De kuier’ slacht op in tocht mei in bepaalde learling. No’t wy de namme fan dy learling witte, kinne wy him opspoare yn de argiven en wat fan syn eftergrûn gewaar wurde, mar sûnder dy spesjale brief hie it rieden en muoisum rekonstruearjen bleaun op basis fan oare gedichten en in brief út de neilittenskip fan Postma sels fan krekt dy jonge.

Postma hat behalve ien lyts oantekenboekje fan doe’t er noch op de legere skoalle siet gjin persoanlike oantekeningen yn de foarm fan in deiboek neilitten, mar der binne wol 800 oantekenskriften by de Fryske Akademy en in stik as tsien by Tresoar út de kolleksje fan it FLMD. Yn dy lêste steane de kladferzys fan syn gedichten en yn de oare de oantekeningen dy’t er makke hat by it lêzen fan stúdzjes op it mêd fan filosofy, etyk, estetyk, witttenskips- en oare skiednis. Breuker hat se besjoen, oardere en der yn 1983 yn De Vrije Fries in oersjoch fan jûn. Hy hat der ek foar syn publikaasjes oer Postma gebrûk fan makke, mar dat ûntslacht my net fan de plicht om se ek allegearre troch te wurkjen. Nei de skiednisskriften hawwe wy tegearre alris sjoen en ik haw sels fan in goeie tritich oare gearfettingen makke, mar it probleem fan sokke persoanlike oantekeningen by lektuer is, dat jo net sjogge, wat him no krekt troffen hat, omdat jo de boeken dy’t er bestudearre, der net by hawwe. Jo witte net goed wêr’t jo om sykje en der falt jo dus ynearsten ek net folle op. It is it ferskynsel, dat minsken dy’t har mei ditsoarte ûndersyk dwaande hâlde grif wol kenne, dat jo de boarnen eins faker as ienris bestudearje moatte, omdat jo neigeraden jo mear witte, ek mear oppikke dat foar jins ûndersyk fan belang is.
Fandatoangeande is it âlderwetske argyfûndersyk befredigjender. De boargerlike stân, belêstingkohieren en notariële argiven biede jo fuortendaliks betroubere ynformaasje. De argiven fan de skoalle en fan de ferieningen dêr’t Postma by oansletten west hat, freegje al wer wat mear ynterpretaasje. Njonken wichtige en minder wichtige objektive gegevens bringe se jo ta mear subjektive mieningsfoarming oer de persoan yn in beskate perioade fan syn libben. Ik haw der yn myn ferhaal al in pear foarbylden fan jûn. De lêste skriftlike boarne binne fansels de publikaasjes fan de hân fan de man sels, mar it is sa fanselssprekkend, dat de biograaf dy lêze moat, dat ik dêr fierder neat oer sizze sil.

Bliuwe oer de orale boarnen, de mûnling trochdiene ferhalen fan minsken dy’t Postma kend hawwe of fan hearren en sizzen noch dingen fan him witte. Der binne net safolle minsken mear, dy’t him noch meimakke hawwe en dyselden dy’t him noch kend hawwe, wiene safolle jonger, dat se net op foet fan lykweardigens mei him omgongen. Lykwols bin ik bliid mei in echte âldomkesizzer yn ús bestjoer en wol ik graach mei minsken yn de kunde komme, dy’t my noch wat oer Postma, syn famylje of de situaasje yn Koarnwert eartiids fertelle kinne.

Ik hoopje, dat ik jimme in yndruk jûn haw fan wêr’t ik mei dwaande bin en hokker fragen en problemen ik dêrby tsjin kom. Underwilens haw ik ek de wichtichste libbensfeiten fan Postma wer even opikkere en jimme in pear fan syn moaiste gedichten hearre litten.

No’t ik in tal jierren dwaande bin mei de Postma-stúdzje riist stadichoan in wat mear nuansearre byld fan de man foar my op en wurde ek de kontoeren fan it boek, dat ik oer him skriuwe kinne soe, dúdliker.

De fergeliking is net nij, mar as in biografy beskôge wurdt as in lispuzzle mei tûzenen stikjes, dan haw ik sa njonkelytsen de râne wol sawat klear en lizze der binnen dat ramt ek al wol wat stikjes mei de kleurside nei boppe en oan inoar. Dat binne bygelyks de stikjes dy’t Postma syn iver, syn krektens, syn each foar it nut fan eagenskynlik net sa wichtige gegevens en syn krityske geast sjen litte, mar ek stikjes, dêr’t syn soberens, syn nijsgjirrigens en syn benijdens en syn humor op útkomme. It is fansels al in puzzle út in âlde doaze en ik wit net of er noch folslein is. En stel, dat alle stikjes noch te finen wêze soene, dan sil it my net slagje om har allegearre om te kearen en te plak te lizzen. Fan wat der no leit, sil ik grif ek noch wolris wer wat ferskowe moatte, mar ik bin no al wol safier, dat der tekening yn komt en dat it wurkjen oan de puzzle hyltyd aardiger wurdt. Gelokkich binne der ek oaren dy’t al parten lein hawwe en dy’t my wol helpe wolle. Ik rekkenje jimme dêr by en hoopje, dat ik mei ferrin fan tiid nochris fertelle mei, hoefier as wy dan meiinoar kommen binne.

* Peter van der Meer, dokumintalist by de Fryske Akademy, op 4 novimber 2006 op de Genealogedei op Tresoar (meidieling dr. A.A. Bosma)
** sitaat oernommen út noat 16 fan Breuker, 1996

De fersen en sitaten dêrút binne oanhelle neffens Obe Postma, Samle fersen. Ed. Tineke Steenmeijer-Wielenga. Leeuwarden, Ljouwert, 2005

Brûkte boeken:

Philippus Breuker, ‘It godlike fan dream en sinnen’. In ynlieding op de Samle fersen fan Obe Postma. Sj. boppeneamd boek, ss. 499-575

Ph. H. Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme. Ljouwert/Leeuwarden, 1996

S. Dresden, De structuur van de biografie. Den Haag, 1956

Jan Romein, De biografie. Amsterdam, 1951

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *