Alle berichten van Jan Guichelaar

OBE POSTMADAGEN 6, 7 EN 8 APRIL

PROGRAMMA OBE POSTMA DAGEN

  • GEDICHTEMIDDEI: it biedwurd is Lânskipspine? In útdaging foar de Fryske dichters. Obe Postma is wol ‘de dichter fan it Fryske lân’ neamd. Postma, de boeresoan dy’t syn hiele fierdere libben yn de stêd trochbrocht hat, hat dat lânskip grif idealiseard. It krige by him wat fan it tiidleaze, en dat ek foaral fanwege syn oanstriid om yn it hjoed mear te sjen as wat syn each no en hjir seach: by him wie it hjoed it resultaat fan it ferline, en dy twa wienen ien, want yn it hjoed wie ek it ferline te sjen. Hij seach de werklikheid ‘dûbel’. In seistal Fryske dichters sil mei harren eigen dichterlike ferwurking foar it buordsje komme oer hoe’t sy hjoed-de-dei it Fryske lânskip sjogge. Dy seis dichters binne: Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Friduwih Riemersma, Abe de Vries, Jetze de Vries, en Syds Wiersma. De organisaasje leit yn hannen fan Geart van der Meer (Obe Postma Selskip) en Lysbert Bonnema (Tresoar).

Tiid: freed 6 april; ynrin 13.30 – 14.00 oere; 14.00 – 16.00 oere de gedichtemiddei. Dêrnei noflik part (hapke & drankje). Plak: Tresoar.

  • BOEKPRESINTAASJE ‘SELECTED POEMS OBE POSTMA’: Oan de ein fan de middei is de boekpresintaasje fan de trijetalige útjefte (Frysk-Ingelsk-Nederlânsk) Selected Poems Obe Postma fan fersen fan Obe Postma (1868-1963) troch Tresoar en it Obe Postma Selskip. De oanbieding fan it earste eksimplear is oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De oersettingen binne fan Jabik Veenbaas en Anthony Paul. De útjouwer is Wijdemeer en it omslach en typografy binne fan Gert Jan Slagter. Yn Postma syn 150ste bertejier leit de kulturele ferbining mei Ljouwert as de Kulturele Haadstêd.

Tiid: freed 6 april, 17.00 – 17.30 oere. Plak: yn OBE, it gebou Lân fan Taal.

  • OBE POSTMA KUIER
    In kuier troch de stêd mei in gids lâns spoaren fan dichter-skriuwer Obe Postma. De kuier duorret likernôch oardel oant twa oeren. Aktiviteit yn it ramt fan Lân fan Taal en de Obe Postma Dagen. Organisaasje: Tresoar, Obe Postma Selskip e.o. Kosten: fergees.  Opjefte winsklik fia historischcentrum@leeuwarden.nl, of telefoanysk (058 – 2332350).

 Tiid: sneon 7 april, 14.00 oere. Begjinplak: HCL.

  • KONSERT YN ’E DOARPSTSJERKE FAN HUZUM:

 Poëzy fan Obe Postma op Muzyk

“It Paad”

m.m.f.

Jeroen Helder – tenor

Paulo Folkertsma – deklamaasje

Rianne Jongsma – fluit

Afke Wijma – piano

Gerben van der Veen – harmoanium

Fokaal ensemble û.l.f. Gerben van der Veen

Fokaal ensemble: Aukje de  Graaf, Annelies Volgers,

Jannie van der Meer, Marjan van der Zwaag, Ari Boersma,

Halbe Klijnstra, Jan Nijenhuis, Rinse Tichelaar.

Tiid: snein 8 april. Oanfang: 14.30 oere. Sluting: 16.30. Tagong: 10 Euro. Plak: Doarpstsjerke fan Huzum.

Programma:

-1- de Jong (1953) út: Alde bylden winke (2007)

  • Yn ‘e foarsimmer
  • Yn ‘e ûngetiid
  • Slotsang

Fokaal ensemble, piano

-2- Visser (1939) Jiertiden (2013)

  • Maartedei
  • Simmer
  • Hjerstich
  • Winterjûn

Tenor, fluit, piano

De Kuier

Deklamaasje, harmoanium

-3- Folkertsma (1901-1972) Yn it iere foarjier (1927)

Tenor, harmoanium

-4- van der Kooij (1968) Liereman (2011)

Tenor, piano

-5- Visser (1939) út: Trije Obe Postma Lieten (2011)

–   Jûn

–   Al myn libbens freugden

-6- H.D. Odinga (1960)                Myn bestean (2011)

Fokaal ensemble, piano

  • Boekpresintaasje ‘Postma op muzyk’: Oan ’e ein fan it konsert wurdt it earste eksimplaar fan it boek ‘Postma op muzyk’ oanbean. Yn it boek binne mear as tritich komposysjes opnaam op gedichten fan Obe Postma. Ek de gedichten sels binne opnaam. Priis: 10 Euro.