Wjerklank, bulletin fan it Obe Postma Selskip

‘Wjerklank’ is it tiidskrift, dat it Obe Postma Selskip útjout foar syn leden/ stipers, as tsjinprestaasje foar harren jierlikse bydrage. Mei ‘Wjerklank’ jout it Obe Postma Selskip ynformaasje oer de fuortgong fan aktiviteiten, projekten en publikaasjes, mar ek oare nijtsjes oer it wjerfarren fan it Obe Postma Selskip krije der in plak yn.
Fersyk om ynstjoeringen:
leden fan it Selskip en oare ynteressearre lêzers wurde útnoege om, yn gefal sy in artikel bydrage wolle oan ‘Wjerklank’, kontakt op te nimmen mei de redaksjesekretaris.
Wat fine jo yn in nûmer fan ‘Wjerklank’ ?
Nijs oer it ûndersyk oangeande it oeuvre fan Obe Postma:
  • beskriuwingen fan ûndersyksaktiviteiten;
  • fuortgongsmeldingen;
  • foarstellen fan (nij) ûndersiik op it mêd fan filosofy, poëtika, skiednis, natuerwittenskip, foarsafier relevant foar de Postma-stúdzje.
Nijs oer boeken:
  • oankundigingen fan boeken, skripsjes en rapporten oangeande Postma en/of syn tiidgenoaten.
Nijs oer eveneminten:
  • oankundigingen fan lêzingen, stúdzjedagen en kongressen oangeande Postma-stúdzje;
  • ferslaggen fan eveneminten, foarsafier relevant foar Postma-leafhawwers en -kenners.
Fierders:
  • nijsgjirrige fynsten en opfallende útspraken;
  • saaklik-organisatoarysk nijs, personalia;
  • rubryk ‘oare tiidskriften’: nijtsjes fan oare, fakentiid oan it Obe Postma Selskip besibbe ynstellingen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *