2012 STÚDZJEDEI FRIESE GESCHIEDSCHRIJVING

STÚDZJEDEI FRIESE GESCHIEDSCHRIJVING, ca. 1913-1938
TIID:                  FREED 30 NOVIMBER 2012, 10.30–16.30 OERE
PLAK:               TRESOAR, BÛTERHOEKE 1 te LJOUWERT
Postma heart ta de inkelde histoarjeskriuwers dy’t nei jierren noch altyd oanhelle wurde. Benammen op it mêd fan de fjildyndieling en de rekonstruksje fan it grûnbesit yn de Midsieuwen, lykas ek fan it deistich libben yn de ier-moderne tiid, jildt hy noch altyd as in autoriteit. Hy keppele wiidfiemjend boarne-ûndersyk oan in strikt metoadyske wurkwize. Der is nei him as histoarysk ûndersiker lykwols noch mar in bytsje ûndersyk dien. Foarsafier dat it gefal is, barde it meast op basis fan syn wurk op himsels. Oanlieding ta dizze stúdzjedei is it ferlet om yn dat tekoart te foarsjen. Dêrta wurdt syn wurk pleatst yn it bredere ferbân fan de histoaryske wittenskipsopfettingen fan it Frysk Genoatskip en de jonge Fryske Akademy. Postma wie belutsen by beide. En dat freget wer ynkadering yn soksoarte opfettingen yn Nederlân, yn it bysûnder yn de regionale skiednisbeoefening en har praktyk. Ien en oar wurdt behannele oer de perioade tusken it jier wêryn’t Postma syn earste histoaryske stúdzje falt (1913) en it oprjochtingsjier fan de Fryske Akademy (1938).
Programma
10.30                  Ynrin en kofje
10.50                   Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip
11.00                   Marnix Beyen: Geschiedschrijving in Nederland, de context
11.35                   Maarten Duijvendak: (Pre-)professionele Regionale Geschiedenis
12.10                  Goffe Jensma: Geschiedschrijving in Friesland 1920-1940: de context
12.40                  Brochje
13.30                  Besyk oan en taljochting op útstalling
14.00                  Hanno Brand: Izaak Gosses: geschiedschrijver van boerenrepublieken en staatsrechtelijk onkruid?
14.35                  Philippus Breuker: Obe Postma als historisch onderzoeker
15.05                  Kofje/thee
15.30                  Johan Frieswijk: G.A. Wumkes: meer dan een historisch verzamelaar?
16.00                  Algemiene diskusje
16.30                  Ofsluting en buorrel
Deifoarsitter is George Huitema

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *