Slagge stúdzjedei oer Postma en de natuerwittenskip

Op freed 25 novimber 2011 organisearre it Obe Postma Selskip foar de fyfte kear op rij in stúdzjedei. Dit kear wie it tema ‘Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900′. In keur fan acht sprekkers behannele tal fan aspekten oer de natuerkunde rounom 1900. Prof. Dr. George Huitema en Dr. Jan Guichelaar, de twa die it meast yntinsyf har mei de tarieding fan dizze stúdzjedei en de parallel dêroan rinnende útstalling yn Tresoar dwaande hâlden hawwe, kinne mei foldwaning werom sjen op har wurk.Dat dogge ek de rounom sawntich tahearders. Understeand in foto-impresje fan dizze slagge dei. Dizze ympresje is makke troch Frens Jan Rumph en George Huitema. De folsleine samling foto’s fan de stùdzjedei mei ûnderskrift kin jo besjen troch hjir te klikken . Yn april 2012 ferskynt it boek, weryn alle bydragen nochris in kear neilêzen wurde kinne.

    

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *