De Obe Postma-avond in Amsterdam, 11 december 2019

Mede dankzij financiële ondersteuning van de Deputearre Steaten heeft het Obe Postma Selskip op 11 december 2019 een succesvolle bijeenkomst kunnen organiseren in het literaire centrum Perdu in Amsterdam.

Het programma trok een zestigtal bezoekers: Friese en niet-Friese leden van het Selskip en enige tientallen belangstellenden, voor een groot deel maar niet uitsluitend uit Amsterdam.

De presentatie gebeurde in het Nederlands, op een paar welkomstwoorden van de voorzitter na. De besproken teksten van Obe Postma werden in het Fries geprojecteerd, ze werden in het Fries voorgelezen door Eeltsje Hettinga en Anne Feddema, en ze werden door de sprekers in Nederlandse vertaling gebracht.

Sprekers/performers waren achtereenvolgens Marjoleine de Vos, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema, Jan Kuijper en Klaske Oenema.

De avond werd ingeleid en gepresenteerd door Martin Reints. Als een soort toegift was er aan het eind een spontane bijdrage door Anthony Paul, die vertelde over zijn ervaringen bij het vertalen van Obe Postma in het Engels. De sprekers hadden zelf gekozen welke gedichten ze zouden bespreken, en dat had een prettige afwisseling tot gevolg: er kwamen gedichten ter sprake uit verschillende periodes. Zo ontstond een voor zover mogelijk tamelijk compleet beeld van Postma’s bijzondere dichterschap. Voor een deel van het publiek (en van de sprekers) was dit een eerste kennismaking, voor een ander deel een hernieuwde kennismaking. Het enthousiasme was unaniem.

Klaas van der Hoek schreef voor zijn weblog Konsenylje een verslag over de Obe Postma-avond in Amsterdam. Met dank voor zijn toestemming volgt hieronder de tekst van zijn verslag:

Obe yn Mokum

Amsterdam, 11 desimber 2019 – Wylst der op Twitter werris wrokkich folk, mei blokkearfriezinne Jenny Douwes foarop, tekeargong tsjin it ferdjerlike Amsterdam, teagen yn dy stêd sa’n sechtich minsken nei it poëzypoadium Perdu foar in (Hollânsktalige) jûn oer Obe Postma. Seis sprekkers en performers gongen dêr oan de Kloveniersburgwal, middenyn dy freeslike Grachtengordel, gear oer it wurk fan de Fryske plattelânsdichter by útstek.

Yn syn ynliedinkje sketste presintator Martin Reints hoe grut de kultuerskok foar Postma west hawwe moat doe’t er yn 1886 fan it doarpke Koarnwert nei it mondêne Amsterdam gong om dêr wis- en natuerkunde te studearjen. En folle letter, yn it gedicht ‘Te Harns’, liet Postma noch útkomme dat hy net lykas Goethe en Rilke fier fuort hoegde foar wat dynamyk yn syn bestean: in reis nei Harns wie al genôch om net ‘alheel deselde’ te bliuwen. Likegoed hat er him yn Amsterdam thús field. Syn biograaf Philippus Breuker skriuwt: ‘Postma hat yn Amsterdam mominten fan grut gelok hân. De stêd joech alles wêr’t syn iepen geast ferlet fan hie.’

Marjoleine de Vos: Dichters binne sjenners? en Yn maart

De earste sprekker wie dichter, columnist en NRC-redakteur Marjoleine de Vos. Sy boude har betooch op oan de hân fan de fersen ‘Dichters binne sjenners?’ en ‘Yn maart’ en beklamme it hjir-en-no-karakter fan Postma syn poëzy: fersen oer in wrâld dy’t der is om gewaar te wurden en part fan te wêzen, net om oer nei te tinken; fersen oer de besteande, net oer in tochte wrâld. Postma soe neffens De Vos net dichtsje oer wat skûlet yn syn geast, mar oer wat er sjocht foar syn foet. Sy seach datoangeande oerienkomsten mei de fersen dy’t Fernando Pessoa skreau ûnder it heteronym Albert Caeiro en mei it wurk fan Nescio.

Eeltsje Hettinga: Pinkstersnein en Unlijige snein

Justjes oars lei dichter, essayist en oersetter Eeltsje Hettinga de aksinten. Hy wiisde derop dat Postma bytiden yn lânskip en natuer no krekt de útdrukking fan in algeast, in wrâldsiele ûntware, sa’t ek Herman Gorter dat wol dien hie. Fierder as inkeld natuerlyryk rikte ek Postma syn heldersjende foarsizzing fan de agraryske skaalfergrutting en yndustrialisaasje dy’t ûnderwilens it Fryske greidelânskip syn biodiversiteit fierhinne ûntnommen hawwe. In oanset ta rural myth levere Hettinga nammers mei de anekdoate (liend en oanpast, mar soks sizze je der fansels net by) dat Postma ûnder Burchwerters de namme hie oer in poeier te beskikken dat him frijwarre fan sykte en âlderdom: ‘Witst wat er útfûn hat? Hy fret kinine!’

Anne Feddema: Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?

Tiid foar teäter. Dichter en performer Anne Feddema liet elke neitins oan Johnny van Doorn ferblikke mei in ‘rjappelrjap’ dy’t Postma syn fers ‘“Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?”’ ynbêde yn in potpoerry fan oare teksten, mei ûnder mear in battle tusken o’s en a’s, in fan Aalsum oant Wurdum yntegraal deklamearre topografyske yndeks en it resept foar in streksum miel út De folmakke Fryske kokenfaam. Fan en ta sprutsen der fia it medium Feddema oare stimmen, lykas dy fan Peter Tuinman. Feddema einige syn optreden mei it dialoochje: ‘En dan noch ien fraach, Postma. Binne jo homo, Obe?’ ‘Ja, ik bin homo! Krekt as iderien!’

Jan Kuijper: Blommejonge en Tsjinje

Hoe oars fan toan wie de bydrage fan sonnettedichter en oersetter Jan Kuijper. It leafst hie hy in sonnet fan Postma besprutsen, mar sonnetten hat Postma spitigernôch nea skreaun. Dat Kuijper socht syn taflecht ta it Postma-fers dat it tichtst by in leafdesgedicht kaam en it fers dat it tichtst by in eroatysk gedicht kaam: ‘Blommejonge’ (trije kwatrinen mei krúst mar brutsen rym) en ‘Tsjinje’ (trije kwatrinen mei omearmjend rym). Hie dat lêste gedicht no twa rigels mear hân, dan hie it nei foarm én ynhâld foar in Shakespeariaansk sonnet trochgean kinnen… Mar nimme wy Postma sa’t er is, dan is dat Kuijper ek bêst genôch.

Klaske Oenema: Wider útsjoch

Like oertsjûgjend as ûnopsnolke kwa technyk en presintaasje wie de bydrage fan multimedia-keunstner, muzikant en dichter Klaske Oenema. Sy brûkte in overheadprojektor foar de projeksje fan in hieltyd oanwaaksende en feroarjende ‘skimewrâld’ by it fers ‘Wider útsjoch’. Ek hie se dat gedicht op muzyk set. Teksten en skaadbylden wikseljend op de projektor, song se it liet live mei begelieding fan in lûdbân en in blaasoargeltsje. Foarôf fertroude Oenema, sels net Frysktalich, har publyk ta dat sy oant foar koart nea fan Obe Postma heard hie en oan Frysktalige famylje en freonen frege hie oft dy him faaks koenen. En ja, har heit koe him wol, mar hy lies leaver Simke Kloosterman.  Beharkje ‘Wider útsjoch’.

Anthony Paul: Selected poems

Ta slot fertelde Anthony Paul oer syn wurkwize by it oersetten fan gedichten nei it Ingelsk foar de Postma-blomlêzings What the poet must know (2004) en Selected poems (2018). Omdat er it Frysk net machtich is, naam Paul de Hollânsktalige oersettings fan Jabik Veenbaas as boarneteksten, mar nea sûnder de orizjinele fersen mei Veenbaas te besprekken om dochs ticht by Postma te bliuwen, dy’t Paul kennen leard hie – postúm – as ‘een lief, aardig, sensitief en bijzonder mens’. Toe mar. Yn alle gefallen hat de jûn, út namme fan it Obe Postma Selskip treflik organisearre troch Martin Reints, dat selskip nije leden opsmiten – en Obe Postma, sa foel te hearren, nije lêzers. Amsterdamske lêzers.

Foto’s: Katja Stam

Een gedachte over “De Obe Postma-avond in Amsterdam, 11 december 2019”

Reacties zijn gesloten.