Obe Postma Selskip – It wurk as feriening sit der op.

Fan George Huitema, foarsitter:

Op de lêste OPS-ledegearkomste yn febrewaris ha ik it oer de takomst fan it Selskip hân en meidield dat it bestjoer fynt dat it wurk as feriening derop sit. Dêrom lizze wy yn in spesjale ledegearkomste op 12 desimber 2018 de opheffing fan it Selskip oan de leden foar.

Sûnt de oprjochting fan it OPS yn 2006 binne der tal fan aktiviteiten organisearre. Under oaren hawwe der reiskes en stúdzjedagen west. Ek is it slagge om 22 nûmers fan ús blêd Wjerklank en 14 boek- útjeften yn de Postma Rige ferskine te litten. We meie tige grutsk wêze op de aktiviteiten en resultaten fan it Selskip. Ik hear faken dat der gjinien literêr selskip yn Fryslân is dat sa warber is mei aktiviteiten mei sa’n grutte kwaliteit.  

Mar it gong de lêste jierren hieltyd swierder. Nei de lêste reiskes en stúdzjedagen wiene der gjin libbensfetbere ideeën foar nije tema’s mear. It garjen fan kopij foar ús blêd Wjerklank gyng ek net maklik mear, de bydragen kamen der net by de rûs. We binne werom gien fan twa nei ien nûmer per jier. De measte bydragen binne ek fan bestjoersleden. 

Op it finansjeel mêd kealle it ek swierder. De útjeften yn de Postma Rige wiene mooglik troch stipe fan ferskate fûnsen. Mar de lêste jierren wie it  dreger om fûnsen te ynteressearjen. De bedraggen waarden lytser en we moasten in soad fûnsen oanskriuwe. Wy binne tige bliid dat it mei de reserves dy’t we noch hienen úteinlik slagge is om alle boeken, dy’t op priemmen stienen, út te jaan. Yn it bysûnder neam ik de resinte boeken: Obe Postma. In libben dat bloeide nei syn aard fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer, de bondel Selected Poems, in bondel mei fjirtich komposysjes op gedichten fan Postma en de Postma-biografy Dreaun fan ierde’ dream fan Philippus Breuker. Fierder koene wy gelokkich behoarlik de kosten drukke troch yn goede gearwurking mei Tresoar gebrûk te meitsjen fan  harren lokaasjes en tsjinsten. 

As lêste faktor moat ik neame dat it ledetal elts jier mei sa’n 10% werom rint (we sitte no op 90 leden) troch opsizzen en ferstjerren fan leden. Dêr komt noch by, en dat is spitich om te sizzen, dat de ponghâlder elk nij jier foar wol in tredde part fan it oantal leden mear as fjouwer kear oantrune moast (mei brieven, mailtsjes en telefoantsjes) om it abonnemintsjild te beteljen.

Wij hawwe yn it ôfrûne jier noch alles op alles setten om Postma-leafhawwers in nijsgjirrich jier te bieden. Yn it 150e bertejier fan Postma koenen wy yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd (LF2018) mei de Postma Dagen in prachtich programma delsette mei in nije trijetalige Postma-bondel, in poezijmiddei, in kuiertocht en in muzykkonsert. En dan krektlyn in nij hichtepunt dit jier mei de boekpresintaasje fan it magnum opus fan Philippus Breuker, in biografy fan Postma.

Mar dit is no dan de ein. Mei alle boppeneamde faktoaren fynt it bestjoer unanym dat it wurk as feriening dien is. Dêrom leit it bestjoer de opheffing fan it OPS per 31/12/2018 foar oan de leden. It foltallige bestjoer stapt dernei ek op.

De oandacht foar Postma ferdwynt natuerlik net troch opheffing fan in feriening mei leden. Wy stelle út it online materiaal fan ús webstee by Tresoar ûnder te bringen. Tresoar hat hjirfoar in digitaal kanaal (Sirkwy) en is tige optein mei dit foarnimmen. Boppedat mei it nije besikerssintrum OBE wol Tresoar ek graach elk jier oandacht oan Postma skinke mei help fan entûsjaste Postma-leafhawwers.

We sjogge werom op in prachtige tiid as Selskip en tankje de leden dy’t it Selskip droegen hawwe.

George Huitema, foarsitter
Jan Gulmans, skriuwer
Jan Guichelaar, ponghâlder
Geke Sjoerdsma, lid
Doekle Elgersma, lid
Geart van de Meer, lid