Oankundiging 2012 Ledegearkomste OPS

Op tiisdei 24 januaris 2012 wurdt de jierlikse ledegearkomste fan it Obe Postma Selskip hâlden. Nei it húshâldlike diel sil Piter de Groot út Ljouwert in lêzing hâlde oer Postma. De gearkomste wurdt hâlden in Kafé Wouters,  Sophialaan 5 te Ljouwert.

Wurklist Algemiene Ledegearkomste

Datum: 24 jannewaris 2012, 20.00 (seal iepen 19.45)
Plak: Kafé Wouters, Sophialaan 5 te Ljouwert

1. Iepening en meidielingen.
2. Ferslach foarige ledegearkomste (9 februaris 2011).
3. Jierferslach skriuwer.
4. Jierferslach skathâlder; ferslach kaskommisje.
5. Plannen 2012.
 Komposysjepriisfraach:yn’e rin fan jannewaris/februaris is de útslach te ferwachtsjen fan de komposysjepriisfraach. Der binne troch ferskate komponisten 19 gedichten fan Postma op musyk set. Mooglik kinne de komposysjes fan priiswinner en nominearre komponisten op CD set wurde.
(a) Brûnsen buste fan Obe Postma: yn it bestjoer is it plan ûntstien om in brûnsen buste fan Postma meitsje te litten. Tal fan fragen tsjine har oan: plak, foarm fan’e buste, keunstner, finansjele saken.
(b)Boekpresentaasje: yn it foarjier wurdt it earste eksimplaar fan it boek ‘Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900’oanbean tiidens in feestlike gearkomste yn Frentsjer.
(c) Stúdzjedei 2012: Yn novimber 2012 wurdt der wer in stúdzjedei organisearre en wol oer it tema ‘Fryske skiedskriuwing yn de perioade 1913- 1938’. Philippus Breuker hâldt in lêzing oer Postma as histoarysk ûndersiker. Der wurde ek lêzingen hâlden oar ûnder mear I. H. Gosses en G. A. Wumkes.
(d)Webstee en Wjerklank: it bestjoer wol befoarderje, dat der mear bydragen fan OPS-leden oanbrocht wurde, sawol op it webstee as yn ús blêd ‘Wjerklank’.
6. Begrutting 2012.
7. Utstel en kar nije foarsitter OPS. De foarsitter hat te kennen jûn dat er om syn drokke wurk it foarsitterskip delleit. It bestjoer stelt út yn syn plak te beneamen prof.dr. George B. Huitema. Tsjinkandidaten kinne har oanmelde by de skriuwer en wol foar 20 jannewaris.
8. Skoft, 20.45-21.00.
9. Nei it skoft sil de hear Pieter de Groot út Wommels op ‘e tekst oer Obe Postma, lykas hy Postma kennen leard hat. De Groot skreau lang lyn in stik ‘Kiek, Postma!’ yn De Strikel fan jannewaris 1975, 18e jiergong, siden 193-195 en werprinte yn de jubileum-Strikel fan july-aug. 1982, 25e jiergong, siden 244-246.
10. Ofskie âld-foarsitter drs. Siebren van der Zwaag.
11. Ofsluting, 21.45. 
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *