Jierferslach 2018

De folgjende aktiviteiten:

Gearkomsten

Yn 2018 hiene bestjoersgearkomsten  pleats op 7 febrewaris, 7 septimber en 12 desimber. Der wiene in Algemiene ledegearkomste op 7 febrewaris (mei in lêzing fan Philippus Breuker) en in ekstra Algemiene ledegearkomste op 12 desimber (opheffing OPS).

150e Bertedei Obe Postma

Yn Koarnwert is tongersdei 29 maart 2018 in spesjale betinking foar Obe Postma holden by syn 150e bertedei . Kommissaris fan de Kening Arno Brok lei hjir in blomstik op it grêf fan Postma . It Obe Postma Selskip wie dêrby fertsjintwurdige troch foarsitter, George Huitema, en âld-foarsitter Siebren van der Zwaag. Direkteur Bert Looper fan Tresoar hat dêrby foarlêzen út it wurk fan Postma.

Obe Postma Dagen 2018

It Obe Postma  Selskip hat  op 6, 7 en 8 April 2018 yn ‘e mande mei Tresoar de saneamde Obe Postma Dagen organisearre. Yn Postma syn 150ste bertejier leit de kulturele ferbining mei Ljouwert as de Kulturele Haadstêd. Ferskate ferslaggen binne te lêzen yn nûmer 22 fan de Wjerklank.

It programma fan de Obe Postma Dagen omfette in tal fan ûnderdielen, te witten:

  • GEDICHTEMIDDEI: it biedwurd is Lânskipspine? In stikmannich Fryske dichters sil mei harren eigen dichterlike ferwurking foar it buordsje komme oer hoe’t sy hjoed-de-dei it Fryske lânskip sjogge.
  • BOEKPRESINTAASJE ‘SELECTED POEMS OBE POSTMA’:  boekpresintaasje fan de trijetalige útjefte (Frysk-Ingelsk-Nederlânsk) Selected Poems Obe Postma fan fersen fan Obe Postma (1868-1963). De oanbieding fan it earste eksimplaar is oan Kommissaris fan de Koning Arno Brok. De oersettingen binne fan Jabik Veenbaas en Anthony Paul. De útjouwer is Wijdemeer en it omslach en typografy binne fan Gert Jan Slagter.
  • OBE POSTMA KUIER: In kuier troch de stêd lâns spoaren fan dichter-skriuwer Obe Postma en ek oare literêre bysûnderheden.
  • POEZY FAN OBE POSTMA OP MUZYK “IT PAAD”: konsert yn e doarpstsjerkje fan Huzum.
  • BOEKPRESINTAASJE ‘POSTMA OP MUZYK’: Oan’e ein fan it konsert wurdt it earste eksimplaar fan it boek ‘Postma op muzyk’ oanbean. Yn it boek binne mear dan tritich komposysjes opnaam op gedichten fan Obe Postma. Ek de gedichten sels binne opnaam.

OPUS 9

It OPS rekke (op fersyk fan Tresoar) belutsen by dit projekt, yn it ramt werfan begjin novimber trije konserten útfierd wurde en wol yn Grins(10 novimber), Ljouwert (11 novimber) en Amsterdam (konsertgebou, 9 novimber). Yn dy reeks konserten stean komposysjes fan Paul Carr sintraal; as intermezzo tusken de muzykstikken wurde fiif gedichten fan Obe Postma foar it fuotljocht brocht troch in deklamator. Dy gedichten ha leden fan it bestjoer en it OPS yn oerliz meiinoar útkeazen.

Postma Biografy Dreaun fan ierde’dream

Op woansdei 24 oktober 2018 is it earste eksimplaar fan de lang ferwachte Obe Postma biografy fan Philippus Breuker presintearre yn it ramt fan in feestlike gearkomst yn Tresoar te Ljouwert. De biografy hat as titel meikrigen Dreaun fan ierde’ dream en beskriuwt Postma as bern fan it lân, de stúdzje yn Amsterdam, syn freonskippen, Postma as learaar yn Grins, Postma as natuerwittenskipper, syn stúdzje fan filosofy en psychology, en, net yn it lêste plak, Postma as filosofysk dichter en histoarikus. Yn de fyzje fan Breuker hong Postma oan it libben, hy woe lokkich wêze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. It wie in dreaun man. By alle geleardheid is de grûntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch ûnrêst en begearen.

It Obe Postma Selskip hie dizze middei organisearre mei ferskate sprekkers. Jan Gulmans, skriuwer fan it selskip hold in lêzing Tusken klaai en akademy. Yn dizze lêzing waard in profyl sketst fan Breuker as literêr histoarikus, waard yngien op (de skaaikenmerken fan) syn oeuvre en waard syn fyzje op Postma as wittenskipsman en dichter tsjin it ljocht hâlden.

Dernei hold Elisabeth Leijnse, heechlearaar Letterkunde, Universiteit Namen in lêzing: Het schrijven van een biografie: historiografische en narratologische overwegingen nei oanlieding fan har dûbelbiografy Cécile en Elsa – Strijdbare Freules, dêr’t se de Libris Geschiedenis Prijs 2016 en de Biografieprijs 2016 foar krige.

As lêste spruts Philippus Breuker, auteur fan de biografy, oer ‘Problemen by it skriuwen fan in biografy fan Obe Postma en yn dy biografy sels.’ It earste eksimplaar fan de biografy waard útrikt oan Siebren van der Zwaag, âld-foarsitter fan it Obe Postma Selskip.

Een gedachte over “Jierferslach 2018”

Reacties zijn gesloten.