Reiske 2008: Koarnwert en omkriten

It Obe Postma Selskip sjocht it as ien fan syn opjeften elk jier in reiske foar syn leden en oare belangstellenden te organisearjen. Tsjin dy eftergrûn waard op 24 maaie 2008 it twadde reiske hâlden. Dizze kear gyng de reis nei Koarnwert en omkriten. Ek dizze kear hie Philippus Breuker de lieding; hy wie it ek, dy’t yn ‘Wjerklank’( nr. 3, side 8-12) in taljochtsjend artikel skreau ûnder de titel: ‘Wol yn dream oan dy oarden tinke, paadwizer by it reiske nei Koarnwert en omkriten’. In lytse fjirtich minsken kamen der op ta setten.

Ek troch it prachtige waar is it in dei wurden om net te ferjitten.
Moarns om 10.00 oere setten wy ôf yn de rjochting Harns. Lykas it gefal wie by it reiske nei Grins en omkriten yn 2007, lies Aly van der Mark ek dizze kear in ferskaat fan gedichten foar. Op wei nei Harns wiene dat ‘Yn maart’ (SF 216) en ‘Fertrouwen’(SF 394). Yn Harns rieden wy lâns de fiskerhaven, oer de Tjerk Hiddesslûs en kamen wy fia de âlde ringmuorre de stêd yn. Breuker liet ús de Noarderhaven sjen en hy wiisde ús op de reade liuwen en it Noardiis. Piter van Tuinen, ponghâlder fan de Obe Postma Stichting, droech by troch – op it stuit dat we op’e Bolwurkstún oankaam wiene – tal fan histoaryske bysûnderheden oangeande Harns te fertellen. Yn it Hearenloazjemint waard kofje dronken. Uteraard waard it gedicht ‘Te Harns’ (SF 218) foardroegen; elkenien kin de rigels út dat fers:

Ik haw de Noarderhaven sjoen en it Noardiis; hoe rom wie it – en hoe âld!
De platanen fan’e Foarstrjitte wienen wat beknobbe, mar goed liken gelokkich de nije.

Fanút de bus seagen wy it loazjemint fan Beitschat oer it wetter. Keatsleafhawwers makken efkes in bûging op it momint, dat wy lâns it stânbyld fan Hotse Schuil kamen. Al gau ried de bus rjochting Surch. It fers ‘Doarp’ waard foardroegen en ek, op’e Wûnserwei, it fers ‘De Skraarder toer’. Letter, yn Wûns, wie dat it gedicht ‘Dichters’ (SF 257). Klokslach tolve oere hold de bus efkes in koarte pauze by De Wearen. Aly van der Mark lies it fers ‘Arbeidershûs’ (SF 268) mei de intrigearjende’(want sterk objektivearjende) rigels

Kin it wêze dat it keamerfinster seit:
Ik sjoch de greide; ik bin de greide.

Yn Allingawier, yn it restaurant fan Aldfaars Erf, ieten wy ús brochje. Op wei dêrhinne hiene we it gedicht mei dy namme al heard (‘Op wei nei Allingawier’, SF 61). Breuker frege ek oandacht foar ‘Op it tsjerkhôf’(SF 123) mei de prachtige strofe

It is sa libben as ik dy’t dream
Ja, âlde boer, wis yn gelove-striid,
Wat stoar giet net ferlern! It wêzen bliuwt
En libbet bûten tiid.

Lâns Skuzum kamen wy en it fers ‘Ik tink oan dy wei’ (SF 30) koe net op in tapasliker oard foardroegen wurde. Fia Piaam kamen we tsjin teetiid te Makkum oan. Koart dêrfoar moasten we ús te binnen bringe it fers ‘Grut hôf’ (SF 229), dat slacht op in pleats even bûten Makkum. De namme stiet yn it dak. Yn Eeltsje Halbertsma’s gedicht ‘Oan Beslinga-state’is it hôf de treaster, by Obe Postma hat it hôf gjin treaster mear (sjoch Philppus Breuker, Eeltsje Halbertsma, Skriuwers yn byld, no. 7 (2008), side 49). Yn Makkum koenen we troch bemiddeling fan Sytze ten Hoeve ien fan’e panden fan Kingma sjen; fan him krigen we tal fan ynljochtings oer de skiednis fan dit doarp. We gyngen ek de seedyk op om oer it wetter te sjen. It lei foar de hân dat op dat momint it dicht ‘De see’(SF 164) foardroegen waard en dat barde dan ek. Noch lang hiene we de strofe ‘O hoe’t him it wide lûkt ! Hoe’t ljocht de libbene spegel blinkt, Hoe’t wier en wetter rûkt !’ yn it ûnthâld ! By Sotterum hearden we – by de reed fan’e Lytse Pleats – it bekinde ‘De apelbeam’ (SF 26).

It wie al fjouwer oere doe’t we yn ’e buorren fan Koarnwert oankamen. In ferskaat oan fersen waard foardroegen troch Aly van der Mark en Philippus Breuker pleatste dy fersen yn in passend, want deskundich, ramt. ‘De arbeidershuzen’(SF 119), ‘As ik opdroegen wurd’ (SF 232), ‘Hja dy’t net bedijden’(SF 159) wiene mar inkele fan de fersen dy’t op it aljemint kamen. Ek fanwegen de tiid waard der fan ôfsjoen yn Wommels en Boalsert oan te gean. Op ’e weromreis waarden Aly van der Mark en Philippus Breuker troch foarsitter Siebren van der Zwaag yn passende wurden betanke foar al it wurk, dat sy ferset hiene om dizze dei slagje te litten. Lykas tidens it reiske 2007 hie Willem Abma in koartswilich fers makke, wêrmei’t hy by einsluten alle dielnimmers och sa fermakke:

Lobet den Obe, alle Heiden
en priizgje him alle Friezen
want syn fersen en wierheid
hearskje oer ús oant yn ivichheid
*
wa’t wie wa’t is wa’t wêze sil
deselde mar ek wer net
*
” Soene wy stjerre?
Yn’t húske libje tûzen bleek-grize huzen,
Ofbrutsen en fergetten
Mar de trie rûst har namme.
Yn it finstik libje tûzen ôfearte lânen,
En de hynders dy’t it bebieten,
En de hannen dy’t it bedolden,
Sa sil ús lân en ús hûs bestean!”
*
Lobet den Obe, alle Heiden
en priizgje him alle Friezen
want syn fersen en wierheid
hearskje oer ús oant yn ivichheid

Weromsjend kinne we sizze, dat de dielnimmers oan dit reiske in protte genoegen belibbe ha; dat har ynsjoch yn in ferskaat fan gedichten tanommen is en, net it minst wichtige, dat der in soad útwikseling fan ynformaasje en ideeën op sa’n dei pleats fynt. Ek dat wie en is ien fan de eachmerken fan it Obe Postma Selskip.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *