Reiske 2011: nei Fivelgo…

Postma yn Grins en Grinzerlân

Ferslach fan it reiske nei Fivelgo
Jan Gulmans
Sûnt de oprjochting fan it Obe Postma Selskip – hjerst 2006 – hat it Selskip ider jier in reiske organisearre. It earste reiske gyng, krekt lykas it reiske wêrfan yn dizze bydrage ferslach dien wurdt, nei Grinslân. De reden om twa kear it Grinzer lân te besykjen, leit yn it feit dat Obe Postma lange tiid (oant 1934) yn Grins(-lân) wenne en dat in protte fan syn fersen dêr har ûntsteansgroun ha (‘Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke’). Philippus Breuker skriuwt dan ek : ‘Postma is de dichter fan it Fryske lân en libben, mar dêr sit mear Grins en Grinslân yn as dat oant no ta sjoen is’ (sjoch ‘Wjerklank’, jrg. 1, no. 1, bls. 10). Ek diskear wie de reis taret troch Breuker en hy fertelde ûnderweis oer de plakken dêr’t wy oanstieken of lans rieden.

Twa kear in reiske nei Grinslân, dus. En wol nei Fivelgo, lykas it yn de Midsieuwen neamd waard. Letter waard it Fivelingo neamd, in streek yn East-Grinslân dat yn it westen begrinzge wurdt troch it Maarvliet en yn it easten gearfalt mei de eastgrins fan de gemeente Slochteren. Fivelingo grinzet yn it westen oan Hunsingo, yn it easten oan it Oldambt en de Eemsmûning, yn it súden oan it Gorecht (Appingedam, Loppersum, Ten Boer en Slochteren, in wichtich diel fan Delfsyl en in diel fan Bedum). De namme Fivelgo betsjut streek (go of gouw) fan de Fivel, in no fersâne rivierke yn de streek. Postma skriuwt yn syn haadwurk ‘De Friese Kleihoeve’ in oantal kearen oer Fivelgo. (sjoch bygelyks: ‘De Friese Kleihoeve’, side 90).

Werom nei it reiske. Om efkes oer tsien oere stapten de ûngefear 30 dielnimmers yn de bus fan de firma Dalstra út Surhústerfean. We gyngen op wei nei de stêd Grins. By ôfwêzichheid fan Siebren van der Zwaag mocht ik de dielnimmers hertlik ferwolkomje. Mei namme ek Philippus Breuker, tegearre mei Peter Molema gids op dizze dei en Aly van der Mark, dy’t lyk as foargeande jierren de foardracht fan de fersen wer foar har rekken naam. Ik grypte de gelegenheid oan te wizen op wat feiten en ûntwikkelingen it Obe Postma Selskip oangeande, lykas de fernijde webstee (obepostma.nl), de stúdzjedei oer Postma en de natuurwittenskip op 25 novimber 2011, de wurkgroep ‘Postma en de musyk’en it feit dat Geke Sjoerdsma as nij bestjoerslid it plak ynnommen hat fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

Oankommen yn de buurt fan it Sterrenbos te Grins, ûntwurpen troch stêdshovenier J. C. Becker en yn 1765 oanlein, lies Aly van der Mark it gedicht ‘Oantinken oan H.K’(SF 263). Dit gedicht, lykas alle oare  troch Breuker keazen en fan kommentaar foarsjoene, en troch har foarlêzen gedichten, stean yntusken op it webstee fan it Obe Postma Selskip (sjoch obepostma.nl; rubryk ‘Fers foar fers’). Ferfolgens gyng  de reis lâns it Cruiseschip oer de A7 rjochting Appingedam. Aly van der Mark lies ‘Jo binne fêst in âld skoalmaster’(SF 297). Bij Scheemda gyngen wy fan de wei ôf en fia de N362 teagen we nei Weiwerd. Dêr lies Aly it gedicht ‘Fan it Fryske lân’(SF 235).

Wy riden fanút Weiwerd nei Appingedam, wêr’t we yn de Nicolaaskerk it middeisbrochje opieten. De hear Peter Molema, rjochter fan berop en op de hichte fan de rjochtsskiednis yn it algemien en it Âld-Frysk rjocht yn it bysûnder, wie yn Appingedam ús gids. De âldste ferwizingen nei Appingedam binne ûnder oaren ôfkomstich út de trettjinde-ieuske kroniken fan de troch Postma oanhelle Emo en Menko, de abten fan it kleaster Bloemhof út Wittewierum. It kleaster lei by Ten Post en wie yn de Midsieuwen fan grutte betsjutting. De earste ferwizing yn dizze kroniken  fan Emo en Menko datearret út 1224 en de lêste út 1285. Appingedam wurdt dêrby oanjûn as ‘Dammensium’, ‘Damme’ en ‘Appengadomme’.

Nei Appingedam gyngen we op wei nei Marsum. De romaanse tsjerke te Marsum stiet op in wierde en is mei syn sealtektoer in juwieltsje ûnder de Grinzer tsjerken. Tichtby de koarslúting is oan beide kanten in hagioskoop te sjen. Yn it smelle heal-rûne koar stean lytse rûnboochfinsters. De klok datearret fan 1620. Breuker gyng ûnder oaren yn op de âlderdom fan de tsjerke, ynteressant omdat er fan 1307 is en de boustyl noch romaans, âlderwetsk dus: in lytse parochy! Fia Holwierde, Krewerd, Oosterwytwerd, Leermens en Zeerijp kamen we let yn de middei te Weteremden. De tsjerke te Krewerd (romano-gotyske styl) mei syn prachtich âld oargel op in kreake koene we allinne fan bûten sjen. Ek de Mariatsjerke te Oosterwijtwerd, ien fan de âldste bakstiennen tsjerken en datearjend fan foar 1200, koene wy om redenen fan tiidkrapte net besykje. Philippus Breuker fertelde oer de kampfjochters yn de tsjerke fan Westerwijtwerd (fan belang yn ferbân mei ‘lodde’en ‘pols’; yn ien fan Postma’s gedichten). De linker kampfjochter, neffens Breuker, soe wolris in pols as spear hawwe kinne. Yn dat gefal is de foarkant weifallen. Dat hiene de âlde Friezen. Dêr siet in pylk op. Postma hat fan dy polsen as spearen witten, blikens syn gedicht ’Oan dy’t my leze sille yn letter tiid’:

It is in minske, iepener op dichters baan
As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jout him oer oan dy’t ta ’t libben giet,
In feint, in bern, en sûnder pols of skyld.

Fia Leermen, bekind fanwege de Donatuskerk, tink oan it lied ‘Di goede sinte Donnatus, Al uth fan Lehrens, Di friat sinte Wolburg, In da saasche Gryns, etc., kamen we te Seeryp, wêr’t Aly van der Mark, steande op de preekstoel, in passaazje út ‘Nei sawntich jier’ fan G. A. Wumkes foarlies. Dy passaazje is te lang foar dit ferslach.

Nei in besyk oan Westeremden (de galery fan Henk Helmantel) waard it tiid de weromtocht nei Ljouwert oan te fangen. Lykas Postma yn syn gedicht ‘Bylden’sizze kin: ‘k Ha it libben opnomd, sa’t it woechs út’e wâljende ierde; It wrotten, it bouwen, de frucht’, sa koene wy nei dizze dei sizze dat we Fivelgo yn ús opnaam hiene, lykas blykt út ‘it wrotten, it bouwen, de frucht’ fan dit noch altyd midsieusk oandwaand lân. Klaas Bruinsma, fertaler fan Homerus, Ovidius e.t.q. én Postma-kinner, ferraste de dielnimmers oan it Fivelgo-reiske mei in foar him kinmerkend gedicht (mei seisfuottige hexameters). De troch him skreaune én foardroegen ‘Obiade’ fertolket sublym it fielen fan de dielnimmers oangeande it hjir boppe beskreaune reiske nei Fivelgo.

In lytse Obiade 2, t.g.f. de Obe Postma reis op sneon 28 maaie MMXI A.D.
Muze, besjong my de reis fan it learde en eptige selskip,
dat mei earbied en deemoed de namme draacht fan de dichter
Obe Postma, dy’t witnis en dichtkeunst sierlik ferbûn hat
mei de histoarje fan ’t âlde heitelân, dat him leaf wie.
Hja gongen moedich en fleurich de reis oan, mar fûnen ferbjustre
gau harren Waterloo yn it Grinzer bosk fan de stjerren.
Dêr gongen hja oan board fan de space shuttle, hjir neamd it Cruise ship.
dat yn de Wolden delkaam; dat wie by it tsjerkhôf fan Weiwert;
earen de tsjerke yn ’t mulpunt; nij Babel riisd’ oan de kimen.
Klear wie it lân ferkaavle lâns strielen; de terp as it mulpunt.
’t Miel wie yn Appingedam mei de fraaie Sint Nikolaastsjerke.
Dêr waard in freonlike man ûntdutsen yn ’t saaklike Grinslân!
Dêr wienen ek de kontoeren fan d’ âlde Solwerter weeme.
’t Wie by de hingjende kokens, dat Master Molema leard hat:
Appingedam wie by âlds in stêd dy’t yn Fivelgo’s bloeitiid
kearn wie fan alle sân frije Fryske Seelannen, Eala!
Ek ha hja west yn Seeryp, doarp fan preker Geart Aeilco Wumkes,
man fan wa’t Obe Postma dichte: ”Ha ’k net fan in man heard
fier útstekkende boppe de mannicht’ en wiis mei myn dichten?”
’t Rypster ljocht yn de Seerypster tsjerke blonk op út ’e skat fan
’t Aldfrysk rjocht, oan de tolve asega’s jûn fan de himel,
doe’t hja swalken yn roerleaze boat oer de heislike weagen,
inkeld in flymjende bile hantearren as ’t stjoerende helmhout.
Wee oer it earme doarpsfolk, troch ’t fjoer fan de flamme bedrige!
Ek ha hja yn de weeme fan Westeremden oanskôge
Henk Helmantel syn keunst, troch him oantsjut as syn ’skeppings.’
Krekt yn dat part fan Grinslân is ’t âld Frysk karakter bewarre.
En oant hjoeddedei steane de pompeblêden yn ’t wapen.
Al mei dit byld net sa krekt as twa felle kampfjochters lykje,
al is ’t portret net sa klear as Beetke van Rasquert fan Ewsum,
dizze kronyk is nei wierheid beskreaun troch de iendeiske skriuwer,
dy’t lykas Emo of Menko de skiednis beskreau foar de neiteam.
Sa wie de moeting mei freonen yn ’t lân fan Liudger en Bernlef.
’t Is mar in lyts histoarysk stikje, mar grif is it better
as d’ antifryske leagens fan K. ter Laan en Klaas Heeroma.
Sa wie it lân fan de jeugd en de leafde fan ús Obe Postma,
dy’t de witnis en keunst yn syn fersen wist te ferbinen
ta in kosmyske ienheid, sa sjoen troch de master út Koarnwert.
Muze, ha tank foar de kâns te skôgjen it gea fan Grut Fryslân,
sa’t dat libb’ yn de siel fan de learde man mei de pinne.

Hjoed, sneon 28 maaie 2011                                  Klaas fan Easterein

Hjoed hat in tûk ûnderwizer de reiswein bestjoerd ta foldwaning.
Hjoed hat Aly van der Mark de Seerypster preekstoel beklommen.
Hjoed hat in golle man twa flessen fan slim geastryk sop jûn.
D’ oare sûnden lykwols binne besletten yn ’t hoal fan ferjitnis.
                                                                           KEB

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *