Reiske 2009: Eagje oer ús lânsdouwen

Ferslach fan it reiske  fan it Obe Postma Selskip, 23 maaie 2009

 reiske2009_007 De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid-omrâne bou.

Ut: OBE POSTMA, DE HEGE DYK LANS (1907)

Jan Gulmans, ferslach

Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip.

Ferslach fan it reiske  fan it Obe Postma Selskip, 23 maaie 2009

De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid-omrâne bou.

Ut: OBE POSTMA, DE HEGE DYK LANS (1907)

Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip.

Meindert Schroor jout útlis
Meindert Schroor jout útlis

Dy tema’s komme foar in part ek foar yn it troch Schroor skreaune boek ‘De Wereld van het Friese landschap’, dat yn 1993 troch Wolters Noordhoff  utjûn waard. Philippus Breuker hie in stik taret  mei de titel ‘De dichter Postma en it lânskip. In kar ut syn gedichten by it reiske fan it OPS op 23 maaie 2009’. Alle dielnimmers krigen dizze tekst, wêrút Aly van der Mark de gedichten lies, lykas dy troch Breuker útkeazen wienen.
De rûte gong oer Snits, Alde Himdyk, Drylts, Nijesyl, Abbegea, Wolsum, Nijlân, Boalsert, Warkum, It Heidenskip, Hylpen, Warkum, Parregea, Dedzjum, Tsjerkwert, nochris Boalsert, Eksmoarre, Gaast, Piaam, Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Tanksij de manûvrearkeunst fan de sjauffeur berikte de bus fia de Alde Himdyk Drylts  en alle rillegau die bliken, dat Meindert Schroor in begenedige ferteller is, dy’t yn steat is oer terpen, ferfeaning, bediking, feanpolders, Karboan, miedenferkaveling en wat net al ynnimmend te fertellen. Klaas Bruinsma brocht dat sa ûnder wurden: Hjoed hat in tûke skroar in feestmantel snien út ’e lape. Koarte intermezzo’s, wêryn Aly van der Mark  gedichten lies en wêryn, foarsafier nedich, Philippus Breuker taljochting joech, soargen derfoar, dat ek de relaasje Postma en it lânskip alle oandacht krige. Faak beskriuwt in gedicht fan Postma, sa skreau Breuker,  in lokswjerfarren, sa’t it lânskip dat de dichter oandien hat. Tiid falt dan by Postma wei. Wat er dan wjerfart, is yn it waarnommene it bliuwende.
Yn Nijesyl stapten we efkes út de bus en skôgen de âlde Wimerts oer, dy’t earder wol Stienwikerfeart neamd waard. Dat tsjut op de belangrike ferbining mei Westfalen. Yn it Sjineeske wok-restaurant te Boalsert brûkten we de kofje. Noch foar it middeisbrochje by de ‘Wijnberg’ (ek) yn Boalsert, kamen we troch it Heidenskip mei syn fersprate pleatsen, ek troch Hylpen mei syn oare ekonomyske basis fan skipfeart en lânbou en syn dêrmei gearhingjende oare lânboustruktuer fan mienskarren en mieden, en rieden wy by Iemswâlde lâns, dêr’t Postma in pleats út 855 weromfûn hat dy’t der noch leit. Under it middeisbrochje fertelde Breuker eat oer de plannen fan it Selskip. Hylkje de Jong hie dy foar de jierren 2006 oant 2016 op papier set.
Op dichterlik mêd kamen Willem Abma en Klaas Bruinsma oan it wurd. Bruinsma, bekind fan in fariëteit oan fertalingen (wêrûnder de Ilias en de Odyssee en stikken fan de saneamde tragici) makke in ‘Obiade’ op it reiske. It is te moai om it net yn syn gehiel op te nimmen.

In Lytse Obiade

Muze, besielje myn sang fan de treflike reis fan it selskip!
Hjoed hat de âlde langst my wer dreaun de tocht te berymjen,
ynspirearre troch Hylkje, de Sapfo út Ljouwter kontreien.
’t Selskip fan Obe Postma hat reizge troch d’ âlde lansdouwen.
Sierlik wie’t maitydswaar; hat Obe dêr faaks mei anneks west ?
Muze, hear nei myn sang, as ik wer de bard rop ta ’t libben,
troch de kontreien fan Westergoa reizjend, oer diken troch himmen,
oer de Himdyk nei de Nije Syl, dêr’t de geefboude pleatsen
tsjin elkoar oankrûpt binne, wylst Rembrandt yn’t gers sit te mieljen
yn ’e krêft en de fleur fan de dei, dy’t bloeid’ oer de lannen.
Gjin swieter gea as dit maitydske lân mei de klaver syn swietrook !
Under de flagge fan Sina hâlde de reiswein fan Dalstra.
Liuwen stoarren ús oan, mar wienen ferstienne, gelokkich.
En de leaflike loaits fan de tsjinstfammen bêde ús rêstich.
Nektar, ambrosia kaam by de Wok-sinezen fan Bolswert.
Nee, it wie appeltaart, dy liet him ek tige goed smeitsje.
En de kofje wie broud fan it bloed fan de readpelikanen.
En Iemswâlde en Tsjerkwert wienen donaasjes foar d’ eagen.
Koartsluting by Molkwar twong it folk nei de marren fan Warkum.
Troch de foarlêste iistiid en pealwjirmen kaam men yn Hylpen.
Dêr wie ús âlde sprake fergriemd ta in Bokwerter taaltsje.
Yn ’e Wynberch gjin drip fan de geastbedwelmjende wyndrank,
tawijd oan rûzige Bacchus, mar ’t gastmiel sêde de magen.
Wol krigen wij in groetnis, net fan de siter, mar brassband.
Ek ha wy sjoen de skimen fan ’t glânzige ryk fan de T-Ford.
Kalm rieden wy foarby oan de sierlike skierstins fan Schakel.
Ha jimme ek by Gaast de bochtige seedyk oanskôge?
Ha jim de skippen ek sjoen dy’t sylden fier oan de kimen?
Of ek ús Costa del Sol: de Holle Poarte fan Makkum,
deun by it strân fan de see mei de blakstille spegel fan weagen ?
Ha jim ek mei ús west op’e terpen fan Achlum en Hitsum ?
Jim binne kundich fansels fan de hoedzjende Penjumer Halsbân ?
Ha jim te Tsjom by de toer west mei’t swiid eachweid oer de fjilden
en yn it grienjende gea fan it heimige buordsje fan Tolsum,
‘t kleare bewiis fan ús feetylt en hannel mei’t folk fan it Suden.
No ha guon learden de runen fertrap’ yn de sompe fan witnis!
Grif ha jim west te Frjentsjer mei stêdhûs en d’ âld Akadeemje
fan it heechlearde skaai fan de learden fan kennis en leauwe.
Ha jim it wrâldwide wûnder ek sjoen fan wolkammer Eise,
dy’t yn syn hûs it hielal omfieme mei talleaze stjerren?
Ha jim it sljochte folk ek wrotten sjoen yn har arbeid?
Dan ha jim skôge mei blidens de wide lannen fan Fryslân,
Want mei har âld berin binne hja jim jimmeroan hiem bleaun.
Jim ha de snaren wol triljen field fan de siele fan Fryslân.

Klaas fan Easterein.
Hjoed, sneon 23 maaie 2009, t.g.f. de Obe Postma-reis.

Willem Abma, lykas alle oaren, wie efkes stil nei dizze master op it mêd fan Homeryske heksameters. Lykwols, hy woe reagearje en op de efterside fan (wat like) in sigarekistke dichtte hy:

Op Klaas Bruinsma

Wy harken ûnder it kostlik miel
Op dizze skoandere Obe Postma -dei
Nei it homearysk heldendicht fan Klaas
Dat ús bedielde mei syn pronk en priel
’t Omsittend laach fol bewûndering sei:
Nim dizze man tenei elk jier doch mei,
Ferneamd set er in oar syn fersen oer,
Mar mear noch is er sels it dichtsjen baas.

Obe Postma-reiske 23 maaie 2009

Om op Postma en it lânskip werom te kommen: neffens Breuker wie it gedicht Snein-te-middei (1922), neist wat oare gedichten út dat jier, it earste wêr’t it de skiednis fan it lânskip is dat it wjerfarren bepaalt. Postma’s argyfûndersyk hie Postma dêr gefoelich foar makke. Dêrtroch kin er yn it besteande it âlde werkenne en dêrmei it bliuwende en gelikense. It spilet yn Grinslân, Postma is op wei nei Wierum. Hy sjocht de pleats, it âlde stee, it hôf en it fjild en hy ken de eardere bewenners, want yn argiven hat er har nammen fûn. No kin it lân dêre him eigen wurde, lykas Fryslân fanâlds al west hat. De libbensstream, it bliuwende dat trochgiet en belibbe wurdt, ferbynt de dream fan de dichter en it aktive belibjen fan de jeugd. It gedicht De Lodde (1923) giet oer it bliuwende nut fan it lânwurk. Wat mar in ienfâldich stik ark liket, wurdt, sa skriuwt Breuker, betwinger fan de krêft fan natuer. De lodde, mear as ien kear maat en freon neamd, is mar de tsjinner fan him dy’t it stik ark brûkt. Dy mei dan weireitsje, hy hat dien wat dien wurde moast. It binne deselde wurden dy’t Postma op it alderlêst fan syn libben oer himsels notearre: ‘Mar ik haw dien hwat moast.’ Dat siet him heech. Al yn it gedicht Hjerst fan 1903 hjit it: (myn ferlangst is) ’sûnder print fan died net út it wurk te gean’ en yn It wurk fan 1912 hat er it oer minsken dy’t fan har dwaan in print hjir efter litte wolle.
Wat it lânskip oanbelanget, yn it gedicht Lyk as yn jonge tiid (1924) wurdt werom grypt op wat Postma en syn eardere skoalmaster Hellinga yn 1891 op in lange kuier sjoen en belibbe hawwe. De reis sil gongen wêze oer Ingwier, de Wûnser Wearen en troch de Makkumermar. It doarp is Allingawier. It gedicht is makke op it ferstjerren fan Hellinga.

Sicht op de Makkumerwaard
Sicht op de Makkumerwaard

LYK AS YN JONGE TIID (1924)
Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins,
Troch ’t simmersk lân, mei âld’re trouwe freon,
Sa wêze, maten, jimme reis mei my;
Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun.

Hoe gûnen wy  – wie ’t jimmer sinne en ljocht?
Mei flugge stap de blide lannen yn!
De frjemde paden brochten wûnd’re njû,
De geaën leinen yn in nije skyn!

O ’t binnenpaad de blanke finne troch!
Gjin swieter stee as dêr’t de klaver rûkt;
Hjir oer in hout, dan wer in foarhaad lâns;
O, hoe’t ús  – bern  – dochs jimmer wiksel lûkt!

Koesto dat doarp? Sjochst hoe ’t om hege terp
De feart him slingert? ’t Hiem nei ’t wetter ta,
De huzen stean yn ’t rûn; op heechste kling
Leit frij it hôf; de winen sprekke ‘r sa!

Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien,
De âlde ruten jouwe lytse dei;
Mar wite râne siert de muorren op,
En ek foar hûs d’ abeeljen pronkje ‘r mei.

Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet;
Oer har binn’ ropp’ge stoarmen gien,
Mar sterk haww’ hja de earmen bûgd
En hjerstmis as in kening stien.

 – O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht
Nei ’t lêste stee; en wat ik sjong is wei,
Of hast fergûn  – o ûnbegryplik eat!
Ferstoarn, fergûn en dochs yn ljochte dei!

Yn de neimiddei teagen wy troch Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Siebren van der Zwaag betanke Meindert Schroor, Aly van der Mark, Philippus Breuker, Hylkje de Jong en, net yn ’t lêste plak, de man, dy’t de heksameters fan Homerus fol taspilngen op rigels fan Postma oersette nei it Obe Postma-reiske, te witten Klaas Bruinsma. Takomme jier stiet it reiske yn it teken fan de besibbens tusken Jan Jacob Slauerhof en Obe Postma. Ek Jorwert sille wy dan oandwaan!

 

Dielnimmers oan it reiske by Gaast op ´e seedyk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *