OP Rige 3: Emily Dickinson-bondel

Yn novimber 2008 waard in stúdzjedei troch it Obe Postma Selskip organisearre. It tema wie diskear de dichteres Emily Dickinson. Seis sprekkers beljochten ferskate fasetten fan libben en wurk fan har. Fiif fan de seis lêzingen binne opnaam yn it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’. Dit boek ferskynde yn juny 2009 by de Friese Pers Boekerij yn de Obe Postma-Rige (no. 3).

Affiche DickinsonYn novimber 2008 waard in stúdzjedei troch it Obe Postma Selskip organisearre. It tema wie diskear de dichteres Emily Dickinson. Seis sprekkers beljochten ferskate fasetten fan libben en wurk fan har. Sa makke Marian de Vooght ús dielgenoat fan ‘De ontvangst van Emily Dickinson in Nederland en Vlaanderen’. Odile Heijnders makke in fergeliking tusken twa dichteressen ûnder de titel: ‘Thuis is waar u bent, Een lectuur van Dickinson en Hadewijch’. De ferneamde fertaler Peter Verstegen liet syn ljocht skine oer ‘De mannen van Emily Dickinson’, wylst de âld-Dokkumer Harry Bekkering in lêzing hâlde oer ‘Vestdijks poëticale visie op de poëzie van Emily Dickinson’. Albertina Soepboer, ta beslút, spruts oer de relaasje Obe Postma tsjinoer Emily Dickinson; har bydrage hie as titel ‘Dêrfoar moat ik nei de bijen fan Emily Dickinson ta. Over Obe Postma en Emily Dickinson.’ Fiif fan de seis lêzingen binne opnaam yn it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’. Dit boek ferskynt by de Friese Pers Boekerij yn de Obe Postma-Rige (no. 3). De bydrage fan Odile Heynders wie al ferskynd yn it tiidskrift Parmentier en kaam om dy reden net yn oanmerking om yn it boek opnommen te wurden. Yn har plak hat ûnderskreaune in haadstik bydroegen; de titel dêrfan is ‘Finite infinity’.

Elly de WaardOp tongersdei 25 juny 2009 (Boekhannel Van der Velde te Ljouwert, 16.00 oere oant 18.00 oere) waard it earste eksimplaar fan it boek yn in feestlike gearkomste oanbean oan de dichter, resensint, popkritikus en fertaalster Elly de Waard (1940). Har foto stiet hjirneist. Sy debutearre as dichter op 38-jierrige leeftiid mei de bondel Afstand (1978). Se makke har sterk foar de froulike stim yn de poëzij mei ‘De nieuwe wilden’ en ûntslúte  de lesbyske erotyk yn gedichten mei eksplisyt, lyrysk taalgebrûk. Se wie mei-oprjochter fan de Anna Bijns Priis, dy’t twajierliks útrikt wurdt. Elly de Waard libbe tolve jier tegearre mei de dichter Chris van Geel (1917-1974), earst yn Groet en letter yn ’t Vogelwater yn Castricum, wêr’t se noch altyd wennet. In protte fan har gedichten gean oer it froulik lichum, sintúchlike erfaringen en de natuur. Har taal is tagonklik, konkreet en barok, wêrby archaïsmen en útroppen net skoud wurde. Ta har foarbylden rekkenet se J.H. Leopold, Vasalis, Sappho en ek Emily Dickinson.

(Klik op it plaatsje fan it affysje foar in grutter byld)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *