Logo

Aktiviteiten

  1. Oanbieding fan 'De dichters en de filosofen. Wijsgerige aspecten van de poëzie in Nederland rond 1900'.

    Lyk as jo mooglik witte, hat it Obe Postma Selskip op 16 novimber 2007 yn Tresoar in stúdzjedei oer "Wijsgerige aspecten van de poëzie rondom 1900" organisearre. Yn folchoarder kamen Albert Verwey, Henriëtte Roland Holst, P. C. Boutens, Leopold, Obe Postma en J. A. Dèr Mouw oan de oarder. De seis foardrachten binne, fersjoen fan in ynlieding fan de redakteuren Philippus Breuker en Jan Gulmans, yn in boek opnaam. Dit boek, it earste fan de Obe Postma Rige, wurdt útjûn troch de Friese Pers Boekerij te Ljouwert. Op woansdei 16 april 2008 wurdt om 16.30 by Boekhandel Van der Velde te Ljouwert, ynrin om 16.00 oere, it earste eksimplaar fan dat boek útrikt oan Dr. Anneke Reitsma út Skuzum. Nei de oerhandiging fan it earste eksimplaar fan it neamde boek troch de skriuwer fan it Obe Postma Selskip sil mefr. Reitsma - lid fan it Obe Postma Selskip - in foardracht hâlde oer 'Van prunusboom tot zwanenvlucht - de natuur als inspiratiebron bij Ida Gerhardt en Obe Postma'. Ut namme fan it bestjoer fan it it Obe Postma Selskip ha ik it genoegen jo foar dizze gearkomste út te noegjen. Nei de foardracht fan mefr. Reitsma kinne wy -- by in drankje en in hapke-noch wat meiinoar prate. Jo moatte jo wol efkes per e-mail of skriftlik by de skriuwer opjaan foar dizze feestlike gearkomste. Net alle leden is plak foar en as der bûten de oanmeldingen noch plak oerbliuwt, kinne ek net-leden in plak krije.

  2. Reiske 'Koarnwert en omkriten'

    Op 24 maaie 2008 organisearret it Obe Postma Selskip syn jierlikse reiske. It reiske giet dit jier by plakken oan de Fryske kust lâns dêr't Postma syn gedichten op slane. Dat binne Harns (kofje), Skraard, Makkum, Piaam (middeisbrochje), Koarnwert, Surch (tee) en Peinjum. De kosten binne 35,00 foar leden, net-leden 40,00 Euro. Om 10 oere moarns wurde de dielnimmers ferwachte by/tsjinoer it NS-stasjon te Ljouwert en om healwei seizen set de bus de dielnimmers dêr ek wer ôf. Yn it april-nûmer fan 'Wjerklank' wurdt in beskriuwing - fan de hân fan Philippus Breuker-- opnaam fan de plakken en gedichten, dy't op dy dei sintraal stean. 

  3. Utfiering fan it "Mingd Koar" fan Grou

    It Obe Postma Selskip wol de leden ek attint meitsje op it konsert fan it "Mingd Koar" fan Grou op 30 maart 2008, yn de Sint Pitertsjerke te Grou. Dêr wurde de ûndersteande lieten fan Postma útfierd. Oan 'e fleugel Oeds Wijnsma. Der binne twa optredens: om 14.30 en 16.30 oere. Priis ¤ 10,00; Foarferkeap by de VVV yn Grou (sneons ticht).

    Fan Frank van Nimwegen:
    "Bern fan 'e ierde" mei de fersen:
    Yn maart
    Op de lêste dei fan Novimber
    It liet
    De dream fan in lokkich libben
    't Hat west, it is

    Fan Jan de Jong:
    "Alde bylden winke" mei de fersen:
    Yn 'e foarsimmer
    Yn 'e ûngetiid
    By it kij-opheljen
    Simmers-ein
    Slotsang

    Fan Pieter Bakker:
    Op 'e suderdyk by Makkum
    De sopraan Tetsje van der Kooi sil fan Paulus Folkertsma sjonge (noch net wis):
    Yn it iere foarjier
    't Wie snein
    Maitiid

    En fan Theo Lambooij:
    Fan it libben
Publisearre 18 maart 2008



Werom nei haadside