Logo

Wat docht de Stichting?

Ut de rűnte fan it Obe Postma Selskip is op 4 oktober 2006 de Obe Postma Stichting yn it libben roppen. It wichtichste doel fan de Stichting is it garjen en sparjen fan finansjele middels foar it Selskip. It bestjoer fan de Stichting -mei as foarsitter drs. Th.R. Piersma fan Wytmarsum- wol besykje op koarte termyn oer in startkapitaal te beskikken om it Selskip finansjeel op gleed te helpen, de organisaasje fan grutte projekten lykas it Kongres op 16 novimber mooglik te meitsjen en om mei in blęd ('Wjerklank') en yn de media omtinken foar it Selskip en syn aktiviteiten te freegjen.

Fansels is ek foar plannen yn de kommende jierren jild nedich. Dęrom sille de Provinsje, Fryske fűnsen en kulturele stichtingen frege wurde om subsydzje. Mar it bestjoer fan de Obe Postma Stichting docht ek in minlik fersyk oan alle leafhawwers fan Obe Postma syn wurk en oan wa't niget ha oan Fryslân en de Fryske kultuer om de Stichting te stypjen.Want hoe mear jild de Stichting oer beskikt, nammerste mear kin it Selskip út de wei sette. Alle bydragen oan de Stichting jilde de fiskale ôftrekregels foar. It gironűmer fan de Obe Postma Stichting is : Friesland Bank 29.60.74.977, op namme fan de ponghâlder P. van Tuinen inz. Obe Postma, Noorderhaven 87, 8861 AM Harns. De ponghâlder is graach ree om taljochting te jaan of op fragen yn te gean, till. 0517-433444 of e-mail: klik hjir.
Publisearre 8 maaie 2007


Werom nei haadside