Logo

Utnoeging 19-11-2006

Ljouwert, oktober 2006

L.S.,

Yn it parseberjocht, dat wy mei dizze útnoeging meistjoere, kinne jo ien en oar lêze oer it koartlyn oprjochte Obe Postma Selskip. Jo krije dit skriuwen op grûn fan ús kunde oan jo of jo wurk en omdat wy hoopje, dat jo ek belangstelling hawwe foar Obe Postma en syn wurk.

Op snein 19 novimber 2006, de middeis om 14.00 oere is der yn de tsjerke fan Koarnwert gelegenheid om wat mear gewaar te wurden oer it Obe Postma Selskip en de plannen fan it bestjoer. Op de wurklist stiet - nei in presintaasje fan de bestjoersleden - in lêzing fan Tineke Steenmeijer-Wielenga dy't wat fertelle sil oer har wurk oan de biografy fan Postma, in boek dêr't hja oer in jiermannich op hopet te promovearjen by prof. dr. Philippus Breuker.
Under de titel 'dr. Obe Postma - mear as in Fryske dichter' sketst hja wat har as meast gaadlike libbensbeskriuwing foar eagen stiet en jout hja in oersjoch fan it materiaal dat har ta boarne tsjinje kin. Fierder behannelet hja fragen en problemen dêr't hja by it ûndersyk op stuitet. De gearkomste, dy't dochs al wat spesjaals hat, omdat it de earste fan it Obe Postma Selskip is en er yn de tsjerke fan Postma syn berteplak hâlden wurdt, sil in ekstra feestlik karakter krije troch de útfiering fan fersen fan de dichter op muzyk set troch ferskate komponisten.

Wy noegje jo fan herten út om dizze Postma-middei yn Koarnwert by te wenjen!

Fansels hat ús Obe Postma Selskip ferlet fan leden. As jo jo oanmelde, betelje jo 17,50 Euro foar it lidmaatskip yn 2006 en 2007. Jo meie dan de gearkomste op 19 novimber fergees bywenje. Mar jo kinne ek allinich de gearkomste op 19 novimber bywenje (yntreejild 10 Euro). Leden en net- leden krije gratis kofje/thee oanbean. Wy hoopje fan herten jo yn Koarnwert te moetsjen op 19 novimber!

Mei freonlike groetenis, út namme fan it bestjoer fan it Obe Postma Selskip,

Jan Gulmans, skriuwer



Oanmeldingsformulier        (oankruse wat fan tapassing is)
Namme:.....................................................................
Adres:.....................................................................
Postkoade en wenplak:.....................................................................
Hantekening:.....................................................................

  • (1) Lidmaatskip Obe Postma Selskip
    (à 17,50 Euro; tagong gearkomste op 19/11/06 fergees)
  • (2) Gearkomste Obe Postma Selskip te Koarnwert (19/11/06) (oantal minsken: ....)
    (yntreejild 10 Euro)


Wy fersykje jo dizze stripe foar 15 novimber werom te stjoeren nei de skriuwer fan it bestjoer dr. Jan Gulmans, Wagnerlaan 7 7522 KH Enschede.

Publisearre: 1 novimber 2006


Werom nei haadside