Logo

Ynhâld en opset 'Wjerklank', bulletin fan it Obe Postma Selskip


Wjerklank 1Wjerklank 2Wjerklank 3Wjerklank 4Wjerklank 55

It earste nűmer fan 'Wjerklank' (april 2007) Jo kinne it hiele nűmer ophelje (2,1 Mb, PDF-bestân, nedich Adobe Acrobat Reader) en op jo kompjűter lęze.

It twadde nűmer fan 'Wjerklank' (oktober 2007) kinne jo ek ophelje (1,7 Mb, PDF-bestân) en op jo kompjűter lęze.

It tredde nűmer fan 'Wjerklank' (maaie 2008) kinne jo ek ophelje (5,4 Mb, PDF-bestân) en op jo kompjűter lęze.

It fjirde nűmer fan 'Wjerklank' (oktober 2008) kinne jo ek ophelje (656 Kb, PDF-bestân) en op jo kompjűter lęze.

It fyfde nûmer fan 'Wjerklank' (maitiid 2009) kinne jo ek ophelje (21,2 Mb, PDF-bestân) en op jo kompjûter lêze.


'Wjerklank' is it tiidskrift, dat it Obe Postma Selskip twa kear jiers útjout foar syn leden/ stipers, as tsjinprestaasje foar harren jierlikse bydrage fan ¤ 17,50. De redaksje is yn hannen fan Philippus Breuker en Jan Gulmans. De lęste is ek redaksjesekretaris (E-mail: klik hjir). Mei 'Wjerklank' jout it Obe Postma Selskip ynformaasje oer de fuortgong fan aktiviteiten, projekten en publikaasjes, mar ek oare nijtsjes oer it wjerfarren fan it Obe Postma Selskip krije der in plak yn.

Fersyk om ynstjoeringen:

leden fan it Selskip en oare ynteressearre lęzers wurde útnoege om, yn gefal sy in artikel bydrage wolle oan 'Wjerklank', kontakt op te nimmen mei de redaksjesekretaris (sjoch boppe).

Wat fine jo yn in nűmer fan 'Wjerklank' ?

Nijs oer it űndersyk oangeande it oeuvre fan Obe Postma:

  • beskriuwingen fan űndersyksaktiviteiten;

  • fuortgongsmeldingen;

  • foarstellen fan (nij) űndersiik op it męd fan filosofy, poëtika, skiednis, natuerwittenskip, foarsafier relevant foar de Postma-stúdzje.

Nijs oer boeken:

  • oankundigingen fan boeken, skripsjes en rapporten oangeande Postma en/of syn tiidgenoaten.

Nijs oer eveneminten:

  • oankundigingen fan lęzingen, stúdzjedagen en kongressen oangeande Postma-stúdzje;

  • ferslaggen fan eveneminten, foarsafier relevant foar Postma-leafhawwers en -kenners.

Fierders:

  • nijsgjirrige fynsten en opfallende útspraken;

  • saaklik-organisatoarysk nijs, personalia;

  • rubryk 'oare tiidskriften': nijtsjes fan oare, fakentiid oan it Obe Postma Selskip besibbe ynstellingen.

Jan Gulmans, redaksjesekretaris 'Wjerklank'
Publisearre: 27 jannewaris 2007/13 april 2007/5 novimber 2007


Werom nei haadside