Twadde stúdzjedei Obe Postma Selskip op 21 novimber 2008 yn Tresoar te LjouwertIt Obe Postma Selskip organisearret alle jierren in stúdzjedei op in tema dat mei it oeuvre fan de Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963) te krijen hat. Foar it twadde symposium is ‘Emily Dickinson’ as ûnderwerp keazen. Dy Amerikaanske dichteresse, dy’t fan 1830 oant 1886 yn Amherst (Massachusetts) libbe, hat earst nei har dea bekendheid krigen. De Nederlânske lêzers binne mei har en har wurk yn ’e kunde kommen troch in essee fan Simon Vestdijk dat opnommen waard yn de bondel Lier en Lancet út 1939. Obe Postma hat foar it earst yn 1940 yn It Heitelân oersettingen publisearre fan fersen fan Dickinson; de lêste fan de tolve fertalingen dy’t er makke hat, stiene yn 1954 yn De Tsjerne. Tusken de lêzingen troch wurde - behalve Postma syn oersetting fan Dickinson har ferneamde gedicht - nije Fryske fertalingen foarlêzen fan ‘Because I could not stop for Death’. It Obe Postma Selskip jout ta gelegenheid fan de stúdzjedei in bondeltsje út mei nije oersettingen fan Willem Abma, Atze Bosch, Klaas Bruinsma, Anne Feddema, Eeltsje Hettinga, Eric Hoekstra, Geart van der Meer, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas, Abe de Vries en Harmen Wind. Utsoarte wurde dêryn ek Postma syn fertaling en de al earder makke oersetting fan Klaas van der Hoek opnommen. Philippus Breuker skreau in neiwurd wylst bestjoerslid Hylkje de Jong foar in tajefte soarge. It boekje ferskynt meikoarten ûnder de titel Omt ik foar Dea net stilstean koe (Because I could not stop for Death fan Emily Dickinson yn trettjin Fryske oersettingen en in tajefte). It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar rjochtet yn it ramt fan de twadde stúdzjedei fan it Obe Postma Selskip in lytse útstalling yn oer Emily Dickinson. Twadde stúdzjedei Obe Postma Selskip. Publisearre: 9 september 2008 |