Logo

Muzyk en sang Joop Verbeke

Joop Verbeke Under de komposysjes op gedichten fan Postma rinne dy fan Joop Verbeke derút. Verbeke (Ljouwert 1930-1997) wie fan syn fak learaar Dútsk en skei- en natuerkunde, mar hat dêrneist ek altyd jazz-pianist west en sels muzyk makke. Nei de HBS hat er earst in skoft rûnom yn it noarden spile, mar ek wol foar de Amerikaanske soldaten yn Garmisch-Partenkirchen. Ear't er in eigen kombo foarme, wie er pianist by it Dûnsorkest Martin Vijver en pianist en komponist by it Selskip fan Rients Gratama en it Selskip Leo en Leny Dykstra. Ek hat er pianist en letter ek noch in pear jier dirigint fan de 'Big Band Leeuwarden 1973' fan Jelle Buising west. Stadichoan hie er ûntdutsen dat syn hert útgong nei it komponearjen op gedichten. Dy gedichten socht er sels út, soms mei syn freon Jan Bylsma. Dizzen fan Postma hat er yn de jierren santich op muzyk set. Behalve Dit folk binne fan him ek ferskynd Poezie-album en Where I am going, dat lêste mei sang fan de jazz-sjongeres Elly May.

Op Dit folk steane neist lieten op gedichten fan oaren fiif fan Postma. Wy hawwe twa útsocht. Verbeke sjongt se sels. Hy spilet piano, syn broer Harry Verbeke as gast tenoarsaksofoan, Jan van Batenburg drums, Karst de Groot gitaar en Sjoerd van der Wal basgitaar. Opnametechnyk en miksaasje binne respektivelik fan Toine Mertens en Cees Bylstra. Dit folk hat de iennichste plaat west dy't Lykle Jansma útbrocht hat.

Wy tankje Sjoerd Osinga foar de tip en foar it omsetten fan de plaat. En wy binne der bliid mei dat Wiep Verbeke en Foppe Jansma ús tastimming jûn hawwe om de lieten op it webstee fan it Obe Postma Selskip te setten.

De lieten binne (klik op de namme om te hearen):

In hjerstdei (SF 24)
It wie in dei fan reinen (SF 25)

Publisearre 29 maart 2008


Werom nei haadside