Grinslān-reiske fan it Obe Postma Selskip op sneon 2 junyAchte leden fan it Obe Postma Selskip, Sa as jim witte, hat Obe Postma in hiele tiid - fan 1894 oant 1934 - yn de stźd Grins wenne en wurke. Yn it aprilnūmer fan it blźd fan it Obe Postma Selskip - 'Wjerklank' - sil Philippus Breuker oer dy Grinzer perioade wat mear fertelle. Hy giet yn dat ramt ek yn op de gedichten fan Postma, dy't reminisinsjes ha oan dy Grinzer perioade. It like it bestjoer fan it Obe Postma Selskip in aardich idee ta, om mei jim as leden fan dat Selskip - ūnder lieding fan Philippus Breuker - in Grinslān-reiske te meitsjen. Dat sil wźze op sneon 2 juny 2007. Wy stelle śs dźrby foar, dat wy (in oantal fan) dy plakken oandogge dy't yn it wurk of libben fan Postma relevant binne. Aly van der Mark draacht gedichten fan Postma by dy plakken foar. Wy begjinne, nei't wy yn Ljouwert om tsien oere ōfstutsen binne mei in bus fan de firma Dalstra en fia Drachten nei Grins tein binne, yn dy stźd mei in kop kofje earne yn de buert fan it Noarderplantsoen, dźr't de ryks-hbs net fier fan ōf is. Dźr wurke Postma, sa't jim witte. Dan geane wy nei it Hoarnse Djip en dźr brūke wy yn it Elanderhūs ek de lunch. Oer Leegkerk, Oostum en Wierum geane wy de middeis dan nei Franssum en Helwerd by Usquert. Underweis stekke wy even oan foar in kop tee. En dźrnei dus wer oer Drachten nei Ljouwert. As jo meidwaan wolle op sneon 2 juny, dan is it folgjende fan belang: it reiske nei Grinslān duorret fan 9.30 oere oant (uterlik) 18.30 oere. Wy stappe om 10.00 oere te Ljouwert op de bus fan Dalstra by de saneamde Aegon-halte (dy halte leit tsjinoer it stasjon fan de NS te Ljouwert). Op dy halte komme wy dy jūns ek wer oan. De kosten - ynklusyf lunch en kofje/tee - binne maksimaal € 35 per persoan; de definitive priis is ōfhinklik fan it oantal dielnimmers. It maksimum oantal dielnimmers is fyftich. Yn prinsipe is it in reiske foar de leden fan it Obe Postma Selskip; foarsafier't der plak is, is it mooglik dat - yn oerlis mei de skriuwer - ek oaren meigean. Leden, dat sil dśdlik wźze, ha foarrang. Net-leden betelje € 5 mear as leden. It gehiel stiet, as al earder opmurken, ūnder lieding fan Philippus Breuker. Hy sil in taljochting jaan, ek op de gedichten, dy't oan it 'Grinslān fan Postma' referearje. As jo meidwaan wolle oan it reiske, dan moatte jo dat skriftlik of per e-mail foar 15 april 2007 oan my meidiele. Adres en e-mail steane hjirūnder oanjūn. Der wurdt fan jo ferwachte, dat jo de € 35 (net-leden € 40) oan kosten, dy't oan it reiske ferbūn binne, uterlik foar 15 maaie oermakke ha oan it Obe Postma Selskip, ABN-AMRO no. 43 74 43 620 te Enschede. Mei hertlike groetnis, Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip PS. Wolle jo, foarsafier't jo dźroer beskikke, oan my trochjaan hokker e-mailadres jo hawwe ? Dat makket de kommunikaasje makliker ! Dr. J. GulmansWagnerlaan 7 7522 KH Enschede Tel.: 053-4345511 E-mail: Klik hjir!Publisearre: 6 maart 2007Werom nei haadside |