O Grinzerlān, do fryske gea, hoe leist yn swiidste simmerpracht!Ympresjes oangeande it Grinslān-reiske
Al rillegau nei de earste gearkomste fan it Obe Postma Selskip yn novimber 2006 te Koarnwert waard dśdlik, dat it Selskip doel hie op in Grinslān-reiske, dat wol sizze in reiske troch Grins en omkriten lāns dy plakken, dy't yn it wurk fan Obe Postma op likefolle hokker wize omtinken krigen ha. Under lieding fan Philippus Breuker - dy't yn it earste nūmer fan 'Wjerklank' in beskriuwing fan it Grinslān-reiske bean hat - waard de tarieding fan it reiske oanfongen. Op sneon 2 juny fan dit jier wie it safier. Net minder as 38 minsken hiene harren oanmeld foar it reiske. Om tsien oere stuts de bus fan de firma Dalstra śt Surhśsterfean ōf. Fia Drachten kamen we - neidat śs foarsitter Siebren van der Zwaag de dielnimmers hertlik wolkom hjitten hie en derop wiisd hie, dat it Selskip sa'n hūndert leden hat - yn it sintrum fan Grins śt. Dźr die Breuker śs witten - steande foar it hūs Oude Boteringestraat 21 - dat Postma dźr op keamers wenne hat en dat hy dźr mei syn freon Tjitze de Boer yngeande gesprekken hān hat oer filosofy, skiednis en mooglik ek oer poėzij... It gedicht Yn Grinslān (SF 400, 1962) begjint net tafallich mei: 'Sa'n fjirtich jier haw ik yn Grinslān tahālden, Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht'. Dy fjirtich jier slane op de perioade 1894 oant 1934, it jier dat Postma mei syn suster nei Ljouwert teach. Wy seagen de āld-HBS, wźr't Postma dy fjirtich jier learaar west hat. It gedicht Tebinnenbringen fan in āld skoalmaster (SF 398, 1962), dat foardroegen waard yn de bus foar de Rijks-hbs yn de Grutte Krśsstrjitte, slacht op dy fase fan syn libbensrin tebek en śt dat gedicht, dat krekt as in grut oantal (15) oare gedichten treflik troch Aly van der Mark foardroegen waard, docht bliken, dat hy heel wol by dy grinzer en drintse jonges syn freonen hie. Bygelyks Eije Wiersema śt Skouwersyl (1896-1921), waans 'strieljende laits' neffens Breuker mooglik ferwiist nei it Platoonske diel hawwen oan it goddelik ljocht. De lunch waard brūkt yn it Elanderhūs by it Hoarnse Djip. Yn de bus dźrhinne hearden wy Strjitliet (SF 80) en Myn hūs (SF 89) en oan it Hoarnse Djip waarden Romantyk (SF 144) en De Kuier (SF 177) foardroegen... Strjitliet docht tinken oan de Mei fan Gorter; dream en liet befrije. Ut it gedicht sprekt in langst nei frijheid, natuer en Fryske folk. Myn hūs komt werom op de 'sill'ge pinksterdei', krekt as yn Pinkstersnein (SF 15, 1901) de dei werop 't it heechste lok op de dichter saaid is en de himmel iepen gien is. Ek Romantyk docht oan Gorter tinken (yn it griene skimer: de avond aamt nu haar goudgroene licht). It waar wie ūndertusken prachtich en der wie folop gelegenheid foar de dielnimmers inoar neier kinnen te learen en de Postma-lźserfarings śt te wikseljen... Nei de lunch gyng de reis nei Leegkerk. Dźr droech Aly van der Mark uteraard By Leegkerk (SF 146) foar. Breuker gyng yn syn taljochting ūnder mear yn op it feit, dat neffens Postma de siel him śtjout yn romte (natuer) en tiid ('t āld geslacht) en, ten twadde, wat de ierde belibje foar Postma ynhāldt. Breuker ferwiisde nei it krekt ferskynde boek fan de skiednisfilosoof Frank Ankersmit oer de sublime histoaryske erfaring. Wy rieden by tsjerke en pleats Gravenburg lāns, fia Dorkwerd mei yn 'e fierte Oostum, Wierumerschouw en Wierum. 'Mar haww' jimm' ek stien te Oostum, Of te Wierum op't heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm' hinne' (Fan it Fryske lān, SF 235). Uteraard gyngen we ek nei Fransum - sjoch it gedicht yn 'Fan wjerklank en bisinnen' - en dank sy Breuker syn yngeande taljochting witte we no ūnder mear, wa't de 'Dōfhūdige Saksyske āld-man' is, werfan 't yn dat gedicht sprake is (Ter Laan). By Wierum waarden noch Sneintemiddei (SF 145) en Pinkster (SF 202) foardroegen. Op it hōf te Saaksum (by it grźf fan C. O. Jellema) droeg Aly van der Mark it oandwaanlike gedicht De ierde nei (SF 170) foar. Oandwaanlik troch 'it wiete gers' dat śs tinken docht oan 'ik rūn troch 't gers... ik wie in bern/Gods ierde nei' śt Dei yn desimber (SF 179); mar ek fanwege it 'oerbyld' werfan 't yn dit gedicht sprake is, it oerbyld dat troch Plato lyk steld wurdt oan de Idee. Yn 'e bus op wei nei Helwerd waard Grutter Fryslān (SF 228) foardroegen, it gedicht mei de ūnferjitlike rigel 'Mar tichter by sjoch ik in lān, sa uzes lyk as ea ien wie'. Ek de Heliand kaam op it aljemint, wylst ōfsluten waard mei Unlijige snein (SF 206), wat neffens Breuker reminisinsjes hat oan Narrenwijsheid fan Van Schagen. Op wei nei Ljouwert kaam ta ferrassing fan allegearre Willem Abma, neidat er it bestjoer bedankt hie, mei in limmerik, dy't as folget gie:
In hazze yn Frānsum op 'e preekstoelpreke oant er der dea by delfoel lykwols, hy joech it net oer want nei't syn wurd yn 't tsjerkje net mear klonk wie it syn lichum dat d' ieuwen troch stonk. Dy limmerik waard och sa wurdearre en ek dźrom koe de foarsitter tebek sjen op in yn alle opsichten tige slagge dei. Hy tanke Philippus Breuker foar de taljochting en it gedegen kommintaar op de 16 gedichten. Fierders dankte hy ek Aly van der Mark, dy't fan it Obe Postma Selskip in blomke krige. Siebren van der Zwaag dielde mei, dat dielnimmer dhr. J. Buenk him dy deis opjūn hie as lid; dat wol sizze it hūndertste lid fan it Obe Postma Selskip! Hy kriget ynkoarten in fergees eksimplaar fan de Samle Fersen. Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip Publisearre 25 juny 2007Werom nei haadside |