Nijs fan de StichtingGoed nijs fan it fûnse-front!Alle fûnsen en stichtingen dy't oanskreaun binne en frege om ús aktiviteiten te stypjen hawwe posityf reagearre. Wy binne dêr o sa wiis mei, want sûnder dy bydragen - en it ledejild fansels - is it net mooglik om sa'n prachtich tydskrift en sa'n ryk webstee te meitsjen en kongressen en stúdzjedagen te organisearjen. Dat der safolle leafhawwers binne fan Obe Postma syn poëzij is al bysûnder. En dat behalve ús leden ek de bestjoeren fan 7 provinsjale fûnsen en stichtingen it wurk fan it Obe Postma Selskip sa wichtich fine, soks jout moed foar de takomst. Subsydzje krije wy fan: - de Provinsje Fryslân - de Boersma-Adema Stichting - de Douwe Kalma Stifting - it Tamminga-Piebenga Fûns - de Stichting Woudsend Anno 1816 - het Rabobank Coöperatiefonds NW Fryslân - het Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân It liket derop dat mei help fan dizze stipe it earste jier út it bestean fan it Obe Postma Selskip oer alle boegen posityf ôfsletten wurde kin. Mar nije plannen, lykas beskreaun yn de lêste Wjerklank, freegje in solide strukturele basis en dus op 'e nij om finansjele stipe. Dêrom wurdt elk, lid of noch-net-lid fan it Selskip, lêzer of noch-net lêzer fan Obe Postma, oproppen om by te dragen mei in dofke yn ien kear of op oare wize. De ponghâlder wol graach meitinke oer it hoe en wat. Meikoarten krije wy de saneamde ANBI-status fan in 'algemeen nut beogende instelling' en dat betsjut alle fiskale foardielen foar beide kanten. De bankrekken fan de Obe Postma Stichting is 29.60.75.078 fan de Friesland Bank. Adres ponghâlder: Noorderhaven 87, 8861 AM Harns. Mei jo stipe sil ek 2008 wer in prachtich Obe Postma-jier wurde. Publisearre 26 novimber 2007Foar it garjen fan startkapitaal om de aktiviteiten fan it Selskip finansierje te kinnen binne yntusken guon Fryske Stiftingen, Fûnsen en ynstânsjes frege om subsydzje foar in konkreet projekt, lykas in Wjerklanknûmer of it kongres fan 16 novimber. Der is al ien positive reaksje kommen. De ôfdieling Kultuer, Taal en Underwiis fan de provinsje Fryslân hat in bydrage tasein foar de útjefte fan it earste nûmer fan ús tydskrift Wjerklank. De oare fûnsen sille yn oktober op ús fersyk kedize. Mar ek freonen en leafhawwers fan it wurk fan Obe Postma hawwe reagearre. De earsten dy't ús mei in moai dofke bliid makken binne Anneke en Dick de Vos út Oegstgeest "út wurdearring foar de aktiviteiten fan it Obe Postma Selskip". Wy binne dêr o sa wiis mei fansels. Faaks kin dit oare freonen oantrune om har foarbyld te folgjen. Meie wy op jim rekkenje? Ek jeften yn de foarm fan legaten of oare foarmen fan fiskaal geunstige konstruksjes binne útsoarte tige wolkom. De ponghâlder wol graach oer soks ynformaasje jaan en kreatyf meitinke.Want: wat mear ynkomsten, nammerste mear omtinken foar Obe Postma! Pieter van Tuinen, ponghâlder Obe Postma Stichting Publisearre 12 oktober 2007Werom nei haadside |