Myn moaiste rigels - Willem van Dijk
- In stille herne, wêr de brutsen weagen/ Sêft sljuerkje oer it sljochte strân. (SF 23)
- Hoe protte de klaver de pôle út (SF 28)
- ik tink oan dy wei troch it blommige lân (SF 30)
- ’t fee stiet op ’e stâl en leech/ Is ’t weake lân. By bûthúsdoar leit heech it gers (SF 31)
- ’t Is djirheintiid.Troch it bûthús rattelt lûd it kret,/ In sturttou giselt en mei amers slacht de faam (SF 31)
- En sûnder print fan died net út it wurk te gean (SF 31)
- Dan kreakje op it hiem wer de weinen (SF 33)
- De wjerskyn bliuwt, hoe djip de tiid fersinkt (SF 43)
- Mar ’t wylde fûgelt’ lit wat mear/ As wat op waarme matte fleach (SF 44)
- Fan leechste sinnen komt de djipste fieling (SF 47)
- O, al it minskelibben is myn sin,/ Ik nim it yn my op mei trouwe eagen/ En haw it leaf al wêr’t ik bin (SF 48)
- Hjir stoar hy, earme swalker yn ’e wrâld (SF 52)
- Foldie ’t yn har tsjerke net;/ Hja ferlieten har heite hillich hûs/ Foar in skuorke yn ’e greiden set (SF 62)
- It is wol simmer. Flearehagen/ Mei pronk fan wite rûkers stean (SF 63)
- En troch it lytse finster dûnset/ Yn ’t stof in lichte sinnestriel (SF 63)
- Trêdet oerlangsum it woltierich fee (SF 65)
- Fier haw ik myn dreamen weide/ En de himmel iepen sjoen (SF 87)
- – O, as oer de bleke finne/ Ier de lange skaden rinne/ En dyn ljochten blinke sa! (SF 94)
- Wat stoar giet net ferlern! It wêzen bliuwt/ En libbet bûten tiid (SF 123)
- ’t Wellet op út djippe saden,/ Wûnd’re krêften driuwe sa (SF 124)
- Ik seach de tiden gean,/ En fielde my, fêst oan ‘e grûn,/ As ieuwen oer hjir stean (SF 127)
- Heech rydt de sinne yn syn keningswein (SF 129)
- Dêr haw ik in tôch te dreamen stien (SF 133)
- Dêr heech oer it gea te stean en sjen de lânen oer,/ Hoe komt in machtich fielen by ús op! (SF 161)
- Hja binn’ net bûn/ Oan foarmen fan ien dei (SF 161)
- Har weiden moedsum lutsen by de hichte op,/ Komme op ús ta (SF 162)
- O dit giet bûten tiid! Wy binne diel/ Fan selde wrâld, hoe koe der oars/ Sok fielen troch ús gean?/ Ien siele, ien begryp omfiemt it al (SF 162)
- ’t Koe wêze dat hja spriek wat better wie ferswijd (SF 181)
- En al wat hjir troch bloei en stjerren gong (SF 182)
- En ta it witten fan ’e siele kaam/ Wat ea it weevjen fan de raaien droech (SF 187)
- En út de blanke fierten komme/ De fliten dy’t syn rûzjen lûkt (SF 204)
- Dy’t net lokkich wêze wol sit no yn ’ tsjernherne/ En lústert nei it klappen fan de fjurhoksdoarren (SF 206)
- Ik bin net weinomd yn ‘e opgong en de bloei-aard fan myn wêzen hat him wol iepen dien (SF 232)
- Ik haw har heind en opbrocht nei de sede -/ Dochs oan de kliber net de frije gong ferlern (SF 245)
- Ik sis net: heger as de piramidebou,/ En duorjender as koper sis ik net (SF 254)
- De sinne hâldt syn ljochte himmelgong/ En minskene hert syn wûnderlik begear. (SF 254)
- En siele hat – o dream yn simmerlân -/ Yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn.(SF 254)
- Stranger as do sels hâld ’k each op frjemde knapen. (SF 255)
- ’k Wol sizze : ’k bin fan ’t folts in bern,/ Gjin lid, dat ek betankje kin (SF 269)
- En smert om lytsens kurf syn marken yn (SF 278)
- ’t Wurdt alles wer yn my betocht/ En boppe ierdske delgong brocht (SF 281)
- En yn ’e lege skuorre it touterjend reach (SF 283)
- Of riist dêr noch, yn wramen sûnder ein,/ De libb’ne siele eat fan duorjend ljocht (SF 293)
- As ’k, krêft-ûntbûn, oer ’t lêste weifek gean (SF 298)
- En mear as oantins is de libb’ne die (SF 312)
- Keallen steane by de daam te paizjen (SF 315)
- Sa fêst te hâlden yn ien byld wat wie,/ En mei te bouwen oan in macht’ge stêd,/ Wêr ’t wente hat wat ierdske stalte hie (SF 354)
- Sa koe ût flues fan deisk besinnen/ De siele spinne gouden reaf (SF 366)
- Dat kwea en ûnlok fan ’e siele falt/ En ierd’ en himmel gean yn ’t hillich bûn (SF 113)
- Oant fersinke himmel en ierde./ Dan mei’ de Uneindige riede (SF 247)
Publisearre 18 novimber 2009
Werom nei haadside
|