Myn moaiste rigels - Tineke Steenmeijer-Wielenga
- Want, o wat leafde bynt my
Oan minskene libben fêst, (S20)
- It sieleprint fan moai yn jonkheid garre (S22)
- 't Is djirheintiid (S31)
- Mar myn ferlangst is mear: ik moat de sielen sjen,
De rin fan 't libben en fan minsken al 't bestean.
O, 't folts yn my te witten, dy it kin en draach!
En sûnder print fan died net út it wurk te gean! (S31)
- As er syn dreamen yn fersen stâlt
En dy kinne de fal net krije (S34)
- Strak slút him 't libben yn de pleatsen op (S37)
- De loft is griis fan teare wolkeplommen (S47)
- Wat binn' wy noch de ierde nei! (S47)
- O, al it minskelibben is myn sin, (S48)
- O gouden snein, as 't nei ús tiid fan lins ta rint,
Noch moaier as dy sels! (S55)
- Oer Fryske greiden waait de wyn fan Fryslân; (S65)
- (Dizz' sangen bringe it lok fan blide dagen,)
De tsjust're hawwe sangen net - (S66)
- Hoe fiel ik oan dy greiden my besibbe, (S68)
- Soms komt it oer my as in dream fan lok; (S71)
- Is dichter wêzen oars as 't lok fan 't libben sjen? (S72, of S71, syklus)
- Dit is it suverst lok: de tinzen gean te litten (S73)
- It ljocht it moaist op ierd'? Is is it libben sels, (S74)
- Ut d'ierde opbloeid troch de krêft fan 't ljocht,
Is minske wol fan ierde en ljocht it bern. (S78)
- Want minske' langst kin alles oer; (S80)
- As dit eigen libben bloeide
Nei syn aard, dan is it goed*. (S87)
- In wûnder fielen gong my oan;
Ik seach de tiden gean,
En fielde my, fêst oan 'e grûn
As ieuwen oer hjir stean. (S127)
- Ik wie hast lokkich; (S140)
- Myn dream giet iepen wol op stille paden. (S145)
- De siele jout him út yn romte en tiid (S146)
- Wy gean oer iis nei hûs; (S151)
- En soms effen rêchwipte de auto
As in streakjend poeske. (S166)
- En as de frou er net is dy't it libben tôge,
Sa is er de mem, dy't it jimmer jaan sil, (S167)
- Fêst oan it ferline en it Fryske fielen; (S174)
- Oan 't ein, wy stean en somje en roere net,
Mar haww' gjin kar. (S177)
- Al wat ik skriuw, dat is wier bard. (S180)
- Wat ienkear wie, ferlern mar net fergûn,
Ferskynt yn teare glâns: in blider ding. (S180)
- Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west (S218)
- Ik bin wat in stil en ienselvich persoan (S222)
- ik soe hast mei Fryslân ta kinne as hja dêr wat keareleftiger wienen; (S232)
- Der binne langsten, dy't as wylde fûgels
Flean' út elts hert, dat macht hat ta it liet; (S238)
- Myn lodwurk is in skôgjen en in dream. (S241)
- De apelgloed wêryn ús lusten bieten? (S243)
- De dichters hannen seach ik; hy wie stoarn, (S246)
- it is mei it Frysk wat oars as mei in echte taal; (S250)
- Mar sa'n fers wol nei de minsken ta,
Mei syn glâns, mei syn libben, mei syn sjongers- en dichtersaard; (S259)
- Mar wat west hat is wat oars as wat net west hat. (S265)
- 'k bin fan 't folts in bern,
Gjin lid dat ek betankje kin; (S269)
- Ik bin fan 't lân, fan boere- en doarpster folk, (S283)
- Sa haw ik glâns dy't ljochtsje en hoede kin, (S286)
- O ierde' bloei! O trouste goed! (S287)
- 't Hat west, it is; it stiet beskreaun (S311)
- Tûzen ljochte dagen draach ik mei, (S315)
- Ien mei de Fryske greide bin ik en neat haw ik ynliker leaf hân as dy. (S323)
- Dichten is de siele' boartsjen, (S344)
- It is de skiente net. De âlde dingen binn' 't (S361)
Publisearre 9 july 2007
Werom nei haadside
|